Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

In stinsel (fan it Ingelske stencil) is in sjabloan makke fan in materaal dat inket trochlit en dêr’t ôfdrukken mei makke wurde kinne (stinselje). Ek in ôfdruk wurdt (ûnterjochte) faak in ‘’stinsel’’ neamd, sels as dy ôfdruk mei in oare technyk makke is. De stinseltechnyk is in foarm fan trochdruk.

Dizze technyk is ferkrongen troch it fotokopiearjen en it printsjen.

 
Betsjinningspaniel en binnenwurk moderne stinselmasine, in Rex Rotary copyprinter 1220. De masterrôle en master binne sichtber.

In memmefel (master) bestiet út in laach waaks op in tinne sterkere, trochlitbere laach. Troch it fuortheljen fan de waaks ûntsteane plakken dêr’t inket trochlitten wurde kin. It fuortheljen fan de waaks koe barre mei in skriuwmasine (sûnder inketlint) of mei in hurde stift. Flaters koene korrisjearre wurde mei in reade korreksjelak, korrektine neamd, dy’t in bytsje op neillak liket. Ek kin waaks mei in brântechnyk ferwidere wurde. It orizjineel wurdt dan optysk lêzen en troch in fonk fuortbaarnd op de master. Dêrby ûntstiet ozon. By moderne digitale masines bart it ynbaarnen yn de masine; ek is it by dy masines mooglik om daliks út ‘e kompjûter wei in master te meitsjen. Dat waard (of wurdt) tapast omdat dat fan in beskate oplage ôf goedkeaper wie/is as sûnder mear fotokopiearjen.

It memmefel wurdt op in trommel spand dêr’t inketrôlen yn sitte. Alle kearen dat de trommel rûndraait wurdt in ôfdruk op papier makke. Masinaal kinne sa maklik tûzenen printen fan in stinsel makke wurde mei in faasje fan 60 oant wol 240 de minút.

Dizze technyk wie yn swang oant fotokopiearjen in tagonkliker, skjinnere wize fan reprodusearjen waard. De oergong barde ein santiger jierren fan de 20e iuw. Noch hieltyd wurdt it wurd faak brûkt foar it oantsjutten fan it produkt fan it stinselproses: in pamflet of fluchskrift, ek as dat net troch de spesifike, hjirboppe beskreaune technyk, ta stân kommen is. It gebrûk derfan by folksreboelje leit foar de hân; in soad lju sizze dat it wiidfersprate brûken fan stinsels by de Paryske revolte fan 1968 begûn is. Dy technyk krige sadwaande ek tsjinstân by de elite en waard spytgnyskjend de stinselkultuer neamd.

De stinseltechnyk waard troch de kommunisten fan ein 1940 ôf brûkt om harren blêden as De Waarheid, De Vonk of it Noorderlicht te fermannichfâldigjen. Dat hie twa foardielen, te witten dat in stinselmasine yn in hûs set wurde koe en de plysje en Sicherheitstsjinst koene de lytse ôfwikings yn de printe letters net werliede ta in printer, mar moast it werliede nei in spesifike skriuwmasine, dêr’t folle mear fan yn de omloop wiene. Ek oare fersetsgroepen makken geregeld gebrûk fan stinselmasines.

Yn it no wurde stinselmasines minder brûkt. Guon printers en ynstellings brûke de masines lykwols noch altyd, omdat by lytse oplagen, en hielendal by kleuredruk, de technyk goedkeaper is as kopiearjen of printsjen.

Stinseltechnyk yn graffity

bewurkje seksje
 
Stinseltechnyk yn graffity: sjabloanen op in muorre yn Barselona

In algemiene (ynternasjonaal) gebrûk fan it wurd stinsel wurdt benammen brûkt foar yn de strjittekeunst brûkte druktechniken wêrby’t gebrûk makke wurdt fan gauris hânsniene sjabloanen.

Ek ûnder graffitykeunstners binne stinsels populêr. Omdat se tige flot oanbrocht wurde kinne en gâns kearen werhelle, wurde se graach brûkt om (ûnder oare) propagandistyske boadskippen mei oer te bringen. Tsjintwurdich is Melbourne it stinsel-mekka, (mei artysten as Rone, Haha, Meggs, Sync en oaren).

Bekende stinselartysten binne:

  • Banksy (VK)
  • Blek le Rat (Frankryk)
  • Fremantle (Frankryk)
  • Hugo Kaagman (Nederlân)
  • Logan Hicks (VS)
  • Peat Wollegear (VS)
  • Rone (Australië)
  • Sixten (Sweden)
  • Slobben / Strøk (Noarwegen)