Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

Gromolitografy is in druktechnyk bedoeld foar it meitsjen fan mearkleurige ôfdrukken. De metoade is foar it meastepart stal jûn troch Gudefroy Engelmann dy’t hjir yn 1837 in oktroai op krige. Yn de 19e iuw waarden wol mear kleuredrukemetoades stal jûn mar de gromolitografy wie it populêrst.

Ofbylding op in sigaredoaze, begjin 20e iuw
Basistekening mei fjouwer referinsjekruzen
Gromolitografy fan de Brooklyn Bridge út 1883 troch Currier and Ives

Gromolitografy is in gemysk proses dat min ofte mear itselde wurket as gewoane litografy mei it ferskil dat foar alle kleuren dy’t brûkt wurde in aparte drukplaat brûkt wurdt. Dy platen wiene meast fan sink of kalkstien.

Allerearst waard in basistekening makke. Dêrnei waard deselde ôfbylding mei waakskryt op de drukplaten tekene mei dát ferskil dat allinnich it stik fan de tekening dat de oanbelangjende kleur hie, tekene waard. Dêrnei waarden de drukplaten bewurke mei Arabyske gom dêr’t in soere stof oan tafoege wie. Dêrtroch waard de drukplaat útbiten, útsein dat stik dêr’t de waaksen tekening op stie. Hjirnei wie de drukplaat klear. Dan koe it papier mei de ferskillend kleure drukplaten bedrukt wurde. Om de ôfbyldings sekuer passe te litten waarden de tekeningen foarsjoen fan referinsjekruzen.

Gromolito’s wiene der yn ferskillende kwaliteiten. Foar de djoerdere eksimplaren waarden bytiden mear as tweintich ferskillende kleuren brûkt. It wie in slim bewurklik proses dat ein tritiger jierren wat langer wat mear ferkrongen waard troch de offsetdruk. De yndustriële litografy of stiendruk ferdwûn definityf yn de sechstiger jierren fan de 20e iuw út de drukkerijen om it eksklusive domein fan de keunstner te wurden.

De gromolito as sammelobjekt

bewurkje seksje

De wrâld fan printen útjûn yn gromolitografy is ûnbidich. Tûzenen gromo’s waarden oer de hiele wrâld útjûn. Se binne socht troch samlers. Yn Nederlân en België sammelje se in beskaat merk en samlers besykje dan ek harren samling sa folslein mooglik te meitsjen. De katalogy fan de ferskate merken foarmje in wichtige neislachboarne. Yn Frankryk sammelje se benammen tematysk. De ûnderwerpen hawwe in ferskaat sûnder ein; hjir inkelde tema’s: sykprinten, bern, topografy, bernespultsjes, poppen, planten en bisten, biljert en fuotbaljen. Ek yn de Feriene Steaten binne samlers fan gromo’s, dêr hat men it oer trade cards.