Sinne-opgong is it ferskinen fan 'e sinne boppe de hoarizon yn it easten as gefolch fan 'e draaiïng fan de Ierde. Dit is in ferskynsel dat op deistige basis foarkomt op 'e iere moarn, hoewol't it yn 'e midden fan 'e winter op hegere breedten letter op 'e moarn plakfynt. Plakken binnen de beide poalsirkels, yn it uterste noarden en suden fan 'e Ierde, hawwe teminsten ien dei yn it jier gjin sinne-opgong, as de poalnacht oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. It ferskynsel dat tsjinsteld is oan sinne-opgong, as de sinne jûns (of winterdeis oan 'e ein fan 'e middei) wer ûnder de hoarizon sakket, hjit sinne-ûndergong.

Sinne-opgong.

Krekt as sinne-ûndergong kreëarret sinne-opgong unike atmosfearyske omstannichheden, wêrby't de loft yn it westen faak felle (en gauris as tige moai ûnderfûne) kleuren oannimt, lykas read, pears, rôze, oranje en giel. Sinne-opgong wurdt faak betize mei de moarnsdage, mar is net itselde. De moarnsdage is in perioade fan twiljocht foarôfgeande oan sinne-opgong, dy't duorret fan it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet oant it punt dat er oer de hoarizon hinne komt. Yn dy tiid beskynt de sinne by de bolling fan 'e Ierde lâns al wol de loft, mar noch net it ierdoerflak. It is dan net rjocht mear nacht, mar oan 'e oare kant is de dei noch net begûn. Pas as de sinne oer de hoarizon hinne komt en it ierdoerflak ferljochtet, wat gearfalt mei de ein fan 'e moarnsdage, is it dei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.