Kosmology

(Trochferwiisd fan Kosmolooch)

Kosmology (fan it Grykske κόσμος, kosmos, "wrâld", en -λογία, -logia, "kennis") is de tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan it universum. Kosmology ûnderskiedt him fan astronomy trochdat kosmology ûndersyk docht nei it hielal as gehiel, wylst de astronomy him taleit op ûnderskate objekten ýn it hielal, lykas stjerren en planeten. As term hat 'kosmology' syn oarsprong yn 'e Ingelske taal, mei't it wurd yn 1656 betocht waard troch Thomas Blount foar syn Glossographia. Pas yn 1731 krong it troch yn it Latyn troch it boek Cosmologia Generalis fan 'e Dútske filosoof Christian Wolff.

De fierste stjerrestelsels dy't ea waar-nommen binne op in foto fan 'e Hubble-tilleskoop út 2012.

Natuerkundige kosmology is in tûke fan 'e astrofysika dy't him taleit op it bestudearjen fan 'e oarsprong, evolúsje en it úteinlike lot fan it hielal. Wichtige ûndersyksmêden binne de grutskalige struktueren (lykas stjerrestelsels) fan it hielal, de ûnderlinge dynamyk fan dy struktueren, en wat der úteinlik fan it hielal wurde sil. Ek de wetten fan 'e wittenskip dy't op sokke ûndersyksmêden fan tapassing binne, hearre ta it wurkterrein fan 'e natuerkundige kosmology. De hjoeddeistige kosmology wurdt sterk behearske troch de oerknalteory, dy't besiket en ferienje de waarnimmingsastronomy mei de dieltsjesfysika. Astrofysikus David N. Spergel hat de natuerkundige kosmology omskreaun as in foarm fan historiografy, want "as we nei de romte sjogge, sjogge we werom yn 'e tiid" (in ferskynsel feroarsake troch it einige aard fan 'e faasje fan it ljocht).

Yn 'e religieuze kontekst, dêrfoaroer, is in kosmology in samling leauwensoertsjûgings dy't basearre binne op mytologyske, religieuze en esotearyske literatuer en tradysjes fan skeppingsmyten en eskatology. It giet dan oer de yndieling fan 'e wrâld of wrâlden neffens de lear fan in godstsjinst, faak mei in minskewrâld, ien of mear himels en in ûnderwrâld of hel en hokfoar oare foarmen fan bestean oft dêr ek mar oan tafoege wurde kinne. Soks is it wurkterrein fan 'e metafysika, in ûnderdiel fan teology, godstsjinstwittenskippen en filosofy.

Ek yn 'e natuerkundige kosmology binne njonken natuerkundigen en astronomen filosofen behelle, om't de kosmology net inkeld op it snijflak tan 'e natuerkunde en de astronomy leit, mar ek in dúdlik reitsflak hat mei de filosofy. Der bestiet hjoed de dei in mânske samling fan waarnimmings en oare gegevens dêr't ûndersikers harren ynsichten oan ûntliene en harren teoryen op basearje kinne, mar troch de ûntinkbere ôfstannen yn it hielal moat in grut diel fan 'e kosmology fan needs fuortkomme út giswurk. Sadwaande komt men yn dizze tûke fan wittenskip sawol wittenskiplike as net-wittenskiplike foarstellen tsjin, en beide kinne skoarre wêze troch oannames dy't net hifke wurde kinne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.