Keimpetille (buorskip)

Keimpetille is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Keimpetille leit oan it Van Harinxmakanaal tusken Dronryp en sawat fjouwer kilometer beëasten Frjentsjer. Noardlik fan Kingmatille leit Sweins.

Keimpetille
Polityk
gemeente De Waadhoeke
himrik Dronryp/Sweins
Oar
Koördinaten 53° 0' NB, 5° 41' EL
Kaart
Keimpetille (Fryslân)
Keimpetille

Ea wie Keimpetille in libbene wetterbuert mei middenstân en kafees. Wat westliker stie by de brêge oant sirka 1900 it tichelwurk, in stienbakkerij dy't in soad wurk joech. Der wennen inkele hûnderten minsken en oer de trekfeart lei in brêge. Ynearsten in tille (ophelbrêge), letter in draaibrêge.
Foar de oarloch waard begûn mei it omfoarmjen fan de âlde Harnzer Trekfeart ta it moderne Van Harinxmakanaal. Yn 1937 kundige de provinsje oan dat de brêge by Keimpetille te ferfallen komme soe. De wetterbuertbewenners makken beswier, en yn 1947 kaam der nei de kanalisaasje in platte pontfear. Dêr koenen weinen, auto's en lânboureau mei oersetten wurde. Kuierders en fytsers waarden mei in boartsje oersetten. Mei trekhouten en in strak lutsen kabel waarden se nei de oare kant lutsen.

 
It Pontsje de Jacob Petrus

De Kingmatille, yn de folksmûle 'Keimpetille' is neamd nei de ferdwûne brêge oer de trekfeart. Dy brêge waard letter ferfongen troch in pontsje mar dat pontsje ferdwûn ek yn de jierren 60 fan de foarige iuw. Sûnt de simmer fan 2011 fart der wer in nij pontsje by Keimpetille oer it Van Harinxmakanaal. [1] It fearhûs, ûntwurpen troch Rein Hofstra, oan de Keimpetilster kant stiet ferstoppe yn in mei gers begroeide hichte, oan de noardside is in lânhaven mei in opfallend en dochs beskieden skippersûnderkommen. It oanlânplak leit in flink ein westliker as eartiids. Dêrtroch makket de pont alle kearen in slalom oer in kanaal.

Besuden it Van Harinxmakanaal stiet de wynmûne Keimpetille ûnder Dronryp. Yn it doarp sit ek in maneezje.

De Kingmastate (ek wol oantsjutten mei Kinghum) wie in saneamde "rjochtfierende state" yn it Aester Fiarndel fan Frjentsjerteradiel. Kingmastate waard om 1500 hinne sette litten troch Jelle thoe Kingum. Oant ein 16e iuw wienen der neisieten om it besit te erven. Doe't Ignatius yn 1700 ferstoar gie it besit oer nei de besibbe famylje Lyklema thoe Kingma en noch letter nei de famylje Beyma. Kingmastate kaam troch Ghemmenich oan de Beyma's. Sa ûntstie de namme Beyma toe Kingma. De state stiet op de Schotanuskaart fan 1698 oanjûn mei in wei nei Frjentsjer. De state stie mei in opfeart yn ferbining mei de trekfeart. Oer in tille koe men oer de trekfeart fan Harns nei Frjentsjer komme. Oer in tsjerkepaaad kaam men yn Sweins. Yn de Reginatsjerke fan Sweins lizze ferskeidene Kingma's begroeven. Op ien fan de sarken stiet harren famyljewapen.
Bylâns de opfeart rûn in oprydleane. It haadgebou stie mei de foarkant nei it easten (Sweins), oan de noardkant wie bosk. Der wienen ek in binnentún en in kokentún.
Nei it ferstjerren fan de lêste bewenner, Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma, midden 19e iuw waard it hûs ôfbrutsen. De grûnen waarden ôfgroeven en it lân ferdield.

Neidat der in grutte reüny west hie mei "Simmer 2000" wol de famylje besykje om in nije Kingmastate del te setten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. [Keimpetille it Pontsje Werom Het verhaal achter de fytspont, útjûn yn 2011 troch stichting Keimpetille it Pontsje Werom],