Myanmar
| |||||
Offisjele taal | Birmaansk | ||||
Haadstêd | Naypyidaw | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
678.500 km² 3,06% | ||||
Ynwenners (2013) | 55.167.330 | ||||
Munt | Kyat (MMK) | ||||
Tiidsône | UTC +6,5 | ||||
Nasjonale feestdei | 4 jannewaris | ||||
Lânkoade | MMR | ||||
Ynternet | .mm | ||||
Tillefoan | 95 |
Myanmar of Birma is in lân yn Súdeast-Aazje. It lân hjit sûnt 21 oktober 2010 offisjeel Republyk fan de Uny fan Myanmar, fan 1989 oant 2010 hjitte it Uny fan Myanmar. De haadstêd is sûnt 7 novimber 2005 it sintraal yn it lân lizzende Naypyidaw. De âlde haadstêd Rangoon (Yangon), de grutste stêd fan it lân, wurdt ûnder oaren troch België, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten noch altyd as haadstêd beskôge. Nederlân erkent de nije haadstêd wol.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeMyanmar wurdt begrinzge troch:
- Sina yn it noarden;
- Laos yn it easten;
- Tailân yn it súdeasten;
- de Andamaanske See en de Baai fan Bingalen yn it suden;
- Banglades en Yndia yn it westen.
Lânskip
bewurkje seksjeMyanmar hat oan de grinzen rûnom hege bergen. It mei oerwâlden begroeide Arakanberchtme is in útrinner fan de Himalaya. Eastlike fan dat berchtme leit in tinbefolke leechflakte, it Shan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan de Irrawady. Dy rivier befloeid it grutste rysikkerlân fan de wrâld.
It lân hat in tropysk klimaat en leit yn in moessonsône. Populêre toeristenbestimmingen binne de boedistyske monuminten yn Yangon en Pagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.
Foar de kust lizze ek in protte eilannen.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 8e iuw waard it gebiet fan Myanmar kolonisearre fanút Sina en yn de 13e iuw troch de Mongoalen ferovere. De striid om Myanmar troch ferskate riken einige yn 1752 doe't it hiele lân ûnder ien Birmeesk bewâld brocht waard.
Yn de rin fan de 19e iuw waard Myanmar yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynlive en stie it ûnder Britsk bewâld. Yn 1937 krige it selsbestjoer ûnder in Britsk gûverneur en yn 1948 folge in folslein ûnôfhinklik parlimintêre demokrasy bûten it Britske Mienebest.
Under premier U Nu oriëntearre Myanmar harren hieltyd mear op it kommunistyske Sina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn 1962 troch it leger ôfsetten en folge in militêr rezjym dat sûnt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjinholden hat.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeDe befolking fan Myanmar bestiet út in protte etnyske groepen, û.o. de Birmanen (69%), Sjan (9%), Karen (6%), Arakanezen (5%), Mon (2%) en de Katsjin (1%).
Religy
bewurkje seksjeIt grutste part fan de befolking is boedistysk (Theravada) (89%). It kristendom (4%: 3% baptisten en 1% katoliken) en de islam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ûnder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.
Taal
bewurkje seksjeIt Birmaansk is de offisjele taal; it wurdt skreaun yn it Birmaansk skrift. Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.
Ferneamde Birmezen/Myanmarezen
bewurkje seksje- U Thant (1909-1974), diplomaat
- Aung San (1915-1947), revolúsjonêr
- Tin Moe (1933-2007), dichter
- Aung San Suu Kyi (1945), politika en dissidint