In tertiêre kleur is in kleur dy't men kriget troch minging fan alle trije primêre kleuren. Dy primêre kleuren binne by additive kleurminging read, grien en blau, en by subtraktive kleurminging maginta, syaan en giel. As mar twa fan 'e trije primêre kleuren nedich binne om in kleur oan te meitsjen, dan giet it om in sekundêre kleur.

Yn termen fan 'e trije kleurdiminsjes is in tertiêre kleur in kleur fan fermindere yntinsiteit, mar allinnich as syn posysje yn 'e kleurromte leit tusken in folslein fersêde primêre kleur en swart yn. Yntinsiteitsferminderings nei wyt ta, of ferminderings yn fersêding nei de yn tonaliteit mei de fersêde kleur oerienkommende griiswearde (en kombinaasjes dêrfan) wurde dus ornaris net 'tertiêr' neamd. It gefolch is dat de helte fan 'e kleurromte eins gjin namme hat. Boppesteande betsjut dat men eltse tertiêre kleur ek oanminge kin troch tafoeging fan swart oan 'e oanbelangjende 'folle' kleur.

It gebrûk, yn 'e subtraktive kleurminging, fan 'e ynkorrekte primêre kleuren read en blau (mei as trêde kleur it wol deeglik primêre giel) kin liede ta de pseudosekundêre kleuren oranje en fiolet, dy't eins tertiêre kleuren binne, en ta ynkorrekte (tertiêre) tinten fan 'e sekundêre kleur grien. Dêrby giet it almeast om kleuren dy't yn 'e natoer in soad foarkomme, lykas oker, oliifgrien, dûnkergrien, skarlekken en brún.

De measte figurative skilderijen binne dêrom skildere yn tertiêre kleuren. It gebrûk fan inkeld primêre en sekundêre kleuren yn reälistysk bedoelde wurken jout yn 'e measte gefallen in primityf útsjend resultaat. Der binne lykwols moderne skilderstilen, lykas it ekspresjonisme, dy't dat effekt just sykje.

Inkele foarbylden fan tertiêre kleuren binne:

oliifgrien                         
dûnkergrien       
kastanjebrún       
dûnkergiel       
turkwaze       
griisblau       

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.