Dronryp

Dronryp, of ek wol De Ryp, is in Frysk doarp dat op 'e grins fan 'e Bouhoeke mei de Greidhoeke leit, ynklamme tusken de autosnelwei A31 (tusken Ljouwert en Frjentsjer) oan 'e noardkant, en it Van Harinxmakanaal oan 'e súdkant. It doarp hearde foarhinne ta de gemeente Menameradiel, dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn 2011) noch foàr it haadplak Menaam de grutste wenkearn wie. Sûnt 1 jannewaris 2018 falt Dronryp ûnder de nije fúzjegemeente De Waadhoeke. Dronryp is ek bûten Fryslân bekend as it berteplak fan 'e 18-iuwske astronoom Eise Eisinga en de 19-iuwske keunstskilder Lourens Alma-Tadema. It doarp hat in beskerme doarpssicht.

Dronryp
Map NL Menameradiel Dronryp.png
Flagge Wapen
Flagge fan Dronryp 2012.PNG Dronryp wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 3.275 (2021) [1]
Oerflak 15,83 km², wêrfan:
lân: 15.43 km²
wetter: 0,40 km²
Befolkingstichtens 212 ynw. / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 5° 38' E
Webside www.dronryp.nl

EtymologyBewurkje

Wat de etymology fan 'e doarpsnamme oanbelanget wurdt tocht dat de delsetting oarspronklik ûntstie is op in smelle stripe lân (in "ryp") tusken twa slinken yn. Dy "ryp" soe doe noch ophege wêze mei terpen, mei't de seediken pas yn 'e 10e of 11e iuw oanlein waarden. Oer "dron-" sitte de saakkundigen eins wat mei de hannen yn 't hier, al wol ien teory hawwe dat it in gearlûking is fan 'e ier Fryske famyljenamme "Drenning".

 
De Rypster Oksen

Fierders is der fansels noch it (net serieus bedoelde) yn 1851 publisearre rymke yn Iduna fan Y.H. Bosma, wêryn't de dichter de skiednis fan Dronryp mei de gek beslacht troch út te lizzen hoe't men it plak bepaalde dêr't de tsjerke komme moast: men liet twa keppele oksen in nacht los, en wêr't dy de oare moarns oantroffen waarden, dêr soe boud wurde. De oare moarns siet it hiele lân ûnder de ryp, en fan de oksen wie gjin spoar te bekennen. Mar úteinlik hearde men har droanende gebalt, en doe die bliken dat se yn in reidpoel yn 'e drek leine. Dat de tsjerke waard op it plak fan dy reidpoel boud en it doarp dat deromhinne groeide kaam Dronryp te hjitten, fan "droan" en "ryp". De tradisjonele skelnamme fan Rypsters is "oksen".

GeografyBewurkje

It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje Fryslân, op 'e Klaai, likernôch 8 km rjocht bewesten Ljouwert. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e Bouhoeke, dêr't oant in jier as tritich lyn de Greidhoeke begûn en dy beide lânbougebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline fan inoar skiede. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it greidlân opgong makke, wylst troch de bou fan maïs no yn 'e Greidhoeke ek wol boulân foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste iistiid opsmiten is troch de gletsjers, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.

 
Brêge oer it Van Harinxmakanaal

Dronryp hat foarhinne altyd ta de gemeente Menameradiel heard, oant it per 1 jannewaris 2018 ûnder de nije fúzjegemeente De Waadhoeke kaam te fallen. De Rypster himrik grinzget yn it noarden oan Menaam, yn it noardwesten oan Skingen en yn it easten oan Deinum en Blessum. Yn it westen grinzget Dronryp oan it doarp Sweins, en yn it suden (fan west nei east) oan 'e doarpen Wjelsryp, Baaium, Winsum, Húns en Hilaard. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de Rykswei 31 oan 'e noardkant en it Van Harinxmakanaal oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. It lytse diel fan it doarp oan 'e súdkant fan it kanaal is mei de rest fan Dronryp ferbûn troch de (fierders nammeleaze) brêge oer it Van Harinxmakanaal, dy't yn 2018-2019 hielendal fernijd waard. In kilometer as twa besuden it doarp leit de útbuorren Hatsum, mei in eigen stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Harns. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit De Puollen, dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.

StrjittenBewurkje

Foar in opsomming fan alle strjitten yn Dronryp, sjoch de list op dizze side.

SkiednisBewurkje

Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa roomsk is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as Rome boud wie op sân heuvels, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels terpen. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by archeologyske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e Romeinske tiid út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd ierdewurk foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene ring út de 3e iuw, in byldsje fan de Romeinske oarlochsgod Mars en fierders dakpannen by 't kroadfol.

 
States en pleatsen yn en om Dronryp (Schotanusatlas)

Yn 'e midsiuwen, doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld haadlingelaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân states: Fetsastate, Grut-Dotingastate, Osingastate en Hobbemastate yn of fuort by de buorren, Foppingastate oan 'e súdkant fan de âlde Harnzer Trekfeart, Glinsstate (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en Hommemastate op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde benifysjaalboeken fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.

Yn 'e tiid fan 'e partijskippen tusken Skier en Fet stie Dronryp ienriedich oan kant fan 'e Skieringers, krektlyk as omlizzende doarpen lykas Berltsum, Bitgum, Marsum, Deinum, Blessum en Boksum. Dêrmei hearde dizze krite ta de ynfloedssfear fan it Skieringer Frjentsjer, en kanten de doarpen har oan tsjin it Fetkeaperske Ljouwert, dat doe ek al op útwreiding út wie. Lykwols hie Dronryp in stik minder te lijen ûnder de boargeroarloch as guon buordoarpen, wat nammers te krijen hie mei it feit dat der doe noch gjin himelsbrede lânferbining tusken Ljouwert en Frjentsjer oer Dronryp bestie. Ynstee rûn de âlde haadwei oer Marsum, Bitgum, Berltsum, Rie en Doanjum, dêr't er behearske waard troch de haadlingen dy't yn dy doarpen op harren stinzen sieten, in feit dat de Ljouwerters min nei 't sin wie. Mar likegoed wiene de Rypsters solidêr mei har buorlju en tekenen se yn 1496 yn 'e mande mei de oare doarpen in ferbûn mei de stêd Grins. Yn 1497 fûn der sels in gearkomste fan 'e Steaten fan Eastergoa en Westergoa yn Dronryp plak, wêrby't de stridende partijen in bestân sleaten. Mooglik wiist it plak fan gearkomste derop dat de Rypsters by de ûnderhannelings in rol as midsman ferfollen.

Yn 'e Slach by Frjentsjer sneuvele yn 1500 û.o. Heare Rynks, haadling te Dronryp, yn 'e striid tsjin 'e troepen fan Albrecht fan Saksen. Doe't de Saksers úteinlik har rjochten yn Fryslân oerdiene oan 'e Habsburgers die it bliken dat soks foar Dronryp gjin ferbettering brocht, want yn 1516 waard it doarp plondere en ferwuostge troch de troepen fan Floaris fan Egmond, de steedhâlder fan 'e Habsburchske lânshear Karel V, dy't de befolking útmoarden en de froulju ferkrêften. Doe't it yn 1524, nei hast tritich jier fan oanhâldende oarloch, wer frede waard, krige men nije swierrichheden op it mêd fan godstsjinst, mei't dat de tiid fan 'e reformaasje wie. De ûnrêst dy't dêrmei mank gie, hold in heale iuw oan, oant úteinlik ûnder de Tachtichjierrige Oarloch de bân mei Spanje trochsnien waard en de reformaasje yn 1580 formeel trochfierd wurde koe.

 
It 17e-iuwske bûten Schatzenburg (ôfbyld út 1900)

Neitiid rekken de âlde haadlingelagen fan Dronryp, foar safier't hja net útstoaren, yn jildpine, mei as gefolch dat de states fan it doarp stadichoan yn it neigean rekken. Fan Fetsastate bygelyks is bekend dat om 1700 hinne de doetiidske eigner, Teake Sybrand Camminga fan Burmania, de seis rigen ipebeammen oan 'e opreed, dy't de pronk fan it doarp wiene, foar heal jild foar it hout ferkeapje moast. Tsjin 1750 wie Fetsastate in ferfallen rottekleaster wurden. Ek Osingastate en Hommemastate waarden al ier wei, mar de oaren bleaune likemin sparre. Hobbemastate, dy't tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw ôfbrutsen waard, hold it noch it langste út. Inkeld in folle jonger slot, Schatzenburg, dat yn 'e saneamde Kwestjebosk fuort benoarden it doarp stiet (oan 'e noardkant fan 'e A31) bestiet noch altyd. Schatzenburg (dat net betize wurde moat mei it rekreaasje-oard ûnder Menaam, dat dernei ferneamd is) waard yn 1698 boud yn opdracht fan Harmannus Huber, de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân.

Wat it sljochtwei folk oanbelange, dat hie it yn 'e 18e iuw net maklik, mei't Fryslân yn dy tiid troch de feepest troffen waard, in besmetlike feesykte dy't yn juny 1714 yn De Puollen by Dronryp foar it earst útbrutsen liket te wêzen. De sykte bleau jierrenlang omwaarjen, wêrby't ferskate boeren mear as ien kear yn har libben al it fee kwytrekken (yn in tiid dat fersekeringen noch net bestiene). Yn it boek Skiednis fan Menameradiel makket O. Santema melding fan in Piter Hindriks Hiemstra, dy't yn 1740 yn Ypekolsgea berne waard, boere-arbeider waard te Iens, troude mei in boeredochter en sadwaande yn Tsjom op 'e pleats kaam en dêr 37 jier buorke, mar twaris al syn bisten ferlear oan 'e feepest. Nei de twadde kear moast er fan 'e pleats ôf en waard er mei 60 jier kastlein yn Blauhûs, dêr't syn frou stoar. Fjouwer jier letter wied er wer opklaud ta pachtboer, diskear yn Dronryp, dêr't er nochris 33 jier buorke. Op syn 97ste, nei 70 jier boer west te hawwen, sette er him yn 1837 nei wenjen yn in boargerhúske yn 'e buorren, mar doe't dat ôfbrutsen wurde moast, gied er by de bernsbern yn, dêr't er úteinlik op 4 novimber 1844 yn 'e hege âlderdom fan 104 jier kaam te ferstjerren.

Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn 1850 krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten strjitferljochting, neffens Santema "in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei."[2] Om deselde tiid hinne krige Dronryp in goede bibleteek en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) legere skoalle. Teffens naam de skipfeart oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn 1951 kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e feart ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omneamd ta it Van Harinxmakanaal. Yn 1863 kaam it spoar, en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in strjitwei oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't lâns d noardkant fan it doarp rint. Fan 1900 ôf ried dêr de tram en sûnt de jierren 1930 de bus.

 
Monumint by it Van Harinxmakanaal

Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldoarloch, op woansdei 11 april 1945, brochten de Dútsers fjirtjin gizelders út de Ljouwerter finzenis nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in trein liet ûntspoare. Om't de brêge oer de Harnzer Trekfeart iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen op dat plak út 'e frachtwein helle en oan 'e igge fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it talud fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dy Dronryp-represaille útfierd waard, stiet noch altyd in tinkteken yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers wiene: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. In fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle en oerlibbe de moardpartij. Soks mocht in wûnder hjitte om't de Dútsers nei de eksekúsje de slachtoffers 24 oeren skerp yn 'e gaten holden.

GebouwenBewurkje

Meiïnoar telt Dronryp 41 ryksmonuminten. Dêrfan is sûnder mis de protestantske Salviustsjerke, ek wol D'Alde Wite neamd, it wichtichste monumint.

TsjerkenBewurkje

 
Salviustsjerke
  De Wikipedy hat ek in side D' Alde Wite.

De byldbepalende tsjerke fan it doarp stiet ek op 'e doarpsflagge fan Dronryp. De tsjerke wie foar de herfoarming fan 1580 oan 'e hillige Salvius wijd. It is in ienbeukich tsjerkegebou út de 12 iuw, oarspronklik yn 'e romaanske styl boud mei in houten tonferwulft. Yn 'e flier lizze ferskate grêfsarken. By in grutte ferbouwing yn 1504 hawwe benammen it koar en de súdmuorre in goatysk karakter krigen. Yn 'e midden fan 'e santjinde iuw is de tsjerke fan binnen sterk ferfraaid, fral troch de pleatsing fan in sântal sterk opinoar lykjende oerkape famyljebanken en in nije preekstoel en troch it oanbringen fan houtfykwurk. Ek is doe it oargel boud, dat út 1653 datearret en dêrmei it âldste oargel fan Fryslân is. It waard makke troch de bruorren Arnoldus en Tobias Bader, dy't der fiif jier oan wurken en dêr sa'n 4.900 Karolusgûnen oan fertsjinnen, noch bûten de oargelkast en it fykwurk. Yn 'e njoggentjinde iuw is it restaurearre troch Willem Hardorff, en yn 'e tweintichste iuw nochris troch Bakker & Timmenga.

De toer is yn 1544 boud en bestiet út sterk fersnijende lidden dy't bekroane binne mei in trêde lid dat in achtsidige, iepenwurke foarm hat dy't ek wol in "lantearne" neamd wurdt. Sokke tuorren komme wol mear foar yn Seelân, en ek yn Elst, yn 'e Betuwe, mar yn Fryslân sjocht men dizze foarm inkeld yn Pepergea werom. De súdyngong fan de toer hat in fronton mei in deadskop flankearre fan twa obelisken. Njonken de yngong is in tinkstien ta oantins oan Eise Eisinga. It fronton boppe de eastyngong hat trije bylden fan 'e kristlike deugden leauwe, hope en leafde. Yn 'e toer hongen foarhinne twa klokken, in grutten en in lytsen. De grutte, dy't der noch altyd hinget, waard yn 1493 getten troch Geert van Wou. De lytse klok datearre fan 1632 en wie getten troch Hans Falck van Neurenberg út Ljouwert, mar dy is yn 'e besettingstiid troch de Dútsers opfoardere en omraand.

  De Wikipedy hat ek in side Marije Bertetsjerke (Dronryp).

De roomske Marije Bertetsjerke datearret út 1839, doe't nei iuwen fan inkeld gewissefrijheid (wêrby't de roomsen en minnisten yn skûltsjerken gearkomme moasten), wiere godstsjinstfrijheid yn Nederlân kaam. Mei't de âlde roomske (skûl)tsjerke boufallich wie, waard doe besletten dat der in nij gebou komme moast, mar de parochy wie te earm om dat sels te bekostjen. Dêrom sprong it Ryk by mei in subsydzje fan ƒ 8.000. De nije wettersteatstsjerke waard ûntwurpen troch arsjitekt A. van der Moer, en krige presiis hûndert jier letter nei de bou in oanpaste foargevel en in opfallende toer. Dy nije eleminten waarden ûntwurpen troch J.M. van Hardeveld.

Direkteurswente stienfabrykBewurkje

Fierders stiet yn Dronryp oan It Tichelwurk 11-12 de wente fan 'e direkteur fan it stienfabryk, dat yn it doarp bestie fan 1736 oant 1919, en yn 1920 ôfbrutsen waard. Dat fabryk hiet d'Orebyter, de direkteurswente giet troch it libben as De Oorebyt. Op in tinkstien yn 'e direkteurswente, dy't sels datearret út 1731, steane twa fjochtsjende manlju ôfbylde mei dêrby de tekst:

Door de Nyt wordt Twist Geboren
Door Gebyt Dit Oir Verloren

Neffens it ferhaal soene twa soannen fan 'e slothear fan Grut Heeremastate spul krigen hawwe om in fanke. By de slaanderij dy't dêrop folge, soe de iene by de oare in ear ôfbiten hawwe. It tichelwurk soe dêrtroch oan syn namme kommen wêze.

SchatzenburgBewurkje

 
It haadgebou fan it bûten Schatzenburg mank de beammen fan Kwestjebosk

Bûten it doarp stiet oan 'e Eastryp it bûten Schatzenburg, dat dêr yn 1698 yn opdracht fan Harmannus Huber, de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân, setten waard op it stee dêr't earder Brantsmastate stie. Neffens Santema waard it bûten doe omskreaun as een nieuw woonhuys met een Vlaamse gevel. Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw wenne dêr Agnes Alida Huber, dy't it gasthûs (âldereintehûs) "Vredenhof" yn it doarp stifte. Oare bewenners fan it bûten wiene û.o. Johannes Lambertus Huber, Cornelis Martinus Haersma en dr. Assuerus Quaestius. Dy lêste makke yn 1887 Schatzenburg mei trije pleatsen oan it gasthûs ta om dat in finansjeel solide basis te ferskaffen. Sûnt mocht it bûten troch de fâden en fâdessen fan it gasthûs bewenne wurde. Om it bûten hinne stiet in kloft beammen dy't yn 'e folksmûle (alteast, foarhinne) Kwestjebosk neamd waard, neffens it ferhaal nei in net by namme neamde jonker fan Schatzenburg dy't oer alles sei: "Tsja, 't is in kwestje."

VredenhofBewurkje

 
It âldste diel fan it gasthûs "Vredenhof" oan 'e Dûbelestreek.

It al neamde gasthûs "Vredenhof", dat yn 1745 stifte waard troch Agnes Alida Huber, bestie yn 't earstoan út seis wenten. Presiis in iuw letter, yn 1845, waarden dêr oan 'e efterkant nochris seis wenten tsjinoan boud. Dy dûbele rige fan tolve wenten waard yn 'e tweintichste iuw gearfoege en ferboud ta seis wat rommere huzen (Dûbelestreek 19-29). It gehiel is wytkalke en hat oan 'e strjitkant twa klokgevels mei oansetkrollen. Yn 'e jierren 1872-1876 is der 100 m súdliker in útwreiding kommen oan 'e trochgeande wei troch it doarp (It Heech 6-40). Dat waard in rige wenten yn neoklassisistyske styl nei in ûntwerp fan C.S. Reitsma, dat yn trije fazen set waard en yn 1980 yngeand ferboud is.

MûnenBewurkje

Yn 'e Rypster himrik steane fierders trije poldermûnen: De Puollen, Keimpetille en de Hatsumermûne. De Puollen, dy't yn 'e eardere útbuorren mei deselde namme likernôch 1 km eastlik fan it doarp stiet, is in muonts dy't yn 1850 boud waard foar it bemeallen fan 'e 365 ha grutte Easterpolder, tsjintwurdich ûnderdiel fan 'e polder De Puollen. Lang wie dy mûne brekfallich, mar yn de jierren 1984-1985 is er restaurearre. Hoewol't de mûne net mear oansletten is op 'e Fryske boezem, is er noch wol mealfeardich. De muonts Keimpetille stiet súdwestlik fan 'e Rypster buorren, oan 'e súdkant fan it Van Harinxmakanaal, foar de eigentlike útbuorren Keimpetille oer. Dy mûne datearret út 1870 en waard yn 1987 op syn hjoeddeistige lokaasje set om 'e Hatsumerpolder te bemeallen. De Hatsumermole ta einbeslút stiet súdlik fan Dronryp yn 'e útbuorren Hatsum. Dit is ek al in muonts, dy't yn 1878 boud waard foar it bemeallen fan 'e 60 ha grutte polder Sikma. De Hatsumermole waard yn de jierren 1988-1989 restaurearre en yn 2003 fan in nije kape foarsjoen. Alle trije poldermûnen binne eigendom fan 'e Stifting Moles yn Menameradiel en kinne op ôfspraak besichtige wurde.

MienskipBewurkje

 
Kafee "De Posthoorn"

Dronryp beskikt oer in iepenbiere biblioteek, in supermerk en ferskate oare winkels. Foar senioaren is der it soarchstipepunt "Drenningahof" en Stifting "It Palet". Foar de jongerein wie der earder it jeugdsintrum "Interije". It doarp hat noch ien kafee, 'de Posthoorn'.

It molkfabryk "De Takomst" (oprjochte yn 1892 as "De Volharding"), dat op 6 novimber 2009 noch lanlik yn it nijs kaam doe't der in wolk salpetersoer ûntsnapte, moast yn 2011 slute. Oan it Van Harinxmakanaal stiet noch wol de hinneslachterij fan Van der Meer, dy't no ien fan 'e grutste wurkjouwers yn it doarp is. Yn 'e buorskip Hatsum leit it Stasjon Dronryp oan it spoar fan Ljouwert nei Harns. Fuort dêrnjonken stiet it restaurant Op Hatsum.

It doarpsblêd fan Dronryp hjit De Gearfetter. Alle jierren wurdt yn ein maaie of begjin juny yn it doarp de Rypster Merke holden, de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân. Yn 'e twadde helte fan augustus fynt yn Dronryp it Skots & Skeef Festival plak.

Tsjerklik libbenBewurkje

 
It earder tsjerkje 'Het Mosterzaadje'

Dronryp stiet derom bekend dat it mei plakken as Boalsert, Reahûs, Wytgaard en Blauhûs ien fan 'e grutste roomske enklaven yn Fryslân is. De Ryp hat nei 1796 altiten de iennige parochy fan Menameradiel west. Yn 1796 wiene der 173 belidende roomsen op in totale doarpsbefolking fan 919 minsken, wat delkomt op 18,8% fan 'e befolking. Oan 'e protestantske kant wie Dronryp yn 'e 19e iuw en de earste helte fan 'e 20e iuw útsprutsen frijsinnich; de Rypster rjochtsinnigen tsjerkten yn Menaam. Yn 1897 waard der yn Dronryp troch bemuoienis fan 'e grifformearde klassis Frjentsjer in selsstannige grifformearde tsjerke ynstituearre en yn 1908 lieten de grifformearden de Rehobothtsjerke bouwe. Mei de foarming fan de PKN is de grifformearde tsjerke ferkocht en op snein 29 oktober 2006 waard dêr foar it lêst noch in tsjinst holden. Yn 1925 liet de Nederlânsk Herfoarme Evangelisaasje Feriening Het Mosterdzaadje bouwe oan de Puoldyk, dy tsjerke hat likernôch in heale iuw yn gebrûk west. Minnisten hawwe der yn Dronryp nea net in soad west; sels yn 1796 waarden der mar fiif teld.

SkoallenBewurkje

Dronryp hat trije basisskoallen, wêrfan't de Iepenbiere Basisskoalle "De Romte" de âldste is. De roomske Sint-Radbodusskoalle waard yn 1875 iepene, en de Protestantsk-kristlike Basisskoalle "It Anker", stifte troch rjochtsinnich herfoarmden en grifformearden, datearret fan 1908.

FerieningsBewurkje

 
Keatsfjild

BefolkingBewurkje

Oant fier yn 'e jierren 1970 wie Dronryp neffens ynwennertal it twadde doarp fan 'e gemeente Menameradiel, nei Berltsum, mar foàr it haadplak Menaam. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren 1970 is it doarp ek Berltsum foarby stribbe. De ynwennerstallen fan Dronryp namen dêrbei stadich ta, mei inkeld yn 'e midden fan 'e jierren 1950 fan 'e 20e iuw in lytse tebekfal. De ynwenners fan Dronryp binne Rypsters.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1714 1748 1796 1815 1855 1880 1954 1964 1974 2004 2008 2011 2021
Ynwenners 750 760 919 1.043 1.647 1.942 2.018 1.902 2.254 3.250 3.400 3.500 3.275

Ferneamde RypstersBewurkje

 
Stânbyld fan Alma Tadema yn Dronryp
Berne yn Dronryp
Oare bekende ynwenners

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Alle Cijfers
  2. Santema, O., Dronryp, yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, Skiednis fan Menameradiel, s. 404.

boarnen:

  • Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, Skiednis fan Menameradiel, Ljouwert, 1972 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 14 273.
  • Bosma, Andries, en Dijkstra, Harrie, Net Ferjitte... Niet Fergete: Menaldumadeel en Het Biltdt in de Jaren 1940-1945, Frjentsjer, 1995 (Van Wijnen), ISBN 9 05 19 41 307.

 
Plakken yn de gemeente De Waadhoeke
 
Stêd: Frjentsjer

Doarpen en útbuorrens: AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp

Buorskippen: AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part) • DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein