Sinne-ûndergong is it ferdwinen fan 'e sinne ûnder de hoarizon yn it westen as gefolch fan 'e draaiïng fan de Ierde. Dit is in ferskynsel dat op deistige basis foarkomt, meastal op 'e jûn, mar yn 'e midden fan 'e winter op hegere breedten faak ek in skoft al op 'e middei. Plakken binnen de beide poalsirkels, yn it uterste noarden en suden fan 'e Ierde, hawwe teminsten ien dei yn it jier gjin sinne-ûndergong, as de poaldei oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. It ferskynsel dat tsjinsteld is oan sinne-ûndergong, as de sinne moarns wer boppe de hoarizon út komt, hjit sinne-opgong.

Sinne-ûndergong by Porto Covo, oan 'e westkust fan Portegal.

Yn 'e astronomy wurdt de sinne-ûndergong omskreaun as it momint dat de râne fan 'e sinneskiif ûnder de hoarizon ferdwynt. Deunby de hoarizon wurdt it ljocht fan 'e sinne troch atmosfearyske refraksje op sa'n wize brutsen dat de sinneskiif eins geomjitkundich al likernôch in diameter ûnder de hoarizon stiet as de sinne-ûndergong waarnommen wurde kin. Sinne-ûndergong kreëarret unike atmosfearyske omstannichheden, wêrby't de loft yn it westen faak felle (en gauris as tige moai ûnderfûne) kleuren oannimt, lykas read, pears, rôze, oranje en giel.

Hoewol't sinne-ûndergong de ein fan 'e dei oanjout, folget dêr net drekt de nacht op. Nei sinne-ûndergong is der nammentlik earst noch in perioade fan twiljocht, dat de jûnsskimer neamd wurdt. Dy perioade duorret oant it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet. Yn dy tiid beskynt de sinne by de bolling fan 'e Ierde lâns noch wol de loft, mar net mear it ierdoerflak. Pas as ek de loft net mear ferljochte wurdt, oan 'e ein fan 'e jûnsskimer, wurdt it wier nacht.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.