In Rhodesbeurs (Ingelsk: Rhodes Scholarship) is prestizjeuze ynternasjonale stúdzjebeurs foar in ferfolchstúdzje oan 'e bekende Britske Universiteit fan Oxford. Hy wurdt takend foar twa jier en kin yn it twadde jier ûnder beskate betingsten ferlinge wurde oant trije jier. De beurs bestiet út it fereaske kolleezjejild plus in ienris yn 'e moanne útbetelle talage foar ferbliuwskosten en libbensûnderhâld.

Rhodes House, yn Oxford, de sit fan The Rhodes Trust.

De Rhodesbeurs is ferneamd nei de Britske koloniaal sir Cecil Rhodes (nei wa't ek it eardere Rodeezje neamd wie), en wurdt betelle út in fûns, The Rhodes Trust, foar de oprjochting wêrfan't Rhodes yn syn testamint jild oan 'e kant lein hie. De Rhodesbeurs bestiet sadwaande sûnt it ferstjerren fan Rhodes yn 1902, en wurdt sûnt 1904 elts jier oan guon studinten útbetelle. De dêrfoar jildende kritearia binne rjochtlinen dy't Rhodes sels yn syn testamint fêstlizze liet. Dêrby giet it om:

Oarspronklik kamen inkeld manlike studinten út 'e (eardere) Britske koloanjes, de Feriene Steaten en Dútslân yn oanmerking foar in Rhodesbeurs. Omreden fan 'e Earste Wrâldoarloch en de Twadde Wrâldoarloch waarden studinten út Dútslân fan 1914 oant 1932 en fan 1939 oant 1970 útsletten. Fan 1977 ôf komme ek froulike studinten yn oanmerking foar in Rhodesbeurs. Anno 2019 wurde ek wol oanfragen yn behanneling nommen út lannen dy't net ta it eardere Britske Ryk hearre. Ien kear, yn 1993, is in Rhodesbeurs oan in Nederlanner kakend.

Bekende Rhodes-alumny (Ingelsk: Rhodes scholars) binne: Pete Buttigieg (Amerikaansk politikus), Wesley Clark (Amerikaansk generaal), Bill Clinton (presidint fan 'e Feriene Steaten), John Eccles (Australysk neurolooch en Nobelpriiswinner), Bob Hawke (premier fan Austraalje), Edwin Hubble (Amerikaansk astronoom), Bobby Jindal (Amerikaansk politikus), Kris Kristofferson (Amerikaansk sjonger), Dom Mintoff (premier fan Malta), George Stephanopoulos (Amerikaansk politikus), en Naomi Wolf (Kanadeesk skriuwster).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.