In tint (fan it Frânske teinte), kleurnuânse, skakearring of toan is in eigenskip fan kleuren. Dy eigenskip foarmet yn kombinaasje mei de fersêding en yntinsiteit de diminsje fan in beskate kleur. Ornaris kin de tint fan in kleur kwantifisearre wurde mei in sifer.

Trije kleurebannen mei alle tinten: de boppeste mei legere yntinsiteit (dûnkerder), de ûnderste mei legere fersêding (skierder).

Yn in protte gefallen wurdt it begryp 'tint' lykwols brûkt as in synonym fan it wurd 'kleur': wa't "grien" seit, bedoelt yn 'e regel alle tinten fan 'e kleur grien, ynklusyf dûnkergrien (mei in lege yntinsiteit) en griisgrien (mei in lege fersêding). It begryp tint wurdt dan almeast brûkt om sokke lytsere fariaasjes binnen in kleur oan te jaan, mar dûnkergrien en griisgrien wurde ek wol oantsjut mei it wurd 'kleur', dat in grut semantysk ferskil bestiet der datoangeande net.

De dominânsje fan 'e komponint tint yn 'e kleuryndruk kin ferklearre wurde troch it feit dat yn 'e natoer de tint fan in foarwerp bepaald wurdt troch it oerflak fan it foarwerp sels (d.w.s. hokker kleuren troch dat oerflak wjerkeatst wurde), wylst yntinsiteit en fersêding mei ôfhingje fan 'e beljochtingsomstannichheden (ljocht of skaad) en de mjitte fan refleksje (glâns). Faak wurde tinten fan deselde kleur ûnderskaat mei in foarheaksel, lykas ljochtblau, dûnkerblau en griisblau. In wichtige útsûndering is brún, dat eins dûnkeroranje is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.