Oazon

(Trochferwiisd fan Ozon)

Ozon (O3) is in inkelfâldige stof fan it elemint soerstof dat gewoanwei as disoerstof (O2) yn de atmosfear foarkomt. It hat dus trije atomen ynstee fan twa. By standerttemperatuer en -druk is oazon in blau gas. Yn floeibere foarm is it donkerblau, mei in kôkpunt fan −112 °C. It raanpunt is by −193 °C. Dêrûnder is oazon in donkerblauwe fêste stof. It molekule hat in bûgde foarm mei in hoeke fan eat minder as 120 graden. Oazon is tige bitend en fergiftich. It hat in sterke rook.

Oazon

Oazon wurdt tapast yn tal fan yndústriële prosessen en is in krêftich ûntsmettingsmiddel.

Ozon is de earst bekende allotropyske stof, ûntdutsen troch Christian Friedrich Schönbein yn 1840. De namme komt fan het âldgrykske ozein wat 'rûke, in lucht oan jin hawwe' betsjut.

De oazonlaach yn it boppenste part fan de atmosfear foarmet in filter foar de potensjeel skealike ultraviolette strieling. It is yn lege konsintraasjes oanwêzich yn de atmosfeer rûnom de Ierde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje