Astronomy
Astronomy of stjerrekunde is de wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de observaasje en útlis fan alles bûten de atmosfear.
Subjekten
bewurkje seksjeDe astronomy bestudearret ferskate objekten, lykas:
Fjilden
bewurkje seksjeDer binne ferskate fjilden yn de astronomy:
Wichtige jiertallen
bewurkje seksjeFoar Kristus:
- likernôch 500: Pytagoristen proklamearje dat de ierde om in sintraal himellichem beweecht.
- likernôch 382: Yn Grikelân komt Meton fan Atene mei in lunisolêre kalinder.
- 382: Demokrit beskriuwt de molkwei as in stjerrestelsel.
- 374: Matematysk-astronomyske skoalle fan Eudoxus.
- 289: Aristarchus berekkenet de ôfstân en grutte fan de sinne en de moanne.
- 288: Eratostenes berekkenet de omfang fan de ierde frij sekuer op 39816 kilometer.
- 131: Hipparchus beskriuwt 1008 stjerren.
Nei Kristus:
- 153: Geosintrysk wrâldbyld fan Ptolemaeus.
- 1250: Planetetafel fan Alfons X fan Kastylje.
- 1543: Oer de omwintelings fan de himellichems fan Copernicus wurdt publisearre.
- 1610: G. Galilei ûntdekt de sinneflekken. Fierders stelt er fêst dat Fenus lykas de moanne fases hat, en yn in baan om de sinne draait.
- 1655: Huygens ferklearret de ring om Saturnus en ûntdekt de earste moanne om Saturnus hinne.
- 1676: Berekkening fan de ljochtsnelheid troch Ole Rømer.
- 1679: Halley bestudearret de súdlike stjerrehimel.
- 1687: Wet fan de swiertekrêft fan Newton.
- 1781: Wilhelm Herschel ûntdekt de planeet Uranus.
- 1796: Teory oer it ûntstean fan it sinnestelsel troch Laplace.
- 1843: Samuel Schwabe skriuwt as earste oer de syklus fan de sinneflekken.
- 1846: Johann Gottfried Galle ûntdekt Neptunus nei oanwizings fan Urbain Le Verrier .
- 1877: De Marskanalen wurde foar it earst sjoen.
- 1913: Publikaasje fan it Hertzsprung-Russelldiagram.
- 1917: De ôfstân fan de Andromedadize wurdt beskieden troch Heber Doust Curtis.
- 1929: Neffens in berekkening fan Edwin Hubble wreidet it hielal him út.
- 1930: Untdekking fan Pluto troch Clyde Tombaugh.
- 1931: Mjitting fan radiostrielen út it hielal wei.
- 1946: Begjin fan de ûntjouwing fan de radioastronomy.
- 1952: Jan Hendrik Oort steld de spiraalskruktuer fan in diel fan de molkwei fêst.
- 1958: De Van-Allen-Gurdle wurdt ûntdekt.
- 1962: De Amerikaanske romtesonde Mariner 2 berikt op 14 desimber de planeet Fenus.
- 1963: De earste kwasar wurdt ûntdekt.
- 1965: Romtesonde Mariner 2 ûndersiket it Marsoerflak.
- 1966: De Sowjet romtesonde Luna 10 is de earste satellyt dy't yn in baan om de moanne brocht wurdt.
- 1967: Untdekking fan de earste Pulsar.
- 1969: De Space Shuttle's Apollo 11 en 12 lâne op de moanne.
- 1975: De romteskippen Viking 1 en 2 sette nei Mars.
- 1977: Begjin fan de Voyager 1 en 2 missy, dy't Jupiter (1979) en Saturnus (1980) en Uranus (1986) ûndersiket.
- 1978: Untdekking fan de Pluto moanne Charon.
- 1979: Untdekking fan in tinne ring om Jupiter.
- 1986: De Europeeske romtesonde Giotto ûndersiket de komeet Halley; Untdekking fan in supernova yn de Magelhaanske wolken.
- 1989: De satellyt Hipporcos berekkenet it krekte plak fan 120.000 stjerren.
- 1990: De romteteleskoop Hubble en de röntgensatellyt ROSAT wurde yn in baan om de ierde brocht.
- 1994: Ynslach fan ôfbrutsen parten fan de komeet Shoemaker-Levy 9 op Jupiter.
- 1995: De romtesonde Galileo arrivearret nei seis jier by de planeet Jupiter.
- 1995/96: Untdekking fan de earste planeten om in stjer dy't op ús sinne liket.
- 1997: Romtesonde Pathfinder komt oan op Mars.
- 1998: De Amerikaanske romtesonde Lunar Prospector fynt iis op de moanne.
- 2001: Lâning fan de NASA-romtesonde NEAR Shoemaker op de asteroïde Eros.
- 2003: Untdekking fan de planetoïde Sedna.
- 2005: Lâning fan de Huygens-romtesonde op Titan, in moanne fan Saturnus.
- 2006: Romtesonde Stardust bringt foar de earste kear yn de skiednis stof fan in komeet (Wild 2) nei ierde; Pluto ferliest syn status as planeet en wurdt tenei as dwerchplaneet klasifisearre.
- 2007: De earste planeet dy't op ús ierde liket wurdt ûntdekt op 20 ljochtjierren distânsje fan de ierde (G1581 c).