Akwatint
Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
Akwatint is in djipdruk-technyk, en tagelyk de beneaming foar in ôfdruk dêrfan. It is in fariant op tradisjoneel etsen, wêrby’t gjin linen mar egale flakken ûntsteane. Sadwaande kinne jo in egale toan meitsje. Der ûntstiet in op wetterferve lykjend resultaat. Dy technyk waard troch François Philippe Charpentier en Jean Baptiste Leprince yn 1768 stal jûn en is ûnder oare troch Caspar Wolf en Ambroise Louis Garneray brûkt.
Metoade
bewurkje seksjeFoar akwatint wurdt in koperen of sinkplaat brûkt. Dy plaat wurdt tradisjoneel (as by in line-ets) folslein oppoetst en de skerpe rânen wurde der ôf helle. Dêr wêr’t by etsen in nudle brûkt wurdt om linen yn de fernislaach op de plaat te meitsjen, brûkt akwatint de harslaach dy’t de plaat beskermet of bleat lit. Dat hars wurdt yn kerrels of poeier op de plaat brocht yn in stokast en dêrnei egaal ferwaarme, wêrtroch it hars oan de plaat fêstraant. Troch it brûken fan mear of minder hast ûntstiet de winske tsjokte fan de ôfdeklaach. De hars kin oer it soer dat brûkt wurdt om de tekening yn te biten. As alternatyf kin asfalt brûkt wurde. Op de plakken dêr’t it hars de plaat net beskermet, kin it etssoer de plaat ‘oantaaste’ of ynbite. Om folslein wite flakken te krijen, kinne jo ek stikken fan de plaat bedekke mei in materiaal (bygelyks etsfernis) dat it soer folslein tsjinhâldt.
As de bestode of bespuite etsplaat yn in etsbad lein wurdt, byt it etssoer om de harspuntsjes, want dy binne resistint tsjin it etssoer. Wat langer de plaat yn it bad lizzen bliuwt, wat djipper de plaat ynbiten wurdt. Troch tuskentiids stikken fan de plaat ôf te dekken mei ôfdekfernis en de oare stikken langer ynbite te litten, kinne jo ferskillende nuânses krije. By it ôfslaan fan de plaat by it preparaasjeproses en it inktsjen fan de plaat bliuwt de inket yn de ynbiting sitten en wurdt dy by it drukken oerset op it papier.
By in alvernative akwatintmetoade lizze jo de mei hars of akrylferve bespuite plaat net yn in bad, mar skilderje jo streekrjocht op de plaat mei in sterke salpetersoeroplossing of mei gloride. Sinkplaten kinne ek mei kopersulfaat beskildere wurde. De beskildere stikken wurde by it ôfdrukken donkerder as de net beskildere stikken. In bekende keunstner dy’t fan dy ‘skildermetoade’ gebrûk makket is de Antwerpske Fred Bervoets.
Fariaasjes
bewurkje seksjeUnder oare:
- Sûkerakwatint: foaral om flakken mei in ljochte toan te krijen. De inket wurdt foar dizze technyk mongen mei sûker en Arabyske gom. De sûker wurdt neitiid wer oplost yn in wetterbad.
- Kleure-akwatint: mei kleure inket drukt, yn tsjinstelling ta akwatinten dy’t neitiid ynkleure wurde.
- Ynkleure akwatint: neitiid ynkleure mei bygelyks kryt of grafyt.
Bekende foarbylden
bewurkje seksjeFrancisco Goya makke rynsk gebrûk fan akwatint foar syn Los Caprichos-searje (1799); Los Desastres de la Guerra (1810–19); La Tauromaquia (1816); en Disparates (ca. 1816–23). Graveur Robert Havell brûkte akwatint foar John James Audubons boek Birds of America (1826–38).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|