Lânoanmakkerij of ûntginning is it yn kultuer bringen fan woaste grûn (woast lân). Earst wurdt der gewoanwei foar drûchlizzing soarge. At soks needsaaklik is wurde der diken oanlein en folget de einlike ûntginning: it ferneatigjen fan de âlde fegetaasje, it sortearen fan profyllagen en egalisaasje fan minne ûndergrûn. As lêste it regelmjittich ferdielen fan de beskikbere goede grûn.

Fan âlds is der meast oanmakke op it sân (De Wâlden) en it fean (Lege Midden en lâns de Kompanjonsfearten. Nei ± 1880 waarden tûzenen bunders heide oanmakke en in grutte oerflakte feangrûnen, no de feanpolders. De oerflakte woaste grûn is dêrtroch ôfnomd, in diel is ek tige geskikt foar bebosking, natoerreservaar en rekreaasje. Sa skatte it Agrarysk Wolfeartsplan Fryslân dat yn 1957 noch sa'n 4500 bunder woaste grûn neamd wurde kin. it gie dan meast om woaste feangebieten petgatkompleksen út de âlde, min-ofte-mear wylde ferfeantingen yn de Stellingwerven, Haskerlân, It Hearrenfean en Dantumadiel. Foar de Fryske lânbou hat it oanmeitsjen dan net folle belang mear.

Wol fan betsjutting is it oanmeitsjen fan kultuerlân dat eartiids ferkeard oanmakke waard, of sterk ferâldere. Dêrfoar kamen yn Fryslân yn 1957 rûchwei 55.000 ha yn de beneaming, ofwol 20% fan de kultuergrûn. It fannijs oanmeitsjen kin bestean yn egalisearje, brekke en skuorre fan min trochlittende lagen, sortearjen fan lagen ( minne nei ûnderen en goede nei boppe ta wurkje) en út in kombinaasje dêrfan. De grins tusken oanmeitsjen en fannijs oanmeitsjen is lykwols net altyd goed oan te jaan. Yn in kompleks fan petgatten kinne de gatten as goede grûn en de sethagen as minne kultuergrûn opfetten wurde.

Foarbylden fan fannijs oanmeitsjen yn Fryslân: djipspitten fan âlde heideprofilen, fan âlde feangrûnen; ploeien of spitten fan it saneamde skalterfean yn it suden fan it Lege Midden , in plaatfoarmich bulterige en tige drûchtegefoelige steurende laach; sleatdimpen en egalisearjen; djipploeien fan minne knipkaaigrûn ensfh. en fannijs oanmeitsjen kin mei de hân dien wurde of masinaal. It earste is allinnich rendabel yn it ramt fan wurkleazensbestriding. De kosten fan it fannijs oanmeitsjen fariearre sterk, it hinge ôf fan de djipte fan bewurking en de eventuele needsaak fan sortearjen fan de lagen. By it fannijs oanmeitsjen kinne bygelyks wetterbehearsking, ûntsluting en ferkaveling rindabel wurde. It ekonomysk buorkjen wurdt dan ek befoardere.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: