Rie (plak)

Rie
Flagge fan Rie Wapen fan Rie
Flagge Wapen
Lokaasje fan Rie
Gemeente De Waadhoeke
Ynwennertal (2014) 435
Webstee Webstee fan Rie

Rie (Nederlânsk en offisjeel: Ried) is in Frysk doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke, noardeast fan Frjentsjer, oan De Rie. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 lei it yn 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it diel út fan it noardertrimdiel fan it âlde Frjentsjerteradiel. Yn 2014 hie Rie 435 ynwenners.

SkiednisBewurkje

Al yn de19e iuw en yn it begjin fan de tweintichste iuw ûntstie der lintbebouwing oan de (nije) Doanjumerwei, de Berltsumerwei, de Sânhústerwei en de Pastorijeleane. De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieuweweg nei it noarden mei foaral wenningwetwenningen beboud rekke. Flakby de tsjerke stiet yn de buorren it eardere molkfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage mei ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch amper te sjen is dat se op in terp lizze. Rie hat mar ien winkel, in bakker. Foar oare boadskippen moatte de ynwenners nei Berltsum, Menaam of Frjentsjer.

Yn jachthaven It Kattegat is in oanlisplak foar passanten. Dit leit teffens oan de Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Dokkum.

RiedertreffenBewurkje

Rie (Nederlânsk: Ried) is behelle yn it saneamde Riedertreffen, in feestlike ynternasjonale gearkomste fan plakken dy't 'Ried' hjitte, yn 'e mande mei 7 plakken mei dy namme yn Switserlân, 14 yn Eastenryk mear as 20 yn Dútslân. Yn Europa binne 243 plakken mei de namme "Ried". It earste Riedertreffen waard yn 1985 holden yn Ried bei Kerzers yn it Switserske kanton Freiburg. Dêrnei waard pas yn 1999 in twadde edysje fan it evenemint holden, fannijs yn Ried bei Kerzers. De Fryske ynbring bestie dy earste kear út in Fryske skotsploech. Sûnt wurdt it feest om 'e fiif jier organisearre: yn 2004 yn Ried im Zillertal (yn Tiroal), yn 2009 yn Hessischer Ried (by Worms), yn 2014 yn Ried in der Riedmark (yn Oppereastenryk), en yn 2019 yn it Fryske Rie. Foar 2024 is Ried bei Kerzers wer gasthear.[1]

MienskipBewurkje

Yn de âlde skoalle sit multyfunksjoneel sintrum, "De Rede" en ferwiist nei de âlde slinke fan de Middelsee, De Ried. It doarpskrantsje hjit It Kattebeltsje.

FerieningsBewurkje

TsjerkeBewurkje

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Achterwei, Anemareed, Berltsumerwei, Doanjumerwei, Haadstrjitte, Havenstrjitte, Legewei, Nijewei, Pastorieleane, Peinserwei, Dr Vitus Ringersstrjitte, De Rombade, Sânhústerwei, Suderom, Tsjerkepaad.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bosma, Willem, Riedsters uit vier landen vieren zesde samenzijn, yn: de Ljouwerter Krante, 9 septimber 2019, s. 17.