Marco Polo (15 septimber 1254, Korčula of Feneesje9 jannewaris 1324, Feneesje) wie in hanneler en ûntdekkingsreizger. Syn beskriuwings fan de lange reis nei Sina foarmen iuwenlang foar Jeropeanen de wichtichste boarne fan ynformaasje oer Aazje.

Polo yn Tartaarsk kostúm.
Marko Polo yn Sina (plaatsje út it boek Il milione, 1298–1299)

Marko gong fuort yn 1271 mei syn heit en broer fia Bagdad, Perzje en Pamir nei Peking. Yn Sina wûn Marko de geunst fan de grut-kaan Kûbilay, dy't him op ferskate reizen fuortstjoerde, û.o. nei Tibet, Burma en Yndosjina. Fan 1282 oant 1285 wie hy gûverneur fan Nanking. Yn 1295 kearde hy werom nei Feneesje.

Rillegau nei't Marco Polo werom kaam fan syn reizen rekke er belutsen by in oarloch tsjin Genua. Hy waard fêstsetten. Yn de finzenis krige er kunde oan Rustichello fan Pisa, dy't skriuwer wie. Him ferhelle Polo al syn aventoeren. Rusticello skreau dy op wat laat hat ta it boek De Reizen fan Marco Polo, dat ferneamd waard yn hiel Jeropa yn in tiid dat der suver neat bekend wie oer it Easten.

Guon moderne histoarisy, sa as dr. Frances Wood en Peter Jackson yn Ingelân, sette fraachtekens by de sekuerens fan Polo's ferslach, Il Milione. Fan dat boek binne ferskillende ferzjes bekend, dy't net hielendal meiinoar stroke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje