Brêge
In brêge is bouwurk dat in fêste of beweegbere ferbining foar ferkear foarmet tusken twa punten dy't skaat wurde troch in rivier, kanaal, kleau, delling, wei, spoar of in oar obstakel dêr't de brêge oerhinne giet. As in brêge oer in spoar of in wei hinne giet, wurdt der yn 'e regel fan in fiadukt sprutsen. In brêge kin ûntwurpen wêze om in ferhurde dyk, spoar, kanaal (kanaalbrêge) of in wetterlieding (akwadukt) te dragen.
- Dizze side giet oer it bouwurk brêge. Foar oare betsjuttings, sjoch: brêge (betsjuttingsside).
In brêge bestiet út 'e boppebou, dêr't it ferkear oerhinne laat wurdt, en de ûnderbou, mei pylders en fundearrings, dy't it gewicht fan sawol brêge as ferkear oerbringt op 'e ûndergrûn. Brêgen oer wetterwegen hawwe faak in beweechber ûnderdiel dat iepen en ticht kin, itsij op en del, itsij fansiden, sadat it oangeande wetter net hielendal ôfsletten rekket foar de skipfeart. Tsjintwurdich binne brêgen yn 'e regel makke fan beton en metaal (benammen stiel). Foarhinne (en noch wol foar bgl. fytsbrêgen) waard gebrûk makke fan lichtere materialen, lykas hout of sels bamboe.
Brêgen binne der yn ferskate foarmen. Sa komme yn Fryslân fan âlds foar:
- in planke, balke post of hout (de ienfâldichste soarte fan brêge sûnder lining)
- it heechhout: smelle brêge foar fuotgongers
- de draai: in draaibere planke mei lining
- de barte: in losse helpbrêge dy't mei klampen of plankjes byinoar holden wurdt; sûnder lining foar fee of weinen
- it set: in lânhaad dêr't in pear barten op lein wurde, in ienfâldich brechje wêrfan't it middenstik oan 'e kant skood wurde kin om skippen troch te litten
- de fonder: in losse helpbrêge
- de tille: fêste en frij brede en hege brêge mei linings oan wjerskanten
- de piip: stiennene bôgebrêge, meastentiids yn 'e stêden
- de post: in âlde namme foar in brechje
It ferskaat is yn plaknammen werom te kennen: Balk, Bûtenpost, Stinebarten, Hoptille en Draaisterhuzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|