Drukke is in fermannichfâldigingsprosedee dêr’t, foar it werjaan fan it ûnderwerp, drukinket oerbrcht wurde op in te beprintsjen materiaal mei help fan in drukfoarm en in drukkrêft. De druktechnyk wurdt ûnder oare brûkt yn de boekdrukkeunst foar it fermannichfâldigjen fan skriften. Yn Jeropa kaam de boekdrukkeunst op yn de 15e iuw. It Book of St. Albans, eins The Bokys of Haukyng and Huntyng; and also of coot-armuris, in Ingelske útjefte út 1486, is foarsafier bekend it earste boek yn kleuredruk.

Polygoonfilmke út 1973 oer it wurkjen mei histoaryske drukmasines

In ienfâldige foarm fan drukken is stimpelje. De hjoeddeiske drukker brûkt op ’t heden gjin hânstimpel mear, mar in yngewikkelde drukmasine.

Der binne fjouwer klassike druktechniken neigeraden de aard fan it drukwurk wêrby’t it ûnderskie makke wurdt nei de drukfoarm dêr’t de inket op oanbrocht wurdt:

Yn it lêste fearn fan de tweintichste iuw is it digitaal printsjen of drukken ûntstien. Offset hat tsjintwurdich heechdruk sa goed as hielendal ferfongen. offset is tsjintwurdich folslein ôfhinklik fan digitale techniken wurden. Heechdruk, litografy en djipdruk wurde noch brûkt foar spesjale bibliofile útjeften en yn de saneamde (grafyske) byldzjende keunst.

  • Drukinket: in al of net pasta-eftige massa dêr’t pigmint yn sit, om it ûnderwerp swart of yn kleur wer te jaan.
  • Drukkrêft: de krêft dy’t levere wurde moat om de drukfoarm oer te dragen op it te beprintsjen foarwerp.
  • Drukfoarm: it foarwerp dat brûkt wurdt om it byld te fermannichfâldigjen.
  • Underwerp: dat kin in tekst, in foto, linen, in tekening wêze.
  • Te bedrukken materiaal: in soad papier of karton; gauris ek blik, glês, tekstyl of oare.
  • Fermannichfâldigingsprosedee: wize om in ûnderwerp tal fan kearen wer te jaan.

Heechdruk is de âldste foarm fan drukken. By heechdruk of boekdruk binne op de drukfoarm de stikken dy’t de ôfdruk foarmje moatte ferhege oanbrocht. Yn it begjin waard dêr hout foar brûkt. De stikken dy’t net drukke mochten waarden fuortsnien sadat allinnich it drukbyld oerbleau. Letter waard foar de drukfoarm in leadlegearing brûkt. De drukfoarm bestie doe út losse (leaden) letters en klisjees. De lêste technyk mei help fan de leaden foarm wurdt noch wol ambachtlik brûkt. De hjoeddeistige materialen binne keunststof, metaal of rubber. De byldfoarm is yn spegelbyld.

De tekst yn it setsel is nei wat oefenjen maklik te lêzen, yn de gewoane lêsrjochting, as de tekst omdraaid wurdt, te begjinnen by de ûnderste rigel. Dat wie de manier dêr’t in hânsetter syn rigel op kontrolearre yn de setheak, foar’t er oan de folgjende rigel begûn. De ôfdruk op it te bedrukken materiaal is fanselsprekkend gewoan te lêzen.

Heechdruk wurdt inkeld noch wol tapast foar drukwurken yn beheinde oplages, benammen foar it saneamde smoutwurk, lykas besitekaartsjes, famylje-drukwurk yn it algemien, sluven, formulieren en soksawat. Ek dat rint yn de kommersjele merk tige werom. Allinnich âldere personielsleden binne der noch yn foarme, en kompjûterstjoerde printers jouwe in ridlike kwaliteit op, dêr’t de klant ûnderwilens ta wend rekke is. Boppedat foldiene âlde drukparsen meast net oan de hjoeddeiske noarmen en foarskriften foar feiligens. En de kosten om dy masines oan te passen kinne amper weromfertsjinne wurde.

Tsjntwurdich rint it gebrûk fan de heechdruk sterk werom troch it tanimmend belang fan de offsetdruk, dy’t, ek op lytsere masines, hieltyd mear ekonomysk gebrûk talit. By boeken en tydskriften wurdt it al lang net mear brûkt, útsein as it om bibliofile, gauris hobbyistyske útjeften giet. Dêr moat by oantekene wurde dat in soad fan dy hobbyisten mei in private-parse in aldermachtichst soad fakkennis hawwe, en der in hiel soad tige weardefol materiaal en kostbere masines troch harren bewarre wurde, koestere en brûkt. Alde masines en de fakkennis om dy masines te brûken is in part fan ús kultuer.

Fleksodruk (ek: anilinedruk) makket gebrûk fan fleksibele drukplaten fan rubber of keunststof en waard yn ’t earstoan benammen brûkt foar ferpakkings.

 
Otto Mueller: Stehendes Liebespaar, sawat 1919 (lito)

By flakdruk wurdt gebrûk makke fan de eigenskippen fan fet en wetter dy’t elkoar ôfstjitte. It ôf te drukken byld hat in tige glêd oerflak en it net ôf te drukken byld in hiel fyn rûch oerflak (finer as it allerfynste skjirpapier). Earst wurdt de drukplaat klam makke dêr’t de hiel glêde stikken it wetter by ôfstjitte en de rûgere stikken it wetter krekt oanlûke. Dêrnei wurdt de plaat inke dêr’t it wetter by op de rûgere (net drukkende parten) de fette inket ôfstjit. Dan kin de ôfdruk dien wurde.

De earste tiid waard as drukplaat in spesjale stiensoarte brûkt, de Solnhofener kalkstien. De útfiner fan dy technyk wie Alois Senefelder (Praag, 1772 - 26 febrewaris 1834), dy’t yn 1818 syn boekVolständiges Lehrbuch der Lithografie und des Steindrucks[1] útjoech. De stiennen waarden flak skjirre, en dêrnei waard der mei fet kryt in tekening op makke. Dêrnei waard de stien mei in soere oplossing fan Arabyske gom ynsmard. Dat moast bytiden in kear as wat werhelle wurde, om te soargjen dat net drukkende parten it wetter goed genôch fêstholden om de ferve ôfstjitte te kinnen.

In oare technyk wie om earst de stien mei soere gom te bewurkjen, en dêrnei hiel opperflakkich de soere laach fuort te skraabjen, sadat de ûnbewurke kalkstien wer frij kaam. De stien wurdt dêrnei earst wiet makke en dêrnei yninke. It papier wurdt dêrnei op de yninkte stien lein, en mei wat druk wurdt it byld op it papier oerbrocht. It byld op de stien is spegelferkeard. Dat soarte bylden is maklik lêzen te learen, troch it byld op ‘e kop te hâlden en de tekst te lêzen yn de gewoan lêsrjochting.

By de offsetdruk wurdt de drukplaat al dan net om in grutte silinder spand dy’t ûnder de inketrôlen en fochtrôlen trochdraait. Dêrnei wurdt it byld oerset tsjin in silinder dy’t mei in rubberen doek beklaaid is en dêr fan ôf wurdt in ôfdruk op it papier oerbrocht. Under dat papier sit in tsjindruksilinder dy’t foar de nedige drukspanning soarget. Der binne ek stiendruk-offset-drukparsen konstruearre, wêrby’t it byld op de stien oanbrocht waard, en dêrnei op in mei rubber beklaaide silinder oernommen waard, wêrnei’t it byld fan it rubber ôf op it papier oerbrocht waard. By offset is it byld op de plaat gewoan te lêzen, en net spegelferkeard. It byld op it rubberdoek is wol spegelferkeard. Offset(oersette)-flakdruk is yn tsjinstelling ta de oare klassike druktechniken in yndirekte druk.

Tsjintwurdich binne de measte drukmasines mearkleureparrsen. Dat wol sizze dat de parse út in tal eleminten (druktuorren) gearstald is. De parse wurdt dêrtroch nochal wat djoerder en nimt gâns mear romte yn beslach. Nettsjinsteande dat wage de foardielen folle swierder. Fjouwerkleuredruk kin yn ién inkelde drukgong op papier set wurde, wat de produksjefaasje en kwaliteit te’n goede komt.

By djipdruk is it drukbyld, sa’t de namme al seit, ferdjippe oanbrocht. De inket sit yn saneamde napkes. Neidat de hiele drukfoarmsilinder fan in inketlaach foarsjoen is wurdt dy mei in tinne stielen lineaal (de reakel) ôfstrutsen sadat allinnich de inket yn de ferdjippe napkes sitten bliuwt. Dêrnei wurdt de ôfdruk ta stân brocht. Dat bart troch it substraat tusken de foarm-silinder en in tsjindruk-silinder troch te heljen. By it ôfdrukken op papier kin elektrostatyske drukstipe brûkt wurde. De dêrby brûkte inket is tige floeiber, en der sitte in soad flechtige oplosmiddels yn.

De hjoeddeistige generaasje djipdruk-masines kinne útrist wurde mei kearstangen om twasidich bedrukke te kinnen, UV ôflakstasjons, ynfrareaddrûging, konfinsjonele drûging foar solvint of wetterbasis en serfomoters sadat by it (bygelyks) ôflakken in ôfwikende omfang fan de foarmsilinder brûkt wurde kin.

It gravearjen fan in silinder is in djoer proses. De koperen beklaaiïng fan de foarmsilinder giet nei it drukken ferlern. Dat betsjut dat nei elts drukwurk de silinder fannijs beklaaid en fannijs gravearre wurde moat. Fofografyske metoaden foar it oanbringen fan de drukfoarm op de silinder binne folle gebrûkliker. Dêrfoar is nedich: in rastere fotografysk diaposityf, pigmintpapier en ultrafiolette lampen. Pigmintpapier is papier mei dêr in laach sjelatine op, dêr’t ammonium-bigromaat yn sit. De sjelatine yn it pigmintpapier wurdt loaid, dat wol sizze ûnoplosber as it troch de lampen beljochte wurdt. Der ûntstiet in negatyf yn it pigmintpapier. Earst wurdt it raster yn de sjelatinelaach kopiearre, mei in twadde beljochting wurdt it byld oanbrocht. Nei de beljochting wurdt de sjelatinelaach op de silinder oerdroegen, en útwosken. Dêrnei wurdt de silinder behannele mei in oplossing fan ferry-gloride, wat it koper oplost, op dy plakken, dêr’t de sjelatine tinner is, ûntstiet in djipper napke, dat letter mear inket hawwe sil by it drukken.[2] Nei it etsen wurdt de silinder útspield en skjinmakke, en eventueel fergrome by grutte oplages. It etsen duorret sawat 15 oant 20 minuten, de maksimale etsdjipte is sawat 0.05 mm.

In silinder kin mannich kearen brûkt wurde, troch der elektrolitysk in maklik te ferwiderjen koperlaach op oan te bringen. Yn dy laach wurdt it byld dan oanbrocht. In tinne nikkellaach beskermet de silinder, en makket dat de byldlaach gau fan de silinder helle wurde kin. It foardiel fan dy technyk is benammen de hege oplages (1.000.000 stiks is gjin probleem) en de grutte kleuregamma.

By trochdruk wurdt de inket troch de iepen stikken fan de drukfoarm drukt.

Foarbylden fan dizze technyk binne:

De seefdruk is eins neat oars as in ferbettere sjabloantechnyk lykas iuwen lyn al tapast waard yn Sina en Japan, en op oare plakken ek tapast wurdt troch hússkilders dy’t geregeld weromkommende motiven skilderje moatte. De seefdruk waard yn Jeropa bkend om 1930 hinne.

De drukfoarm by de seefdruk bestiet út in fyn nylon of polyester (eartiids: side) gaas, dêr’t in sjabloan op hechte is, dat op in raam spand is. Nei dat gaas wurdt dy drukmetoade ek silkscreenprinting (letterlik: ‘sideseefdrukken’) neamd. In oare namme foar in artistike seefdruk is serigrafy. De mesken yn it gaas dy’t net troch it sjabloan ôfdutsen binne, litte de inket troch. It te bedrukken materiaal wurdt ûnder it raam lein en de inket mei in rubberen reakel oer it gaas strutsen. De inket wurdt troch de reakel troch de iepen mesken fan it gaas op it te bedrukken materiraal parse, dêr’t de ôfbylding troch ta stân komt.

Fotografyske metoadiken, bygelyks mei bigromaatsjelatine, kinne brûkt wurde om de seef pleatslik inket-ticht te meitsjen. Dy drukmetoade komt ek slim automatisearre foar en jo fine op’t heden healautomatyske seefdrukmasines foar it bedrukken fan de meast ferskate dragers lykas papier, hout, glês, blik, weefsels, keunststoffen en sokssawat. Ek uv-inkten ha harren yntrede yn de seefdruk dien. Pluspunt foar seefdruk is dat de inketlaachtsjokte stjoerd wurde kin sadat it prosedee him by útstek lient foar bûtentapassings.

Digitaal drukken

bewurkje seksje

De term digitaal drukken wurdt faak brûkt foar twa bot ferskillende techniken; it digitaal printsjen, bygelyks mei in inketsnjitprinter, en it drukken op in drukparse wêrby’t de drukplaten streekrjocht digitaal op de parse makke wurde.

In wichtich foardiel fan digitaal printsjen boppe konfinsjoneel drukken is de mooglikheid om de side fariabele data ta te foegjen. It personalisearjen fan ienfâldige swarte tekst yn standertbrieven en oare reklameteksten is neat gjin nijs. Digitale parsen jouwe wol mear mooglikheden om’t der ek wikseljende foto’s of tekstblokken de side brûkt wurde kinne en se yn full-color printe wurde kinne. Katalogy kinne bygelyks op persoanlike winsken ôfstimd wurde, sadat se mei minder siden ta kinne.

Digitale printers besteane al sûnt de santiger jierren, mar binne benammen sûnt ein njoggentiger jierren o sa yn opkomst as alternatyf foar de tradisjonele druktechniken. Los fan de technyk is it grutste ferskil mei de tradisjonele druktechniken dat de fêste kosten de drukwurkopdracht hiel leech (firtueel nul) binne. Dêrfoaroer binne de fariabele kosten it fel folle heger as by tradisjoneel drukwurk. As gefolch dêrfan is digitaal drukken benammen yn it foardiel by lytse oplages en ynderhaastputsjes. De trochsneed oplage fan drukwurk is al sûnt de njoggentiger jierren oan it sakjen. Ek de winske omlooptiid fan drukwurk wurdt hieltyd koarter, trochdat de opdrachtjouwers dat easkje. Beide trends stimulearje it kiezen foar digitaal drukwurk.

Digitale printers binne yn haadlinen yn trije technologyen te ferpartsjen: Océ Copy Press, elektrofotografysk en Inket(snjit)printer. Elektrofotografyske printers wurkje neffens itselde prinsipe as de bekende Laser(ljocht)printers, mar dan grutte, flotter en betrouberder. Océ Copy Press is te ferlykjen mei it offsetprosedee. Toner wurdt oanbrocht op in rubberdoek en mei in tsjindrukrôle op it papier oerbrocht.

Fabrikanten fan produksjeprinters binne ûnder oare Océ, Kodak, Xerox, Agfa, Canon.

Profesjonele inketsnjitprinters wurkje globaal neffens itselde prinsipe as inketsnjitprinters foar konsuminten. Benammen foar drukken op grut formaat (alternatyf foar seefdruk) is inketsnjit al jierren de dominante technology. De wichtichste leveransiers binne dêrby ûnder oare Océ, Mutoh, Vutek en Roland. Sûnt in tal jierren is inketsnjit ek yn opkomst as alternatyf foar offsetdrukken. De nijste produkten binne kwa faasje al gau te ferlykjen mei guon offsetparsen.

In gislee is in ôfdruk mei help fan in inketsnjitprinter. It wurdt benammen brûkt om reproduksjes fan keunstwurken te meitsjen. De term gislee is ôflaat fan it Frânske tiidwurd gicler, dat striele of fernevelje betsjut. Yn dy druktechnyk wurdt gebrûk makke fan ûnûnderbrutsen inketstrielen dy’t ferskate kleurlagen op ferskate materialen oanbringe lykas keunststofplaten, skilderslinnen of heechweardige papier/kartonsoarten. In piëzo-printkoptechnology, dêr’t de inketstoart en frekwinsje sekuer mei dosearre wurde kinne. Mei heechweardich pigmintearre inkten kin in kleurechtens krigen wurde fan 100 jier of mear neffens de lêste ûndersiken. Foar it meitsjen fan in gislee moat it wurk allerearst digitalisearre wurde. Dan is it ek mooglik dy technyk te brûken foar wurk dat op in byldskerm ûntwurpen is en dêr’t allinnich in digitaal orizjineel fan bestiet, de saneamde digitale keunst. As in digitaal wurk net yn in oplage mar mar ienkear ôfdrukt wurdt ha wy it oer in monogislee.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Seneferder, Alois: Het wezen van den steendruk (oerset troch H.C.O. Nagel), Vereeniging Amsterdamsche Grafische School, Amsterdam 1929
  2. de Goey, H.J.A., Diepdruk, in: Algrafische Serie, diel 5, Arbeiderspers, s.j. (~1960), s. 113-149