Van Harinxmakanaal
It Van Harinxmakanaal begjint east fan Ljouwert, dêr't it krekt benoarden de Foanejachtbrêge oanslút op it Prinses Margrietkanaal, en einigt yn Harns. Troch de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns komt it kanaal út yn de Waadsee. It kanaal fan 37½ kilometer is te befarren foar skippen oant 85 meter lingte.
It wetter is op 30 maaie 1951 iepensteld. It krige syn namme fan baron Piter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten. Tusken Harns en Ljouwert rûn foar 1950 de Harnzer Trekfeart. Dizze waard ferbrede en ferdjippe ta -3,5m s.p.ta Van Harinxmakanaal, wêrby't in pear bochten ôfsnien waarden. It Van Harinxmakanaal is yn 1951 foltôge.
By Frjentsjer wurdt it diel fan 'e stêd besuden it kanaal troch de Stasjonsbrêge ferbûn mei de Frjentsjerter binnenstêd, oan 'e noardkant fan it kanaal.