East of it easten is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken, njonken noard, súd en west. De namme komt fuort út it Proto-Germaanske *aus-t- ("moarnsdage"), fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *austo-s, in ferbûging fan 'e woartel *aues-: "út 'en [readens] skine". In synonym foar 'east' is Oriïnt, dat yn 'e regel brûkt wurdt om it easten fan it Jeraziatyske kontinint mei oant te tsjutten; it eigenskipswurd oriïntaalsk ferwiist sadwaande ek nei saken of persoanen út it Midden-Easten of it Fiere Easten. Yn 'e koloniale tiid spriek men ek wol fan 'de East' as men East-Ynje bedoelde.

In 16-puntige kompasroas, mei it easten oanjûn yn swart.

It easten is it tsjinstelde fan it westen. It is de rjochting dêr't de sinne liket op te kommen. Yn 'e astronomy is it easten definiëarre as de rjochting dêr't in himellichem yn syn omrin by wei draait. Op in lânkaart wurdt it easten tradisjoneel as de rjochterkant beskôge, sadat men it noarden boppe hat en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it easten as men it oer it eastlik healrûn hat.

Om't de sinne yn 'e waarnimming fan ierdbewenners yn it easten opkomt (wat as in symboal fan fernijing sjoen wurdt dat assosjearre wurdt mei de opstanning út de dea), is it yn in protte hjoeddeiske en histoaryske religyen wizânsje om yn 'e rjochting fan it easten te bidden. Yn in diel fan it kristendom bestie(t) dy gewoante ek; dêrom steane âldere tsjerken oer it algemien mei it skip nei it easten ta, en wurde de lju ek mei it gesicht (d.w.s. de holle) nei it easten ta begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.