Lânhealrûn
It lânhealrûn is it healrûn mei it heechste persintaazje lân.
Der binne ferskate manieren wêrop dy omskriuwing útwurkt wurdt:
- Dat healrûn, dat fan alle mooglike healrûnen fan de Ierde it healrûn is mei it heechste persintaazje lân.
- Fan de grutsirkel mei it grutste ferskil yn persintaazje lân tusken de twa healrûnen, it healrûn mei it measte lân.
- It healrûn beheind troch de evener dat it grutste persintaazje lân hat, it noardlik healrûn.
De earste mooglikheid wurdt it meast brûkt as omskriuwing, wylst de twadde de meast-brûkte útwurking is.
Wêr't it lânhealrûn presys leit is net dúdlik, útsein foar de tredde mooglikheid. It is al dúdlik dat Jeropa yn it midden leit, mei dêrom hinne Noard-Amearika en Aazje, útsein fan beide de fierste kusten, mei dêr noch by de dikke "koppen" fan Afrika en Súd-Amearika. Dit jout in healrûn mei likernôch 47% lân. Dat betsjut dat sels op it healrûn mei it heechste persintaazje lân, der hieltyd noch minder lân is as wetter.