Ienhoarn
In ienhoarn (útspr.: ['i.ənho.ən], likernôch: "ien-hoan"; meartal: ienhoarnen, útspr.: ['i.ənwanən], likernôch: "ien-ûa-nun") is in mytysk wêzen dat rûchwei liket op in hynder mei ien lange, rjochte hoarn dy't út 'e foarholle wei groeit. Sokke wêzens komme rûnom foar yn 'e folkloare fan Jeropa en dielen fan Aazje. Se hawwe in lange skiednis, dy't tebek giet oant de beskaving fan de Yndusdelling. Ienhoarnen wurde yn 'e regel assosjearre mei suverens en de fammesteat. Ek waard it bist meitiid in symboal foar wyldheid, en tsjintwurdich wurdt it brûkt as in metafoar foar seldsumens of homoseksualiteit.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe ienhoarn wurdt yn 'e regel ôfbylde as in wyt hynder mei in inkele, lange, rjochte, spiraalfoarmige hoarn, dy't foarútstiket út 'e foarholle wei. Njonken hynste-eftige lichemsdielen hat er lykwols ek geiteftige skaaimerken. Sa hat de ienhoarn spjalten hoeven, oars as hynders, dat ûnevenhoevige bisten binne. Fierders wurde ienhoarnen faak ôfbylde mei in geitesik ûnder it kin. De sturt einiget yn in hierrige punt, dy't noch by hynders, noch by geiten foarkomt, mar earder fan in liuw oernommen liket te wêzen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ienhoarn hat in lange skiednis. Yn noardwestlik Yndia en eastlik en súdeastlik Pakistan binne by argeologyske opgravings nei de beskaving fan de Yndusdelling (3300 f.Kr. – 1300 f.Kr.) ferskate segels fûn dêr't ôfbyldings fan ienhoarnen op lykje te stean. It tinken is dat sokke segels immen fan hege maatskiplike rang oantsjutte. Dêrby moat oantekene wurde dat de plaatsjes sa ûndúdlik binne dat it ek om in oerokse gean kinne soe, in soarte fan wyld kobist dat yn 'e prehistoarje (en oant yn 'e histoaryske perioade) yn Jeropa, dielen fan Aazje en Noard-Afrika libbe. It bist wurdt op 'e segels nammentlik altyd yn profyl toand, wat betsjutte kin dat der in twadde hoarn wêze kin dy't yn dy posysje net te sjen is.
Yn it âlde Grikelân makken ienhoarnen gjin ûnderdiel út fan 'e Grykske mytology, mar fan 'e natoerhistoarje, om't 'e âlde Griken derfan oertsjûge wiene dat sokke bisten wier bestiene. Spesifyk leauden se dat ienhoarnen yn Ynje foarkamen, dat foar harren in fier en mar dizenich bekend oard wie. De ierste beskriuwing komt út it boek Indika ("Oer Ynje") fan Ktesias, mar ek oare Grykske en Romeinske skriuwers as Strabo, Plinius de Jongere, Klaudius Aelianus en Kosmas Indikopleustes skreaune oer de ienhoarn.
Oan 'e ein fan 'e Aldheid rekke de kennis út 'e boppeneamde boarnen fermongen mei in foutive oersetting fan 'e Bibel. It Hebriuwske wurd re’em (רְאֵם), dat foarkomt yn Numeri 23:22 en 24:8, Deuteronomium 33:17, Job 39:10, en Psalmen 22:22, 29:6 en 92:11, waard nammentlik yn ynfloedrike iere bibeloersettings as de Grykske Septuaginta en de Latynske Fulgaat fertaald as "ienhoarn" (monokeros yn 'e Septuaginta, en unicornis yn 'e Fulgaat), en dat waard oernommen troch in soad lettere bibeloersettings, lykas de Ingelske King James Bible (1611) en de Nederlânske Steatefertaling (1637). It giet yn al dy passaazjes om in wyld, net nuet te meitsjen bist fan grutte krêft en linigens. Oft dat bist ien hoarn of in pear hoarnen hat, is yn 'e oarspronklike Hebriuwske tekst ûndúdlik, wierskynlik om't it sa foar de hân lei dat it net iens by de skriuwers opkommen is om dat út te lizzen. Moderne bibelwittenskippers binne it deroer iens dat de jûne omskriuwing it bêste by de oerokse paste. Moderne bibeloersettings brûke it wurdt 'ienhoarn' dan ek net mear, mar skriuwe, lykas de Nije Fryske Bibeloersetting, "wâldokse", "okse", "bolle" of "buffel".
Yn 'e Fysiologus, in Gryksktalige tekst dy't de foargonger fan alle Midsiuwske bestiaria wie, waard in komplekse allegory popularisearre wêryn't de ienhoarn foar weropstanning fan 'e minsklike siel nei de dea stie, en fongen waard troch in faam dy't noch gjin seksuële omgong mei in man hân hie. Sadree't de ienhoarn de faam, dy't stiet foar de Faam Marije, sjocht, leit er de kop by har op 'e skurte en falt yn 'e sliep. Dat ferhaal waard de grûnslach fan it hiele Midsiuwske tinken oer de ienhoarn. It bist waard sjoen as in symboal fan suverens en graasje, dat inkeld troch in faam betwongen wurde koe. Men woe hawwe dat de hoarn fan in ienhoarn fergiftige wetter suverje koe, sadat it wer te drinken wie. Ek soe ienhoarnhoarn yn ferpoeiere foarm alderhanne sykten genêze kinne.
Dat late derta dat de lange tosk fan 'e narwal, in walfiskeftige dy't soms noch wol "de ienhoarn fan 'e see" neamd wurdt, fanwegen de likenis wol as de hoarn fan in ienhoarn ferkocht waard. De saneamde Ienhoarntroan fan Denemark, dy't makke wêze soe fan ienhoarnhoarnen, bestiet bygelyks frijwol wis út 'e slachtosken fan narwals. Itselde materiaal waard brûkt foar it meitsjen fan seremoniële drinkbekers, wat te krijen hie mei it idee dat ienhoarnhoarn gif neutralisearje koe.
Yn 'e trettjinde iuw waard de ienhoarn beskreaun troch de Fenesiaanske reizger Marco Polo, dy't sels sa'n bist sjoen hie. Hy skreau dat de ienhoarnen "mar kwealk lytser as oaljefanten [binne]. Se hawwe it hier fan in buffel en poaten as dy fan in oaljefant. Se hawwe ien inkele grutte swarte hoarn yn 'e midden fan 'e foarholle [...]. Se hawwe in kop as de kop fan in everswyn [...]. Se bringe de tiid by foarkar troch mei it rôljen yn drek en slym. It binne lilke dingen om te sjen. Se binne hielendal net sa't wy se beskriuwe [...]." Mei de kennis fan no is it dúdlik dat Marco Polo hjir eins de Yndyske noashoarn beskreau.
Mei de opkomst fan it humanisme yn 'e Renêssânse kaam de ienhoarn ek symboal te stean foar mear sekuliere ideeën, lykas keine leafde en houlikstrou.
Heraldyk
bewurkje seksjeYn 'e heraldyk stiet de ienhoarn foar kriichshaftigens en dapperens. Hy komt sadwaande as heraldysk stik foar op in protte famyljewapens en wapens fan stêden en gemeenten. Yn Fryslân is er bekend fan it wapen fan 'e eardere gritenij en gemeente Menameradiel. Dêrfandinne dat de lokale omrop fan dy gemeente Radio Ienhoarn hiet. Bûten Fryslân komt de ienhoarn foar yn û.o. it wapen fan it Flaamske Kruibeke en as skylddrager û.m. yn it wapen fan Hoarn, yn Noard-Hollân. De ienhoarn is ek ien fan 'e skylddragers fan it wapen fan it Feriene Keninkryk, tegearre mei in heraldyske liuw. Dêrby stiet de ienhoarn foar Skotlân en de liuw foar Ingelân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|