Healrûn
In healrûn is de helte fan de Ierde, beheind troch in grutsirkel.
Der is in ûnbeheind tal fan folle grutsirkels, en dêrmei ek in ûnbeheind tal fan healrûnen. Mar de healrûnen dêr't it measte brûk fan makke wurdt binne:
- It noardlik healrûn en it súdlik healrûn, skieden troch de evener.
- It westlik healrûn en it eastlik healrûn, skieden troch de grutsirkel oer de nulmeridiaan.
- It lânhealrûn en it wetterhealrûn.
Op oare planeten kinne op deselde manieren healrûnen oanwiisd wurde.
-
noardlik healrûn
-
súdlik healrûn