Edwin Powell Hubble (Marshfield (Missoery), 20 novimber 1889San Marino (Kalifornje, 28 septimber 1953) wie in Amerikaansk astronoom en kosmolooch. Hubble koe yn 1923 sjen litte dat de 'dize' dy't oan de himmel te sjen binne, ôfsûnderlike stjerrestelsels binne. Dêrmei waard it bewiis levere dat it hielal folle grutter is as ynearsten tocht waard. Ien fan syn wichtichste ûntdekkings (1929) wie dat dêr in ferbân bestie tusken de readferskowings fan fiere stjerrestelsels en harren ôfstân ta de ierde. Dêrmei koe de teory dat it hielal útwreide ferklearre wurde.

Edwin Hubble
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edwin Powell Hubble
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 novimber 1889
berteplak Marshfield (Missoery)
stoarn 28 septimber 1953
stjerplak San Marino (Kalifornje)
etnisiteit flagge fan de Feriene Steaten Anglo-Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt astronomy
aktyf as astronoom, kosmolooch
reden
  bekendheid
Hubble-sekwinsje, oerknal, Wet fan Hubble-Lemaître

Libbensrin bewurkje seksje

 
Edwin Powel Hubble

Hubble waard berne as de soan fan John Powell Hubble (in fersekeringsdirekteur) en Virginia Lee James, yn Marshfield yn de steat Missoery en wijde him yn syn stúdzje oan de Universiteit fan Chicago benammen oan wiskunde en astronomy. Hy wie mear bekend om syn sportive prestaasjes - rekord heechspringen fan Illinois - as as yntellektueel. Yn 1910 helle er syn bachelorsdiploma. De trije jier dêrnei studearre er oan de Universiteit fan Oksford (Ingelân) mei help fan in Rhodesbeurs. Hy studearre dêr rjochten en Spaansk en ûntfong in M.A. (Master of Arts)-diploma. De rest fan syn libben die er him as in Ingelsman foar, gauris ta argewaasje fan syn Amerikaanske kollega's.

Hubble gie werom nei de Feriene Steaten dêr't er learaar, basketbaltrainer en abbekaat waard. Yn de Earste Wrâldkriich waard er majoar. Nei de kriich kearde er werom ta de stjerrekunde en wurke er by de Yerkes Observatory fan de Universiteit fan Chicago, dêr't er yn 1917 de doktorstitel (PhD) by helle troch in proefskrift "Photographic Investigations of Faint Nebulae" (Fotografysk ûndersiik nei swakke nevels).

Yn 1919 waard Hubble wurk oanbean troch George Ellery Hale, de grûnlizzer en direkteur fan it Mount Wilson Observatory dat by it Carnegie-ynstitút heart yn Pasadena, Kalifornje. Dêr bleau er wurkjen oant en mei syn dea yn 1953. Koart foar syn dea waard de 200-inch Hale teleskoop yn it Palomar Observatory foltôge. Hubble wie de earste dy't der gebrûk fan meitsje koe.

Priveelibben bewurkje seksje

Hubble boaske Grace Lillian (Burke) Leib (1889-1980), dochter fan John Patrick en Luelle (Kepford ) Burke op 26 febrewaris 1924.

Hubble hie yn july 1949 in hertoanfal, wylst er fakânsje yn Kolorado wie. Hy waard troch syn frou fersoarge. Hy paste syn dieet oan en sette syn wurk dêrnei troch. Op 28 septimber 1953 ferstoar Edwin Hubble troch in oerhaal. Der waard gjin begraffenis hâlden en syn frou hat nea bekend makke wat er mei it oerskot fan him bard is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edwin Hubble fan Wikimedia Commons.