Mullum
Mullum is in doarp dat yn de gemeente Harns leit. Mullum leit noardeastlik fan Harns, westlik fan Hjerbeam, súdwestlik fan Winaam en súdeastlik fan de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Mullum 610 ynwenners. De doarpskearn leit oan ferskate strjitten noardlik en súdlik fan de Harnzer Strjitwei.
Mullum | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 610 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 0,99 km², wêrfan: - 0,98 km² lân - 0,01 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 542 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 10' N 5° 26' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Mullum | ||
Kaart | ||
De buorskippen De Blynse en Ungaboer hearre ek by Mullum.
Sûnt 1971 leit Mullum yn de gemeente Harns, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste bewenners setten harren om it begjin fan de jiertelling hinne nei wenjen op in kwelderwâl. Letter waard de terp opsmiten, dy't op it heechste punt 4,85 meter is. De terp is foar in grut part ôfgroeven, dat oan de westlike kant goed te sjen is. Yn 1911 waard in sulverskat fûn mei in ring en likernôch 2000 sulveren munten út de 10e iuw. Alder binne 15 gouden munten, dy't yn 1925 fûn waarden en út de 6e iuw datearje.
Yn 1989 waard noardlik fan Mullum in brûnzen bokje fan 7,5 sintimeter heech fûn, dat datearret út de 1e of 2e iuw nei Kristus en yn It Hannemahûs yn Harns wurdt bewarre.[1] Om't by de oanlis fan de nije N31 de âlde terp rekke waard der súd fan Mullum yn 2016 earst argeologysk ûndersyk dien. It ûndersyk levere sân bonkerakken, fibula's, munten, skerven en oare resten op út de 8e oant 12e iuw.[2][3]
De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke stiet midden yn it doarp op wat der fan de terp oer is. De tsjerke fan Mullum waard al yn de 12e iuw boud, mar yn de rin fan de tiid is der in soad oan feroare. Yn 1988 is de tsjerke fan binnen en bûten troch R. de Vries folslein renovearre. De tsjerketoer is yn 1999 restaurearre. Yn de noardmuorre sit noch in tichtmitsele "noarmannepoarte".
Tsjin de toersmuorre stiet noch in âlde, goed bewarre grêfstien mei in reliëf fan de yn 1879 ôfbaarnde houtseachmûne 'Houtlust' (ek: 'Landmanslust').[4] In oare houtseachmûne wie 'De Hoop', dy't oan de súdkant fan de Trekwei stie en yn 1908 ôfbrutsen waard.[5]
Oan it begjin fan de 19e iuw bestie Mullum allinne út de tsjerke mei in rychje hûzen oan de noardlike kant, in pear pleatsen en wat bedriuwen mei wentes oan de Trekwei. Nei de oanlis fan de rykswei feroare dat wat, mar fral sûnt de Twadde Wrâldkriich krige it doarp folle mear hûzen.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarpshûs "De Spil" stiet oan de Hopmanswei. Yn it op frijwilligers draaiende doarpshûs wurde in soad aktiviteiten organisearre.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Mullum).
Skoalle
bewurkje seksjeDe skoalle fan it terpdoarp hjit Middelstein.
Ferienings
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1969 | 2013 | 2022 |
---|---|---|---|---|
Ynwenners | 869 | 839 | 580 | 531 |
Berne
bewurkje seksje- Harmen Sytstra (1817-1862), skriuwer
- Foppe van Aitzema (± 1580-1637), diplomaat, histoarikus en rjochtsgelearde.
- Joukje Postma (1877-ûnbekend), koartebaanrydster.
- Janke Spanninga-Posthuma (1882-1966), skriuwster
- Freerk Lootsma (1936–2003), heechlearaar
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn 2008 wûnen 5 Mullumers tagelyk in priis yn de postkoadelotterij.
- Yn de jierren 1960 waard in monumintale kop-hals-romppleats út Mullum sloopt en yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum fan Arnhim wer opboud.
Strjitten
bewurkje seksjeBeatrixleane, Bernhardleane, Blynsewei, De Finne, Folkert Poststrjitte, Fonteinstrjitte, Frittemastrjitte, Harnzerstrjitwei, Haulewei, Hopmanswei, Julianaleane, Tsjerkestrjitte, Middelstein, Rykswei, Skieppedykje, Ungabuertsterwei, Van Harinxmastrjitte.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Harns | ||
---|---|---|
Stêd: Harns | ||
Doarpen en útbuorrens: Mullum • Winaam | ||
Buorskippen en wiken: Almenum • De Blynse • Easterpark • Foarryp • Ieslumbuorren • Keningsbuert • Ludum • Roptasyl (foar in part) • Ungaboer | ||
· · |