Linguïstyk
Algemiene linguïstyk
Fonology
Morfology
Syntaksis
Semantyk
Ferlykjende linguïstyk
Etymology

De Semantyk (fan it Aldgrykske σημαντικός, sēmantikós, "betsjuttingsfol"), ek wol betsjuttingslear, is in dielmêd yn de taalkunde wêrby de betsjutting fan wurden, útdrukkings, sinnen ensfh. op it aljemint komt. Ornaris giet it yn de semantyk meast om de betsjutting fan morfemen en wurden.

Semantyk by wurden

bewurkje seksje

De Semantyk by wurden wurdt ek wol de leksikale semantyk neamd. De leksikale semantyk ûnderskiedet him yn trije eleminten:

  1. It wurd/teken
  2. Betsjutting
  3. Referint (it ding dêr't nei ferwiisd/referearre wurdt)

Troch ferskillende ûntjouwings hat de minske yn 'e rin fan de tiid bepaalde wurden oan in referint keppele. By it hearren fan nije wurden, bygelyks troch it learen fan in oare taal, witte wy net fuort wat dy wurden betsjutte. De trije leksikale eleminten binne arbitrêr at se meiïnoar oerienkomme, lykwols feroaret dat by gearstallings/ôfliedings. By foarnamwurden falt de betsjutting suver wei, mar hawwe wol in referint. Eigennammen sizze neat oer de betsjutting, mar it kin wol wêze dat in eigennamme eartiids wol in betsjutting hie, lykas by de efternamme Dykstra wêrfan it foarteam eartiids wierskynlik oan in dyk wenne hat.