Keimpetille (mole)

(Trochferwiisd fan Keimpetille (mûne))

De Keimpetille (Nederlânsk: Kingmatille) is in poldermole en ryksmonumint oan de Hatsumer Opfeart besúdwesten it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke.

Keimpetille
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Dronryp
adres by Keimptilsterdyk 10
koördinaten 53° 11' N 5° 36' E
bysûnderheden
type mûne muonts
oarspr. gebrûk Poldermûne
flecht 13 meter
boujier 1870; weropbou 1987
oare ynformaasje
eigner Stifting Mûnen yn Menameradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28614 [1]
Webside
Stifting Mûnen Menameradiel
Kaart
Keimpetille (Fryslân)
Keimpetille

De Keimpetille waard yn 1870 boud en yn 1987 op it hjoeddeiske stee tichteby it Van Harinxmakanaal setten, dêr't er de 'Hatsumerpolder' bemealt.

De mole is dêrneist ek mealree yn sirkwy. Súdeastlik fan de mûne stiet it mûndershûs.

Yn 1991 waard de mole, dy't eigendom is fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, foar it lêst restaurearre. De reparearre fizel is nei in defekt yn 2009 werom set. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

De Keimpetille is in houten achtkante muonts mei stiennen fjildmuorren. It achtkant en de kape binne mei mei reid dutsen en de wjukken hawwe in flecht fan 13 meter. De wipstôk fan de Keimpetille is fersierd mei in ienhoarn.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: