It Merwedekanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsjes Utert en Súd-Hollân. It ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal yn de stêd Utert mei de Boppe-Merwede besuden Gorkum.

Merwedekanaal
Lokaasje fan it Merwedekanaal
Lokaasje fan it Merwedekanaal
geografy
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Súd-Hollân
ûntspringt yn Utert
lokaasje boarne 52° 8' 11" NB, 5° 12' 38" EL
mûnet út yn Boppe-Merwede by Gorkum
lokaasje mûning 51° 50' 30" NB, 5° 0' 0" EL
plakken Utert, Nieuwegein, Fianen, Gorkum

It kanaal rint fan noard nei súd troch of bylâns de plakken Utert, Nieuwegein (Jutphaas, Vreeswijk), Fianen, Lexmond, Hei- en Boeicop, Meerkerk, Nieuwland, Hoogblokland, Arkel en Gorkum.[1] Tusken Nieuwegein en Utert wurdt it Merwedekanaal krúst troch it Amsterdam-Rynkanaal en tusken Nieuwegein en Fianen troch de rivier de Lek.

It kanaal waard yn 1892 offisjeel iepene. It kanaal wie foar in part in ferbreding en ferdjipping fan besteande kanalen, sa as Keulske Feart út 1825. Tusken Amsterdam en Utert waard wol in folslein nij kanaal groeven. Tusken Utert-Hoograven en Vreeswijk waard gebrûk makke fan de al besteande Keulske Feart en tusken Fianen en Gorinchem fan it besteande Zederikkanaal. Doe't it kanaal op in stuit net mear oan de moderne easken foldie, waard yn 1931 besletten ta de oanlis fan it Amsterdam-Rynkanaal.

Der hoecht op it Merwedekanaal gjin slûs- of brêgejild betelle te wurden.

Merwedekanaal yn Utert

bewurkje seksje

Merwedekanaal benoarden de Lek

bewurkje seksje

Merwedekanaal besuden de Lek

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:



  1. Rykswettersteat. Vaarwegenoverzicht/Merwedekanaal. Rieplachte op 30-03-2010.