Leidsche Rijn
Leidsche Rijn is in wyk en in nijboulokaasje yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk leit westlik fan it Amsterdam-Rynkanaal en is neamd nei de Leienske Ryn (Nederlânsk: Leidse Rijn of ferâldere: Leidsche Rijn). Westlik fan de wyk leit de wyk Vleuten-De Meern. De wyk hat 42.783 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2021) en is neffens ynwenertal de tredde wyk fan Utert nei Vleuten-De Meern en Noardwest. Mei it úteinsetten fan it bouwen fan de wyk yn de 1990-er jierren en de jierren dêrnei, wie de wyk de grutste Vinex-lokaasje fan Nederlân.
Leidsche Rijn | ||
Lokaasje fan Leidsche Rijn yn de gemeente Utert | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 42.783 (2017)[1] | |
Oerflak | 1126 ha | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 3' 53" NB, 5° 3' 8" EL | |
Offisjele webside | ||
https://www.utrecht.nl/leidsche-rijn/ |
Skiednis
bewurkje seksjeDoe't it nijbouprojekt úteinsette, wie dy ferdield oer de gemeente Utert en buorgemeente Vleuten-De Meern. Op 1 jannewaris 2001 waard Vleuten-De Meern by Utert foege. De gemeenterie en 83% fan de befolking fan Vleuten-De Meern by in referindum wie lykwols op dy anneksaasje tsjin, waard dy gemeente tsjin syn sin dochs by Utert foege. Ek in part fan Nieuwegein westlik fan de A2 waard by Utert foege. De nij keazen gemeenterie fan Utert besleat doe de trije doarpen Vleuten, De Meern en Haarzuilens as offisjele wenplakken fuortbestean te litten. De trije doarpen en it grutte poldergebiet súdlik fan De Meern, Rijnenburg, waarden ûnderbrocht yn de nije wyk Vleuten-De Meern.
By de bou fan de nijboulokaasje waarden der wichtige argeologyske fynsten dien, lykas de âlde romeinske limeswei by de Ryn del en guon âlde skippen dy't troch it sompige gea dêre reedlik goed bewarre bleaun binne.
It gebiet, mei polder Rijnenburg ynbegrepen, is 2500 hektare grut. It projekt wie ornearre foar 30.000 wenten foar 90.000 ynwenners. Yn 2019 waard dat ynwennertal helle, mei 40.000 yn de wyk Leidsche Rijn en 50.000 yn wyk Vleuten-De Meern. Der wurdt ferwachte dat de 100.000 helle wurdt.
Wykyndieling
bewurkje seksjeDe wyk Leidsche Rijn is ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:
- Terwijde, De Wetering
- Bedriuweterrein De Wetering
- Terwijde-West
- Terwijde-East
- Het Zand
- Het Zand-West
- Het Zand-East
- Leidsche Rijn-Sintrum en omkriten
- Leidsche Rijn-Sintrum
- Grauwaart
- Hoge Weide
- Leeuwesteyn
- Parkwijk, Langerak
- Parkwijk-Noard
- Parkwijk-Súd
- Langerak
- Leidsche Rijn-Súd
- Rijnvliet
- Bedriuweterrein Strijkviertel
- Bedriuweterrein Papendorp
Foarsjennings
bewurkje seksjeDer is it Stasjon Utert-Leidsche Rijn. De wyk hat twa winkelsintrums, ien tichteby it stasjon en dy't nei de Binnenstêd it grutste fan de stêd is, en twa buertwinkelsintrums. Ek is der in bioskoop en it Sint-Antonius-sikehûs hat in fêstiging yn Leidsche Rijn.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Wijkrie
- Projekt Leidsche Rijn, gemeente Utert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leidsche Rijn fan Wikimedia Commons. |
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert | ||
---|---|---|
Wiken: Binnenstêd • East (De Uithof) • Leidsche Rijn • West • Overvecht • Súd (Hoograven • Lunetten • Tolsteeg en Rotsoord) • Noardeast • Súdwest (Kanaleneiland) • Noardwest (Zuilen) • Vleuten-De Meern (Rijnenburg) | ||
Doarpen: Haarzuilens • De Meern • Vleuten | ||
Buorskippen: Alendorp • Oudenrijn | ||
· · |