Rôze is in kleur dy't eins in nei wyt niigjende tint fan read is (dus read mei in hege ljochtyntinsiteit). Sadwaande makket it gjin selsstannich ûnderdiel út fan it spektrum fan sichtber ljocht of fan 'e kleuresirkel. By additive kleurminging is rôze in tertiêre kleur (dy't ûntstiet troch it mingen fan alle trije primêre kleuren read, blau en grien), mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur (makke troch maginta en giel te mingen). Yn 'e skilderkeunst kriget men rôze troch read te mingen mei wyt. Kwa tinten rint rôze útinoar fan seeskulp, dat hast wyt is, oant it fel kleure shocking pink. Rôze wurdt assosjearre mei sjarme, fatsoen, emoasje, swietens, bern, ûnskuld, froulikheid, homoseksualiteit, romantyk en erotyk. Yn 'e heraldyk is rôze in heraldyske kleur, dy't lykwols as sadanich net algemien erkenning genietet.

rôze
spektrale koördinaten
weachlingte n.f.t. (gjin spektrale kleur)
frekwinsje n.f.t. (gjin spektrale kleur)
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFC0CB
RGBª (rgb) (255, 192, 203)
CMYKº (cmyk) (0, 25, 20, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

It wurd 'rôze' komt fan rose, it Frânske wurd foar "roas", om't de blommen fan 'e roazeplant faak rôze fan kleur binne. Yn it Ingelsk wûrdt 'rôze' pink neamd, dat it Ingelske wurd is foar in oare blom, te witten de anjer. Ek yn Nederlân is de oantsjutting pink hiel bekend, û.m. fan 'e tint shocking pink en fan 'e tekenfilmsearje The Pink Panther.

 
De kombinaasje rôze en wyt stiet foar jonkheid en ûnskuld.

Assosjaasjes

bewurkje seksje

Gefoelswearde

bewurkje seksje

Neffens opinypeilings yn 'e Feriene Steaten en ferskate Jeropeeske lannen is rôze de kleur dy't it meast assosjearre wurdt mei sjarme, fatsoen, emoasje, romantyk en froulikheid. Ek wurdt rôze it meast fan alle kleuren assosjearre mei swietens, wierskynlik om't in protte swiet iten rôze is, lykas ierdbeie-iis, de hurde boppelaach fan rôze cakejes en sûkerspinnen. In kombinaasje fan rôze en wyt wurdt assosjearre mei bern, jonkheid, keinens en ûnskuld, wylst in kombinaasje fan rôze en swart assosjearre wurdt mei erotyk en ferlieding.

Hoewol't út 'e neamde opinypeilings gjin sterke negative assosjaasjes fan rôze blieken, joech mar 2% respondinten oan dat rôze harren leaflingskleur wie (ta ferliking: de meast keazen leaflingskleur wie blau, mei 45% fan 'e respondinten). Fierders wie rôze de minst favorite kleur fan 17% fan 'e meidoggers. Brún (20%) wie de iennichste kleur dy't noch ympopulêrder wie. Der waard op dit mêd in oansjenlik ferskil fêststeld tusken manlju en froulju. Fan 'e froulju keas 3% rôze as leaflingskleur, wylst minder as 1% fan 'e manlju dat die. Sterker noch, in soad manlju wiene net iens by steat om rôze goed te identifisearjen, mei't in grut tal fan harren it betize mei mauve. Rôs wie ek populêrder by âldere respondinten as by jongere meidoggers: 25% fan 'e froulju en 29% fan 'e manlju ûnder 25 jier wiisde rôze oan as minst favorite kleur, wylst dat by froulju en manlju fan boppe de 50 jier beide kearen mar 8% wie.

 
Bluossemjende Japanske kersebeamen binne yn Japan it symboal fan 'e maityd.

Yn Japan wurdt rôze it meast assosjearre mei de bluossems fan 'e Japanske kersebeam (Prunus serrulata), dy't as foarboade fan 'e maityd beskôge wurde. It yn bloei kommen fan 'e kersebeammen wurdt dêrom yn Japan elts jier fierd mei it tradisjonele 'kersebluossemfeest' Hanami. Sadwaande wurdt rôze yn Japan ek rûnom as de kleur fan 'e maityd beskôge, wylst dy jiertiid yn Jeropa en Noard-Amearika assosjearre wurdt mei de kleur grien.

Rôze wurdt yn 'e Westerske wrâld in protte brûkt as symboal foar famkes, yn 't bysûnder as it om poppen giet. Yn kontrast dêrmei wurdt blau, fral ljochtblau, brûkt foar jonges. Opmerklikernôch wie dat fanôf likernôch 1910 oant yn 'e 1940-er jierren krektoarsom. Rôze waard doedestiden sjoen as de kleur foar jonges, mei't it in ôfswakke foarm wie fan read, dat doe as de manlike kleur by útstek beskôge waard. Blau, oan 'e oare kant, symbolisearre famkes, om't it yn 'e skilderkeunst tradisjoneel brûkt wie as kleur foar de klean fan 'e Faam Marije. It is jin no suver net mear foar te stellen, mar yn in artikel yn it Amerikaanske fakblêd Earnshaw's Infants' Department út juny 1918 stie:

"De oer it algemien akseptearre regel is rôze foar jonges en blau foar famkes. De reden is dat rôze, om't dat in mear resolute en sterkere kleur is, gaadliker is foar jonges, wylst, blau, dat delikater en sierliker is, kreazer is foar famkes."

De ferskowing fan rôze nei in seksueel differinsjearjende kleur foar famkes wie in stadich proses dat plakfûn fan 'e 1930-er jierren ôf, doe't bliken die dat klanten earder rôze produkten foar famkes kochten en fabrikanten dêr op ynspilen troch sokke produkten te leverjen. Tsjin 'e ein fan 'e 1940-er jierren wie de bân tusken rôze en froulikheid stevich yn 'e Amerikaanske maatskippij ferankere.

 
Rôze en blauwe oantsjut-tings foar húskes foar froulju, resp. manlju.

Dêrfandinne dat klean, bêdrêding en boartersguod, benammen foar jonge bern, teminsten fan 'e 1960-er jierren ôf faak rôze is as it bedoeld is foar famkes. As it boartersguod in oare kleur hat om't dat de natuerlike kleur is, hat it grutte kâns dat de kleur rôze prominint oanwêzich is op it ferpakkingsmateriaal. De 'ferrôzing' fan famkesboartersguod kin lykwols ek te fier gean. Sa brocht Lionel Trains yn 1957 in modelfrachttrein foar famkes op 'e merk, wêrfan't de lokomotyf en de koalewein rôze wiene en de kondukteurswagon babyblau, wylst de oare wagons ferskate pastelkleuren hiene. Dat waard gjin súkses, want famkes dy't mei treinen boarten, woene in reälistysk kleure trein hawwe, wylst gjin jonge yn 'e 1950-er jierren in rôze lokomotyf oanreitsje woe. (Tsjintwurdich is it lykwols in djoer sammeldersitem.)

Homoseksualiteit

bewurkje seksje

De kleur rôze wurdt ek sterk assosjearre mei homoseksualiteit, benammen tusken manlju, en net sasear tusken lesbiënnes. Yn 'e Fiktoriaanske Tiid waard homoseksualiteit eins assosjearre mei grien. Dat hie wierskynlik te krijen in oare assosjaasje fan grien, nammentlik mei leafde en begear, om't it yn 'e Bibel de kleur west hawwe soe fan 'e slange yn it Hôf fan Eden dy't yn Genesis de delfal bewurkmasteret fan Adam en Eva. De bân tusken rôze en homoseksualiteit ûntstie yn nazy-Dútslân, dêr't homo's dy't yn konsintraasjekampen opsletten (en fermoarde) waarden, in rôze trijehoek op 'e klean naaid krigen, as symboal foar de 'ferachtlike misdie' dêr't se foar fêstsieten. Dat woeks nei de Twadde Wrâldoarloch binnen de ynternasjonale homobeweging út ta in geuzeteken. Yn Ruslân wurdt de kleur rôze krekt assosjearre mei lesbiënnes, wylst ljochtblau brûkt wurdt om homoseksuële manlju te symbolisearjen.

 
Marilyn Monroe yn in felrôze jurk yn 'e film Gentlemen Prefer Blondes (1953).

De Amerikaanske presidinsjele ynauguraasje fan Dwight Eisenhower, yn 1953, wêrby't syn frou Mamie Eisenhower in rôze jurk oan hie, wurdt beskôge as in kearpunt yn 'e skiednis fan rôze yn 'e moade. Foartiid waard rôze inkeld assosjearre mei famkes (en noch earder mei jonges), mar fan dy tiid ôf waard it ek in kleur dy't dames drage koene. Ferskate Hollywood-films spilen in rol by it befêstigjen fan dy nije rol fan rôze, wêrûnder Gentlemen Prefer Blondes, út 1953, mei Marilyn Monroe, en de musical Funny Face, út 1957. Geandewei de tweintichste iuw waarden de tinten rôze dy't foar frouljusklean brûkt waarden, ljochter en feller fan kleur, foar in diel troch de emansipaasje, dy't makke dat froulju opfallender klean doarsten te dragen, mar foar in oar part ek om't soks mooglik waard troch de útfining fan gemyske kleurstoffen dy't mei waskjen net ferdizenen.

Yn 'e natoer is rôze ien fan 'e meast algemien foarkommende kleuren fan blommen. Dat komt om't it in kleur is dy't ynsekten en fûgels (lykas kolibrys) oanlûkt, dy't de plant nedich is foar bestowing. Mooglik wurket de kleur ek ôfstjittend foar bisten dy't de blom oars opfrette wollen hiene. De rôze kleur fan blommen komt fan natuerlike pigminten dy't antosyaninen hjitte. Dyselde stoffen binne ek ferantwurdlik foar de rôze kleur fan fruchten lykas framboazen. Yn 'e bistewrâld binne guon bisten, lykas bargen, rôze om't dat harren natuerlik hûdskleur is, ferlykber mei dy fan blanke minsken. Guon soarten fûgels, lykas flamingo's, tankje de rôze kleur fan harren fearren oan har dieet fan dierlik en plantaardich plankton, dat karotenoïde proteïnen befettet. As in flamingo oar fretten krige (en dêrop oerlibje koe), soe de rôze kleur nei ferrin fan tiid út 'e fearren weilûke en krige de fûgel in wyt fearreklaad.

 
Code Pink is in Amerikaanske frouljus-beweging dy't aksje fiert tsjin oarloch en globalisearring.

Rau fleis is read om't spierweefsel fan wringedieren lykas kij en bargen it aaiwyt myoglobine befettet, dat soerstof- en izeratomen bynt. Kowefleis befettet mear myoglobine as bargefleis, en is dêrtroch reader, wylst bargefleis sels yn rauwe steat mear rôze as read is. As fleis sean of bakt of bret wurdt, ûndergeane de myoglobine-aaiwiten oksidaasje mei as gefolch dat se stadichoan fan kleur feroarje fan read nei rôze nei brún. Ham ûndergiet in oare transformaasje. Tradisjonele hammen wurde produsearre troch in stik bargefleis te bedekken yn sâlt, dat de floeistof derút sûcht, wêrnei't de ham wol twa jier lang drûge wurdt. Troch de wurking fan it sâlt behâldt de ham dêrby syn oarspronklike rôze kleur, sels yn útdrûge steat. Hammen dy't yn 'e supermerk ferkocht wurde, makket men op in oare menear, ntl. troch se yn pikel te dompeljen of mei in sâltwetteroplossing te ynjektearjen. De pikel of it sâlte wetter befet sodiumnitryt, dat nitrytokside yn it fleis yntrodusearret, en dat foarmet keppelings mei de myoglobine mei de rôze kleur fan ham ta gefolch.

Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt âldrôze as liturgyske kleur brûkt op 'e trêde snein fan 'e Advint en de fjirde snein fan 'e Fêsteltiid. De kleur symbolisearret blydskip en lokkigens.

 
De rôze trui.

Yn guon lannen wurdt de kleur rôze wol brûkt as in delbûgende manear om ôfswakke kommunistyske of sosjalistyske ideeën te omskriuwen. De reden dêrfoar is dat read de kleur fan it kommunisme en it sosjalisme is, en dat rôze in 'fertinne' foarm fan read is. Fierders wurdt rôze soms brûkt as partijkleur troch politike partijen dy't foar de belangen fan froulju opkomme, lykas de Sweedske feministyske partij Feministiskt Initiativ (F!). Yn 'e Feriene Steaten is Code Pink in frouljusbeweging dy't aksje fiert tsjin oarloch en globalisearring. Leden fan 'e groep hawwe sittings fan it Amerikaanske Kongres fersteurt en taspraken fan politisy ûnderbrutsen.

De Rôze Revolúsje is in beneaming foar it ûnder fuotten heljen fan it regear fan presidint Askar Akajev yn Kirgyzje yn 2005. In gongberder namme foar dy foarfallen is lykwols de Tulperevolúsje.

De kleur rôze is ynsafier ferbûn mei it Britske Ryk, dat it Feriene Keninkryk en syn koloanjes yn it ferline op lânkaarten dy't produsearre wiene yn Angelsaksyske lannen altyd rôs kleure wiene.

Oare assosjaasjes

bewurkje seksje
  • De rôze kleur fan 'e loft by sinne-opgong en sinne-ûndergong komt troch in natuerkundich ferskynsel dat Rayleigh-ferstruiïng hjit. By sinne-opgong en -ûndergong stiet de sinne it leechst oan 'e himel, wat betsjut dat it ljocht it langste paad ôflizze moat om it each fan 'e taskôger te berikken. Rayleigh-ferstruiïng, wêrby't guon kleuren út 'e sinnestriel wei ferstruid wurde troch luchtdieltsjes, is dan folle sterker as oars, en om't blau en grien folle sterker ferstruie, bliuwt it readige of rôze ljocht oer.
  • Yn 'e sprektaal wurdt yn guon talen rôze yn ferbân brocht mei it froulik geslachtsdiel. Sa is yn it Ingelsk it wurd pink in synonym foar "fagina".
  • Yn it hurdfytsen wurdt de rôze trui (of maglia rosa) útrikt oan 'e lieder fan it algemien klassemint fan 'e Giro d'Italia.
  • It rôze lintsje is sûnt 2008 it ynternasjonale symboal foar de striid tsjin boarstkanker. De kleur rôze waard dêrfoar útkeazen om't dy sa sterk ferbûn is mei froulikheid.
  • It rydbewiis wurdt yn Nederlân wol it "rôze bryfke" neamd, nei de kleur fan 'e âlde papierrene rydbewizen.
  • De útdrukking 'op in rôze wolk sitte' betsjut dat men earne sa bliid mei is dat men net mear reälistysk nei oare dingen sjocht.
  • De útdrukking 'troch in rôze bril sjen' betsjut dat men de wrâld op in oerdreaun optimistyske of naïve wize besjocht.

De wichtichste tinten rôze binne: abrikoas, âldrôze, amarantrôze, Baker-Millerrôze, bleek kornelle, Brinkrôze, djiprôze, felrôze, fioletread, fleiskleur, foksia, framboas, Frânsk rôze, heliotroop, hjerstsering, hjitmaginta, hjitrôze (hot pink), Hollywoodserize, kaam (blush), kersebluossemrôze, koraalrôze, kwartsrôze, lavindelkaam, lavindelrôze, maginta, mearkerôze, Meksikaansk rôze, Mimirôze, mistrôze, Mountbattenrôze, orgideerôze, Perzysk rôze, puce, readfiolet, roasrôze, robynread, salmrôze, seeskulp, serize, shocking pink, syklaam, stielrôze, teeroas en ultrarôze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.