It eastlik healrûn is it part fan de wrâld eastlik fan nulmeridiaan en westlik fan de meridiaan fan 180°. De hoeke fan meridianen op dit healrûn wurdt omskreaun as easterlingte.

Eastlik healrûn

De oare helte fan de ierde is it westlik healrûn. Guon minsken, fral yn Amearika, brûke eastlik healrûn as synonym foar Alde Wrâld, mar feitlikens lizze de westlike úteinen fan de Alde Wrâld op it westlik healrûn.

Dat de meridiaan fan Greenwich as útgongswearde keazen is komt mei't de measte seekaarten op de meridiaan fan Greenwich basearre wienen. Dat kaam omdat de Ingelsken as earsten de geografyske lingte sekuer bepalen koenen; hja wienen de útfiners fan de seeweardige gronomjitter, en Ingelân wie doe de grutste seegeande naasje.