Ludum is in buorskip west fan Achlum en foarmet mank mei de buorskip Ieslumbuorren it bûtengebiet fan Harns yn de gemeente Harns.

De namme komt ek foar as Ludumerterp, Ludum buyrte, Luijdum, Lijonija, Lijoniaghae, Lonia als gae en bestiet út de twa buorkerijterpen Grut en Lyts Ludum. De namme sil nei alle gedachten fan in persoansnamme ôflaat wêze.

De buorskip leit besuden de buorskip Ieslumbuorren en de noardlike takke fan de Achlumer Feart. De súdlike takke fan de feart rint troch it gebiet fan de buorskip hinne. Troch it gebiet rint de Klaaisleat.

It gebiet hearde, lykas Ieslumbuorren, eartiids ta de himrik fan Achlum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Harns  
Stêd:
Harns
Doarpen en útbuorrens:
MullumWinaam
Buorskippen en wiken:
AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part)Ungaboer
  ·   ·