Achlum (offisjeel Frysk) is in terpdoarp en leit sûnt 2018 yn de nije gemeente Waadhoeke, súdwestlik fan Frjentsjer en noardlik fan Arum. De foarnamme ‘’Achtele’’ en it wurd ‘’hiem’’ binne de basis fan de namme Achlum.

de himrik fan Achlum
Poarte en pleats Grut Dearsum (2010)
De tsjerke fan Achlum (2014)

Ta it doarp hearre ek de buorskippen Ieslumbuorren, Luidum en Sopsum. Earder hat der ek in buorskip Gelterp west en der wiene ek twa staten: Offenhuzen en Benysten.

De Slachtedyk komt út it easten wei Achlum yn en rint dan fierder nei it noarden, dêr't er de grins foarmet tusken it eardere Frjentsjerteradiel en Harns. Nei it suden ta rint de Muontsewei nei it eardere Wûnseradiel. Troch de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ta ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.

SkiednisBewurkje

It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e iuw, dy't heech op de terp stiet. Foar likernôch 1260 wie der in priorij fan regularissen. It wie in ûnderdiel fan Lúntsjerk, dat yn 1530 ferwoaste is. Nei dy tiid fêstige de priorij him yn Achlum, mar yn 1572 hawwe de geuzen dy priorij wer fernield.

Eartiids stie yn Achlum ek in bûterfabryk.

MienskipBewurkje

It doarpshûs hjit ”De Singel” en it doarpskrantsje “Op ’e hichte”. Der binne yn Achlum in pjutteboartersplak en twa basisskoallen. Oan de westkant fan it doarp stiet in nij bedriuweterrein. Achlum hie oant 2007 in doarpswinkeltsje, de Spar-supermerk. Anno 2008 is der ek noch in bistewinkel. It ACA is de ôfkoarting fan 'Activiteiten Comité Achlum'.

TsjerkeBewurkje

FerieningsBewurkje

Untwikkeling ynwennertalBewurkje

Berne yn AchlumBewurkje

BysûnderhedenBewurkje

 
Achlumer mole
  • De monumintale romaanske (no: herfoarme) tsjerke út de 12e iuw is boud fan dowestien en hat in byldhoude iken preekstoel. De toer is yn de 15e iuw boud en hat yn 1789 in houten bekroaning krige.
  • Njonken de tsjerke stiet in 18e iuwske kop-hals-romp-pleats.
  • It poartegebou fan Grut Dearsum út 1658 is yn 1951 restaurearre. Noardlik fan Achlum stiet de stinzepoarte fan it slot Grut Dearsum. It is boud fan giele bakstien en hat twa trepgevels.
  • Yn Achlum hat ek in kleaster west, it Achlumer Konvint.
  • Oan de Hitsumerdyk stiet de Achlumer Mole, dy't yn 2007 restaurearre is.
  • De skriuwsters Jetske Bilker en Neeltsje Bonnema wenje yn Achlum.

Konvinsje fan AchlumBewurkje

 
Tinkstien foar Ulbe Piers Draisma op de súdmuorre fan de tsjerke fan Achlum, pleatst ta gelegenheid fan de Konvinsje fan Achlum

Om te fieren dat ien fan de foarrinners fan fersekeringsmaatskippij Achmea, de Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum, twahûndert jier lyn troch Ulbe Piers Draisma yn Achlum oprjochte waard, organisearre de fersekerder op 28 maaie 2011 de Konvinsje fan Achlum. Alderhanne ferneamde sprekkers kamen nei Achlum, ûnder oaren Bill Clinton, âld-presidint fan de Feriene Steaten. De bewenners fan it doarp waarden ek by de festiviteiten behelle. Sa waarden der net alinnich lêzings holden yn grutte tinten, mar ek yn húskeamers fan bewenners fan Achlum. De lêzings giene oer pensjoen, feiligens, wurkpartisipaasje, soarch en mobiliteit. Neist de lêzings waarden der demonstraasjes holden fan bygelyks it keatsen en wie der muzyk fan û.o. it Frysk Jeugd Orkest en Ernst Langhout.

Strjitten yn AchlumBewurkje

Alle strjitten yn Achlum.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: