Foanejachtbrêge
De Foanejachtbrêge is in brêge oer it Prinses Margrietkanaal yn de N31 tusken Ljouwert en Drachten. It Prinses Margrietkanaal is de haadfarrûte fan Amsterdam oer De Lemmer nei Delfsyl. Oer de Foanejachtbrêge rint parallel oan de N31 de Stûkenwei.
Oant maart 2008 wurdt der wurke oan ferdûbeling fan de N31 (fan 2 x 1 baan nei 2 x 2) en tagelyk ek ferdûbeling en ferheging fan de Foanejachtbrêge. De Foanejachtbrêge dy’t yn 1962 boud is hie in hichte fan 7,5 meter en is in febrewaris 2006 sloopt. De nije brêge wurdt boud yn twa dielen om fasearring fan de bou mooglik te meitsjen om it autoferkear mei sa min mooglik lûdhinder de dyk brûke te litten. It earste diel fan de nije Foanejachtbrêge is yn novimber 2005 in gebrûk nommen. Nei sloop fan de âlde brêge út 1962 wurdt op itselde plak in twadde brêge boud. Beide nije brêgen sille 9,5 meter heech wêze. In hichte dêr’t binnefeartskippen mei fjouwer lagen konteners ûndertroch kinne, sûnder dat de brêge iepen hoecht. Iepenjen fan de brêge sil allinnich op oanfraach barre tusken 2 en 4 oere nachts.
Nei it yn gebrûk nimmen fan de brêge yn 2008 sil de Steande Mêstrûte ferpleatst wurde nei it akwadukt Langdiel dat besuden Ljouwert boud wurdt. De kar fan akwadukt Langdiel én Foanejachtbrêge is foar skieding fan beropsfeart en plesierfeart.
-
It heien fan de earste betonpeallen fan de Foanejachtbrêge Noard
-
De kolommen fan de âlde en de nije brêge njonken inoar
-
It pleatsen fan de lizzers op de Foanejachtbrêge Noard
-
It ynhysjen fan de stielen brêgekleppe
-
De brêgekleppen fan de âlde en nije brêge njonken elkoar