Gemeentlike weryndieling
Gemeentlike weryndieling is it feroarjen fan de grins fan gemeenten. Dit kin barre troch in opskowen fan de grins tusken twa gemeenten, bygelyks om in stêd mear romte te jaan. Of it kin barre troch it gearfoegjen fan gemeenten, bygelyks om de kosten omleech te bringen.
Gemeentlike weryndielings yn Fryslân
bewurkje seksjeYn de tiid fan de republyk binne de gritenijen meast ûnferoare bleaun. Mar sûnt it ûntstean fan de gemeenten yn 1851 hawwe der ferskate feroarings west.
1934
bewurkje seksje- De nije gemeente It Hearrenfean wurdt oprjochte troch gearfoeging fan Aenjewier mei it grutste part fan Skoatterlân en in lyts stikje fan Haskerlân oarekant de Hearresleat (mei it doarp Nijbrêge). De namme fan 'e nije gemeente wurdt dy fan it haadplak, wat yn Fryslân gjin wisânsje is foar plattelânsgemeenten, mar tsjin 'e plannen yn sa troch it regear fêststeld wurdt.
- It westlike diel fan Skoatterlân, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotsterhaule, Rottum, Sint Jansgea en Rotstergaast komt by Haskerlân te hearren.
- It uterste súdwesten fan Skoatterlân, besteande út Skoattersyl en Skoatter Uterdiken, wurdt oan Lemsterlân tafoege.
1942
bewurkje seksje- De gemeenten Flylân en Skylge, dy't oant no ta ûnderdiel útmakken fan 'e provinsje Noard-Hollân, komme by Fryslân te hearren.
1943
bewurkje seksje- It Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel (mei de doarpen Goutum, Himpens, Huzum, Swichum, Tearns, Wytgaard en Wurdum) wurdt by Ljouwert foege.
- De doarpen Lekkum en Miedum, fan it Noardertrimdiel fan Ljouwerteradiel, wurde by Ljouwert foege.
1971
bewurkje seksje- Harns wurdt útwreide mei it doarp Almenum fan Barradiel en it grutste part fan Mullum fan âld Frjentsjerteradiel.
1984
bewurkje seksjeDer wurdt yn Fryslân in tige yngeande gemeentlike weryndieling trochfierd.
- Alde gemeenten opheft:
- Baarderadiel >> Littenseradiel
- Barradiel >> nij Frjentsjerteradiel, Harns en It Bilt
- Doanjewerstâl >> Skarsterlân en nij Wymbritseradiel
- Dokkum >> Dongeradiel
- Drylts >> nij Wymbritseradiel
- East-Dongeradiel >> Dongeradiel
- Frjentsjer >> nij Frjentsjerteradiel
- âld Frjentsjerteradiel >> nij Frjentsjerteradiel en Harns
- Gaasterlân >> Gaasterlân-Sleat
- Haskerlân >> Skarsterlân en Lemsterlân
- Hylpen >> Nijefurd
- Himmelumer Aldefurd >> Nijefurd en Gaasterlân-Sleat
- Hinnaarderadiel >> Littenseradiel
- Idaerderadiel >> Boarnsterhim
- Raerderhim >> Boarnsterhim
- Sleat >> Gaasterlân-Sleat
- Starum >> Nijefurd
- Utingeradiel >> Boarnsterhim en Skarsterlân
- Warkum >> Nijefurd
- West-Dongeradiel >> Dongeradiel
- âld Wymbritseradiel >> nij Wymbritseradiel, Snits en Nijefurd
- Nije gemeenten oprjochte:
- Boarnsterhim <> út Idaerderadiel, Raerderhim, it grutste part fan Utingeradiel (minus Eagmaryp en Terkaple), it noardeasten fan De Alde Feanen fan Tytsjerksteradiel en it suden fan De Alde Feanen fan Smellingerlân
- Dongeradiel <> út Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel
- nij Frjentsjerteradiel <> út Frjentsjer, âld Frjentsjerteradiel en it grutste part fan Barradiel (minus Minnertsgea en Winaam)
- Gaasterlân-Sleat <> út Gaasterlân, Sleat en de doarpen Aldegea, Ealahuzen en Kolderwâlde fan Himmelumer Aldefurd
- Littenseradiel <> út Baarderadiel en Hinnaarderadiel
- Nijefurd <> út Hylpen, Starum, Warkum, it grutste diel fan Himmelumer Aldefurd (minus Aldegea, Ealahuzen en Kolderwâlde) en it doarp Nijhuzum fan âld Wymbritseradiel
- Skarsterlân <> út it grutste diel fan Doanjewerstâl (minus Kûfurderrige), it grutste diel fan Haskerlân (minus Dolsterhuzen), de doarpen Eagmaryp en Terkaple fan Utingeradiel en it doarp Nijbrêge fan It Hearrenfean
- nij Wymbritseradiel <> út Drylts, it grutste part fan âld Wymbritseradiel (minus Ysbrechtum, Loaiïngea, Nijhuzum en Offenwier) en de doarpen Kûfurderrige fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel
- Grinskorreksjes trochfierd:
- + Minnertsgea fan Barradiel
- – it noardwestlike diel fan Alde Leie >> Ljouwerteradiel
- – Jannum en it súdlike diel fan Burdaard >> Ferwerderadiel
- + Jannum en it súdlike diel fan Burdaard fan Dantumadiel
- – it noardeastlike diel fan Alde Leie >> Ljouwerteradiel
- + Winaam en alle lân besuden De Rie fan Barradiel
- + it eastlike diel fan Mullum en alle lân bewesten de Slachtedyk fan âld Frjentsjerteradiel
- – Nijbrêge >> Skarsterlân
- + Dolsterhuzen fan Haskerlân
- + it noardeastlike diel fan Alde Leie fan Ferwerderadiel
- + it noardwestlike diel fan Alde Leie fan It Bilt
- – it súdlike diel fan De Alde Feanen >> Boarnsterhim
- + Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier fan âld Wymbritseradiel
- – De Griene Stjer >> Ljouwert
- – in diel fan De Alde Feanen >> Boarnsterhim
2011
bewurkje seksje- Boalsert, Nijefurd, Snits, nij Wymbritseradiel en Wûnseradiel wurde gearfoege ta Súdwest-Fryslân.
2014
bewurkje seksje- Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân wurde gearfoege ta De Fryske Marren.
- Boarnsterhim wurdt opheft en ferdield ûnder fjouwer buorgemeenten: de doarpen Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea komme by Ljouwert; Akkrum, Aldeboarn en Nes by It Hearrenfean; Dearsum, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal by Súdwest-Fryslân; en Terherne by De Fryske Marren.
2018
bewurkje seksje- It Bilt, nij Frjentsjerteradiel en Menameradiel wurde gearfoege ta De Waadhoeke.
- Littenseradiel wurdt opheft en ferdield oer trije buorgemeenten: Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum komme by Ljouwert te hearren; Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Rien, Reahûs, Waaksens, Wiuwert en Wommels by Súdwest-Fryslân; en Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp by De Waadhoeke.
- Ljouwerteradiel wurdt opheft en yn syn gehiel by Ljouwert foege.
2019
bewurkje seksje- Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wurde gearfoege ta Noardeast-Fryslân.
Takomst
bewurkje seksjeSûnt de ein fan de 20e iuw wurdt der sjoen nei it wer gearfoegjen fan de Stellingwerven. Ek oare gemeenten wurkje oan, as net gearfoeging, dan dochs gearwurking.