Syaan is in kleur dy't omskreaun wurde kin as grienich blau en yn 'e folksmûle gauris trochgiet foar turkwaze. (Dat is lykwols eins wat dûnkerder.) It wurdt ornaris as in tint fan blau beskôge, mar natuerkundich sjoen makket syaan selsstannich diel út fan it spektrum fan sichtber ljocht, mei in weachlingte fan likernôch 490-520 nm en in frekwinsje fan rûchwei 610-575 THz. Yn 'e kleuresirkel befynt syaan him healwei tusken grien en blau yn. De komplemintêre kleur fan syaan is read. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) is syaan in sekundêre kleur, dy't ûntstiet út 'e minging fan grien en blau ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in primêre kleur, yn 'e mande mei maginta en giel en ornaris ek swart. De tint syaan dy't yn it CMYK-kleursysteem (fan subtraktive kleurminging) brûkt wurdt, is lykwols blauwiger as de webkleur syaan, dy't eins persiis deselde tint hat as akwa. Kwa tinten rint syaan útinoar fan it dûnkere Karibyske streaming, oant it tige ljochte azuerwyt.

syaan
spektrale koördinaten
weachlingte 490-520 nm
frekwinsje ~610-575 THz
kleurkoördinaten
heksadesimaal #00FFFF
RGBª (rgb) (0, 255, 255)
CMYKº (cmyk) (100, 0, 0, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

It wurd 'syaan' komt fan it Aldgrykske κύανος, kyanos, dat "dûnkerblau" of "azuer" betsjut. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw waard it yn latinisearre foarm ûnderdiel fan 'e wittenskiplike namme fan 'e roggeblom, Centaurea cyanus, om't út dy plant in blauwe kleurstof wûn waard. Dêrwei ûntwikkele it wurd him ta syn moderne betsjutting. As beneaming foar de hjoeddeistige kleur syaan krong it yn 'e njoggentjinde iuw de talen fan West-Jeropa binnen. Sa datearret it ierste gebrûk fan it wurd cyan yn it Ingelsk út 1879.

 
Yn it RGB-kleursysteem, dat û.m. brûkt wurdt om kleuren wer te jaan op tillefyzjes en kompjûter-skermen, ûntstiet syaan troch in hoemannichte blau ljocht te mingen mei in gelikense hoemannichte grien ljocht.

Yn it RGB-kleursysteem, dat brûkt wurdt om mei ljochttechnyk kleuren wer te jaan op tillefyzje- en kompjûterskermen en by teäterbeljochting, is syaan in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch gelikense hoemannichten ljocht fan 'e primêre kleuren blau en grien te brûken. Yn dit systeem is syaan de komplemintêre kleur fan read, en as men syaankleurich en read ljocht op in swarte ûndergrûn mingt, kriget men wyt ljocht. Om't syaan en read komplemintêr binne, hawwe dy kleuren it grutste kontrast, mar ek de grutste kleurharmony.

Yn it CMYK-kleursysteem, dat brûkt wurdt foar it mingen fan ferve, en yn 'e druktechnyk foar it mingen fan inket om ôfbyldings ôf te printsjen, is syaan ien fan 'e trije primêre kleuren, yn 'e mande mei maginta en giel. Yn moderne kleureprinters wurdt sadwaande syaankleurige, magintakleurige en giele inket brûkt om alle kleuren wer te jaan. Ek yn dit systeem is read de komplemintêre kleur fan syaan, en as men syaankleurige en reade inket of ferve op in wite ûndergrûn mingt, soe men yn teory swart krije moatte. Yn 'e praktyk wurdt it mear in smoarch-brune kleur, om't de kleuren fan 'e ferve of inket eins nea perfekt binne. Om dy reden wurdt swarte inket tafoege oan it CMYK-systeem om swarte details en kleurflakken oan te bringen.

 
Yn it CMYK-kleursysteem, dat û.m. brûkt wurdt yn 'e druktechnyk, is syaan ien fan 'e primêre kleuren, yn 'e mande mei maginta en giel.

Websyaan en printersyaan

bewurkje seksje

De tint syaan dy't brûkt wurdt yn 'e druktechnyk, dy't wol printersyaan of prosessyaan neamd wurdt, is justjes dûnkerder en blauwer as de tint syaan dy't op kompjûterskermen brûkt wurdt. Dat komt om't printersyaan gjin RGB-kleur is en om't der gjin regels binne foar it oersetten fan CMYK-kleuren nei it RGB-systeem. Oarsom kin websyaan of ynternetsyaan ek net sekuer werjûn wurde mei inket op papier. Websyaan is trouwens persiis deselde kleur as akwa, mei't dy beide kleuren oanmakke wurde troch persiis deselde hoemannichte blau en grien ljocht te mingen. Akwa, in namme dy't al sûnt 1598 foar de kleur brûkt wurdt, komt fan it Latynske aqua, dat "wetter" betsjut. Dêrmei wurdt oanjûn dat de kleur derút sjocht as dy fan seewetter op in tropysk strân.

websyaan (akwa): #00FFFF; RGB: (0, 255, 255); CMYK: (100, 0, 0, 0)                         
printersyaan: #00B7EB; RGB: (0, 183, 235); CMYK: (100, 22, 0, 8)       

Puer wetter is frijwol kleurleas. It arbsorbearret lykwols al justjes mear read ljocht as blau ljocht, mei as gefoch dat der mear blau ljocht troch wjerkeatst wurdt en it wetter foar it minsklik each in blauwige tint kriget. In taname fan 'e Rayleigh-ferstruiïng fan blau ljocht, feroarsake troch fine dieltsjes fan fêste stoffen (lykas sân) yn it wetter, ferskoot de kleur fierder nei grien, sadat der in syaankleurige tint ûntstiet. Sadwaande hat de ûndjippe see by tropyske sânstrannen in syaankleur, dy't dêrom ek wol 'akwa' neamd wurdt, fan it Latynske aqua, dat "wetter" betsjut.

Syanobaktearjes, dy't soms blaugriene algen neamd wurde, foarmje in wichtich ûnderdiel fan it fiedselkeatling.

De planeet Uranus is syaankleurich fanwegen de grutte hoemannichte metaangas yn syn atmosfear. Metaan absorbearret read ljocht en wjerkeatst blau en grien ljocht, mei as gefolch dat it foar it minsklik each syaankleurich liket. De kleur fan Uranus waard fêststeld troch fotografysk bewiis, levere troch de romtesonde Voyager 2.

 
De komplemintêre kleur fan syaan is read.

Ierdgas, dat eins ek metaan is, hat in syaankleurige flam as it mei in mingsel fan lucht ferbaarnd wurdt, bygelyks troch in gasstel by it itensieden.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De kleur syaan wurdt in protte brûkt yn 'e arsjitektuer fan Turkije en Sintraal-Aazje, benammen foar de koepels fan moskeeën.

Men wol wol hawwe dat it better wêze soe om alle operaasjekeamers en klean fan dokters en ferpleechkundiges dy't by in operaasje belutsen binne, syaankleurich te meitsjen ynstee fan muntgrien, sa't op 't heden it gefal is. De reden dêrfoar is dat, om't read de komplemintêre kleur fan syaan is, bloed dus dúdliker sichtber wêze soe. Dy teory is sûnder mis korrekt, mar foar de praktyske útwurking en it ferskil mei de hjoeddeistige sitewaasje is mar beheind bewiis levere.

De kleur syaan of ljochtblau wurdt yn it hindoeïsme assosjearre mei de fyfde chakra, dy fan 'e kiel. De god Shiva, de ferneatiger, wurdt dêrom werjûn mei in ljochtblauwe of syaankleurige hûdskleur. Hy soe fergif ynnommen hawwe by syn besykjen om 'e striid tusken de goaden en de demoanen yn it foardiel fan 'e goaden te besljochtsjen. It trochslokken fan it gif wurdt yn ferbân brocht mei de kiel, en sadwaande mei de fyfde chakra en de kleur syaan.

De wichtichste tinten syaan binne: akwa, akwamaryn, Aliceblau, azuerwyt, dûnkersyaan, elektrysk blau, fluorisearjend blau, grienblau, himelsblau, iisblau, junglegrien, kapry, Karibyske streaming, kopergrien, libben himelsblau, ljochtseegrien, ljochtsyaan, magysk munt, maitydsgrien, munt, Pasifysk blau, Perzysk grien, poeierblau, readboarstaaikeblau, seegrien, seleste, seruleumblau, skobeloff, Tiffanyblau, turkwaze, turkwazeblau en tuskenbeiden turkwaze.

Kleurnûanses

bewurkje seksje
fan swart nei syaan:
                               
000000 001111 002222 003333 004444 005555 006666 007777 008888 009999 00AAAA 00BBBB 00CCCC 00DDDD 00EEEE 00FFFF
fan syaan nei wyt:
                               
00FFFF 11FFFF 22FFFF 33FFFF 44FFFF 55FFFF 66FFFF 77FFFF 88FFFF 99FFFF AAFFFF BBFFFF CCFFFF DDFFFF EEFFFF FFFFFF

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.