Sweins
Sweins is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke en leit east fan Frjentsjer. Under Sweins falt ek in grut part fan it buorskip Kingmatille.
Sweins | ||
![]() | ||
Tsjerke fan Sweins | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 125 (2022) [1] | |
Oerflak | 2,05 km², werfan: lân: 2,01 wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 62 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' N 5° 36' E | |
Kaart | ||
Tegearre mei Boer, Peins, Ried en Skalsum foarmet Sweins it Frjentsjerter Fiifgea.
SkiednisBewurkje
It doarp ûntstie yn 'e midsiuwen as in terpdoarp, mar de terp is foar it measte ôfgroeven. Yn de 13e iuw waard Sweins Sueninghe neamd, yn 1427 Sueyns, yn 1433 Sweyne en yn 1511 Sweyns. It plak ferwiist nei de lju fan de persoan Sween of Swene.
Sweins groeide yn 'e rin fan de tiid bûten de terp en in sletten kearn hie it net, sadat it doarp in iepen karakter hat dat oan in buorskip tinken docht.
Yn Sweins hat de Mûne fan Izaak de Swart stien. De mûne waard earne foar 1832 boud en is om healwei de 19e hinne ôfbrutsen.[2]
Súdeastlik fan it doarp rjochting Kingmatille stie eartiids Kingma State. De state waard om 1500 hinne boud troch Jelle thoe Kingum en yn 1864 ôfbrutsen nei't de state al in skoft leech stien hie. Yn it lânskip is noch jimmeroan de tagongsleane te werkennen. Ek in lyts hûs oan it begjin fan de tagongsleane en dat tsjintwurdich troch in partikulier bewenne wurdt, hearde oarspronklik ta de state. De Stifting Herstel Kingma State set him yn om op de histoaryske lokaasje in nije state yn moderne foarmen mei apparteminten te bouwen.[3] De tariedings dêrfan binne yntusken yn gong set (2023).[4] Oare states yn Sweins wiene Grut Herema en Rinnerda, mar dy wiene minder belangryk. It wapen fan Sweins mei de trije tuorren ferwiist nei de trije states fan it doarp.
MienskipBewurkje
Der is in Feriening foar Doarpsbelang Sweins. Sûnt 1970 hat Sweins in eigen doarpshûs.
TsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Reginatsjerke.
- PKN Ried-Skingen en omkriten (webstee).
FerieningsBewurkje
- Keatsferiening "kf Klaas Boorsma" (FB-side).
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 | 2016 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 205 | 187 | 169 | 126 | 119 | 110 | 110 | 110 | 125 |
BerneBewurkje
- Egidius van Beyma (1811), boargemaster;
- Sake Saakstra (1954), keatser/
StrjittenBewurkje
Haadwei, Kingmatille, Ryksstrjitwei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|