Typmasine
In typmasine (eins: skriuwmasine, en yn de folksmûle foarhinne ek wol tikmasine neamd) is in meganysk skriuwynstrumint, meast foarsjoen fan druktoetsen dêr’t skrifttekens mei op papier set wurde kinne. Fóár de útfining fan de skriuwmasine, yn de 19e iuw, waarden brieven en ek offisjele dokuminten mei de hân skreaun, faak troch klerken.
Yn ’t earstoan waard it as net hoflik sjoen om in skriuwmasine te brûken foar in brief. Oant yn de twadde helte fan de tweintichste iuw skreaune se sollisitaasjebrieven, brieven oan it Keninklik Hûs en brieven oan freonen mei de hân. Jo kinne dat paradoksaal neame, om’t in soad hânskriften min te lêzen binne. In útjouwer fan boeken, dêrfoaroer, akseptearre fan de auteur allinnich masineskrift.
Sûnt it opkommen fan de pc, en benammen fan de tekstferwurker, is de skriuwmasine sa goed as út de tiid rekke. De foardielen fan in tekstferwurker foar in skriuwmasine oer binne:
- it besjen fan tekst op in skerm sûnder printsjen dêr’t kosten mei anneks binne;
- de sykfunksje, sadat typflaters ien foar ien, en identike flaters tagelyk, ferbettere wurde kinne (nijer: in ynboude staveringshifker, dêr’t mooglike flaters mei oantsjut en korreksjes suggearre wurde)
- de opslach fan ferskate ferzjes ûnder opienfolgjende bestânsnammen;[1]
- de opslach fan weromkommende tekstparten as boustiennen foar groepearre ferstjoering.[2]
- mooglikheid om ferskate lettertypes, kleuren en gruttes sa nedich trochinoar te brûken.
Skiednis
bewurkje seksje-
Typmasine Mignon boujier 1913 -
Hermes-skriuwmasine âlde styl -
Underwood-skriuwmasine -
Elektryske IBM-skriuwmasine
Ferskate lannen yn de wrâld easkje de eare op dat in lânsman de útfiner wie fan de skriuwmasine. De Ingelsken miene dat Henry Mill al yn 1714 in oktroai krige foar in apparaat dat op in skriuwmasine liket. [3] De Italjanen fine dat it Pellegrino Turri wie. Hy makke syn masine, dy’t spitigernôch ferlern gien is, yn 1808. Ek de Italjaan Gioseppe Ravizza makke tusken 1837 en 1855 al inkelde ferskillende modellen. De Frânsen sjogge Xavier Progin as de útfiner, om’t er yn 1837 syn ‘Plume Typografique’ presintearre. De Eastenrikers miene dat Peter Mitterhofer (1864) de eare takomt en de Russen neame M. Alissoff as útfiner. De Feriene Steaten bliuwe net efter yn dizze rige fan útfiners en miene dat William Austin Burt syn houten skriuwmasine brûkte foar in earste (en bewarre) brief oan syn wiif.
De iennige echte, as earste yn mearfâldige produksje nommen skriuwmasine waard yn 1867 útfûn troch Christoper Latham Sholes, Carlos Glidden en Samuel W. Soule. Hja wurken as tiim sekuer gear yn in wurkstee yn Milwaukee. It patint út 1867 waard ferkocht en kaam telâne by E. Remington and Sons, dy’t oarspronklik naaimasines en wapens makken. Dy earste kommersjele skriuwmasine waard troch Remington makke op 1 maart 1873 yn Ilion, New York.
Njonken de kantoarskriuwmasines, dy’t swier en deechlik wiene, kamen letter ek draachbere skriuwmasines yn de hannel, bedoeld foar bygelyks fertsjintwurdigers, sjoernalisten en it leger. Dy wiene licht, minder deechlik en de typkwaliteit wie in stik minder. Ek wie it arbeidzjen op dy draachbere masines net noflik.
Wurking
bewurkje seksjeDe measte skriuwmasines hawwe in rôle dêr’t in fel papier heal omhinne wikkele wurdt en fêstklamme. Dy rôle sit yn in wein, dy’t jo hinne en wer ferwege kinne. Nei it oanslaan fan in letter skoot de wein (mei rôle en papier) in stikje nei lofts, om plak te meitsjen foar de folgjende letter. Oan de ein fan de rigel wurdt de wein hielendal werom nei rjochts treaun en tagelyk wurdt de rôle in stikje ferdraaid, sadat de folgjende rigel wat leger op it papier tikke wurde kin.
De direkteur fan it Britsk Skriuwmasinemuseum, Wilfred A. Beeching, ferparte de wurking fan de ferskate skriuwmasines yn tsien groepen. De Nederlânske skriuwers J. Boot en L.H.M. Knaven wergroepearren dy tsien yn de folgjende groepen:
masines mei in ûnderoanslach oant 1898 dy’t lykje op de boppeneamde masine fan Remington, bygelyks de Yost of Caligraph; masines mei toetsearms, mar in mienskiplike typdrager, bygelyks in skriuwbaltsje Blickensderfer, Hammond of IBM; masines mei in boppe-oanslach en typearms fóár de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de Bar-Lock of de Salter; masines mei in boppe-oanslach en typearms efter de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de North; masines mei in boppe-oanslach en typearms boppe de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de Fitch; masines mei in boppe-oanslach en typearms fóár en efter de skriuwrôle, bygelyks de Williams; masines mei in boppe-oanslach en typearms lofts en rjochts boppe de skriuwrôle, bygelyks de Oliver; masines mei in wizer of yndekssysteem oant 1898, bygelyks de Colombia, de Mignon of de Odell; masines mei in foar-oanslach en typearms oant 1898, bygelyks de Daugerty; masines mei in foar-oanslach en stjitstangen oant 1898, bygelyks de Empire of de Adler.
Yn it tiidrek nei 1898 folgen der in soad ferbetterings op besteande modellen.
Lettertype
bewurkje seksjeFierwei de measte skriuwmasines hiene in saneamd net-proporsjoneel lettertype: dat wol sizze dat brede letters (lykas de ‘m’) likefolle romte yn beslach nimme as smelle letters (lykas de ‘i’). Op in fel papier steane alle letters en spaasjes dus ek rjocht ûnderinoar. Dat is te ferlykjen mei it hjoeddeistige kompjûterlettertype Courier, wêrtroch dat der wat âlderwetsk útsjocht. Foardiel fan dit lettertype is wol dat it tal lettertekens de rigel of fel makliker út te rekkenjen is. Ek ferkearde dûbele spaasjes binne mei de Courier-letter maklik te finen.
Inket
bewurkje seksjeDer binne ferskate wizen dêr’t de beïnkting mei plakfynt. De hjirboppe as foarbyld neamde Williams stimpele de letters eins op it papier. By de Blickerderfer giet in lyts inketbaltsje by de skriuwdrager del. De measte masines wurkje lykwols mei in inketlint. Foar de rôle rint in inketlint del. Dat lint wurdt lofts en rjochts op en fan in spoel wûn. It inketlint ferskoot wat nei eltse oanslach fan in letter. Oan de ein fan it lint wurdt de rjochting automatysk omdraaid. By in soad âldere masines moat it lint lykwols mei de hân weromdraaid wurde.
Guon inketlinten binne oan de ûnderkant read, oan de boppekant swart (of donkerblau), sadat der yn twa kleuren tikke wurde koe. Soms moat dat troch it inketlint derút te heljen en oarsom yn de masine te setten, mar de measte skriuwmasines hawwe in aparte toets of pook om it lint wat heger of leger te setten, dêr’t de oare kleur troch keazen wurdt. Dat is benammen nuttich foar de boekhâlding, dêr’t negative tallen yn it read skreaun wurde. Dy mooglikheid is op de PC werom te finen yn in soad rekkenprograms, lykas byg. Excel. Mei in spesjale ynstelling kinne dêr negative tallen read yn makke wurde.
It inketlint moat troch sliten en útdrûgjen nei in skoft wol ferfongen wurde.
Oanslachsterkte
bewurkje seksjeGuon masines hawwe ek in pookje om in ekstra swiere oanslach te forsearjen, sûnder gebrûk te meitsjen fan it lint, foar it meitsjen fan stinsels.
It tikjen
bewurkje seksjeIn skriuwmasines hat toetsen om de letters mei de fingers oan te slaan. De yndieling fan it toetseboerd is net de meast effisjinte foar de hânbeweging, mar nei’t se sizze sa keazen om de kâns op it fêstreitsjen fan de letterearms lyts te hâlden. It toetseboerd fan in moderne kompjûter hat de yndieling fan de skriuwmasine oernommen. Boppe de toetsen mei letters sitte toetsen foar de sifers. In skriuwmasine hat ek toetsen mei lêstekens, hoewol minder as op de hjoeddeistige kompjûtertoetsebuorden. Troch frij hurd op de knop mei in letter te drukken, komt der in staafke (‘hammerke’) omheech, dêr’t in printletter op montearre is. Dy slacht frij hurd tsjint it inketlint oan, sadat der op it efter it lint leine papier in print fan de letter makke wurdt. Op itselde stuit soargje in fear en in esjappemint derfoar dat de wein in posysje opskoot. De skriuwmasine hat ûnder de letters in spaasjebalke, dêr’t de wein allinnich mei opskood wurdt sûnder dat der in letter printe wurde.
Ein fan de rigel
bewurkje seksje-
Hammerkes dy’t by it tikjen fertize reitsje -
In letterbaltsje fan IBM
As in rigel hast folskreaun is, klinkt der sawat sân tekens foar de ein in skille. Der is dan noch romte om in wurd te beëinigjen, of om op it krekte plak in ôfbrekteken te tikjen. Dêrnei moat de wein, mei dêrop de rôle en it papier, mei in pook weromtreaun wurde. In meganyk soarget der dêrby foar dat de rôle ek in stikje ferdraait, sadat de folgjende rigel tikke wurde kin. Dat barren klinkt noch hieltyd troch yn it begryp carriage return foar de wein; line feed stiet dan foar it trochdraaien fan it papier nei de nije rigel.
Ynstellings
bewurkje seksjeDe skriuwmasine hat noch allerhande oare poken, ûnder oare om de kantline lofts en rjochts yn te stellen, foar de ynstelling fan de tabs (tabulator neamd) en sokssawat.
Folchoarder fan de toetsen
bewurkje seksjeYn ’t earstoan hantearren ferskate fabrikanten harren eigen folchoarder fan de toetsen. Omdat de hammerkes by te flot tikjen wolris yn de tiis rekken, hat de Amerikaan Christopher Sholes in oanpaste toetsfolchoarder betocht. Dêrby waarden letterkombinaasjes dy’t gauris foarkamen oan wjerskanten fan it toetseboerd set, sadat de hammerkes net yninoar fertize reitsje soene. Dy folchoarder wurdt, neffens de folchoarder op de boppeste letterrige QWERTY- of AZERTY-toetseboerd neamd. Dy folchoarder is by de ynfiering fan de elektryske skriuwmasines en kompjûters sa bleaun, hoewol’t it probleem fan de hammerkes dêr net mear spilet. Njonken skriuwmasines mei in QWERTY-yndieling binne skriuwmasines makke mei in Dvorak-yndieling. Dêrnjonken ha skriuwmasines bytiden noch ekstra toetsen foar taalspesifike letters, sa hiene Nederlânske skriuwmasines in ekstra toets foar de ij. In fabeltsje oer it ûntstean fan it QWERTY is dat dat betocht is troch fertsjintwurdigers dy’t de skriuwmasines ferkeapje moasten. Om sjen te litten hoe maklik en flot dy binne, soene se it wurd ‘’typewriter’’ o sa rap tikje kinne troch allinnich de boppeste rige te brûken.
Elektryske skriuwmasine
bewurkje seksjeDe meganyske skriuwmasines hiene wol neidielen: sa koene de staafkes dêr’t de letters op sieten yninoar fertize reitsje as der te flot tikke waard. Ek koe it barre dat in skerp teken, lykas de punt of it skrapke troch it papier hinne sloech, as der te fûl tikke waard. Dy problemen waarden oplost mei de komst fan de elektryske skriuwmasine, dy’t al gau fan in korreksjelint foarsjoen waard. Yn it begjin hiene de elektryske skriuwmasines noch it gewoane meganyk mei staafkes en letters derop, letter waarden masines makke mei letterbaltsjes (IBM) en daisy wheels (Olivetti). Dy koene ferfongen wurde, sadat mei in oar lettertype wurke wurde koe, of sels mei bygelyks Grykske letters. In oare ynnovaasje wie de ferfanging fan it inketlint. Trochdat dat frij gau minder skerp waard, waard it troch in keunststoflint ferfongen dat ienkear brûkt waard. Dat keunststoflint waard yn weismytkassettes levere.
De lêste elektryske skriuwmasines hiene sels in ûnthâld, dêr’t bygelyks in hiele te tikjen rigel yn opslein wurde koe. Dêrtroch wie it folle ienfâldiger om flaters te korrisjearjen. Nei kontrôle en korreksje waard de folsleine rigel yn ienkear ôfprinte. Dy masines hawwe lykwols net lang yn gebrûk west.
It brûken
bewurkje seksjeMei de skriuwmasine waard daliks in orizjineel dokumint makke, en it wie dus fan belang om gjin tikflaters te meitsjen. Flaters koene allinnich wersteld wurde troch gomjen of troch it weiwurkjen mei ‘’wite inket’’, mar de flaters bleaune altyd sichtber. Dat wie noch slimmer as der meardere kopyen tikke waarden. Dat barde troch meardere fellen papier yn de masine te draaien, mei dêrtusken in fel karbonpapier. De efterste kopy wie bytiden min te lêzen, en mear as fjouwer kopyen koene eins net makke wurde. It fuortwurkjen fan in flater frege it nei boppe draaien fan de bondel papier, it fuortheljen fan de ferkearde letter op eltse ôfdruk, en dêrnei it wer weromdraaien fan de bondel papier. Dêrby moast der foar soarge wurde dat de ferskate ôfdrukken foarinoar oer net ferskoden. Faak waarden op de kopyen dêrom mar net korrisjearre, en waard allinnich it orizjineel flaterleas ferstjoerd. In goede typiste koe lykwols flot en sûnder flaters tikje.
It oanslaan fan de skriuwmasine mei it tsienfingersysteem frege aardich oefenjen en krêft yn de fingers. Benammen ek de pink, dêr’t de p, q, a en z oanslein wurde, moast sterk wêze. Foaral it heljen fan in hege tikfaasje wie lestich. In oanslachfaasje fan 200 oanslaggen de minút waard as tige heech sjoen. Dat is in faasje dy’t op in kompjûtertoetseboerd sels troch mei twa fingers te tikjen skoan ferbettere wurde kin.
In soad minsken hiene thús foar priveegebrûk in skriuwmasine, mar de skriuwmasine waard benammen op kantoar in soad brûkt.
Op kantoar
bewurkje seksjeDe skriuwmasine waard op it moderne kantoar (oant sawat 1980) eins allinnich betsjinne troch froulju. Yn dy tiid wie de rolferdieling tusken manlju en froulju meast strang skieden. De manlike wurknimmers diene it kreativere wurk en skreaune mei de hân harren brieven, of diktearren dy oan de siktaresse, dy’t se, al of net yn steno, notearren en dêrnei úttikken. Ek foar steno bestiene stenoskriuwmasines.
De skriuwmasine kaam sa bot op, dat de gruttere kantoaren in typkeamer hiene, dêr’t de hânskreaune brieven ynlevere waarden en dêrnei úttikke. Dy funksje fan typiste is mei de opkomst fan tekstferwurkers, dy’t al gau ek troch manlju op kantoar brûkt waarden, folslein út de tiid rekke. Dochs besochten froulju yn it begjin harren rol fêst te hâlden, trochdat eltse brief en elts rapport fia it siktariaat it bedriuw út moast foar in lêste kontrôle op stavering en bygelyks hússtyl. It slagge lykwols net om dy funksje fêst te hâlden, sadat de funksje fan typiste ûnderwilens folslein ferdwûn is.
It ferdwinen fan de skriuwmasine
bewurkje seksjeBysûnder oan dy ûntjouwing wie, dat doe’t de tekstferwurker deryn kaam, sawat eltsenien dat as in grutte ferbettering ûndergie, hoewol’t de lettertypen fan de earste tekstferwurkers as ûnkant sjoen waarden troch de soad brûkte ienfâldige Matriks(nulle)printers. Foar estetysk ferantwurde wurk koene wol margrytsjilprinters brûkt wurde mar dy wiene net flot en troch harren komplekse meganyk minder betrouber foar grutte bulten printwurk.
It foardiel fan de tekstferwurker wie twadderlei. Allerearst smiet de mooglikheid fan it korrisjearjen fan ien of mear tikflaters op in side in direkt kostefoardiel op: de hiele side hoegde ommers net fannijs úttikke te wurden. As twadde wie dêr de besparring yn trochrintiid; de syklus
- mei de hân útskriuwen fan in rapport troch meiwurker
- úttikjen fan it rapport troch de typiste
- konrolearjen fan it rapport troch meiwurker
- korrisjearjen rapport troch typiste
waard yn in soad gefallen ferfongen troch meiwurkers, dy’t sels harren rapport, offerte of oar dokumint tikken en printen. Dy foardielen woegen op tsjin de mindere printkwaliteit. Earst mei de komst fan de Inket(snjit)printer en Laser(ljocht)printer waard de printkwaliteit fan de oarspronklike skriuwmasine wer helle, en sels gâns ferbettere.
It ferdwinen fan de skriuwmasine hie sadwaande yn in soad grutte orginaasjes laat ta it ferdwinen fan tikkeamers en de werbestimming fan romtes. Ek it Scryption, in museum yn Tilburch foar skriftlike kommunikaasje en in thús foar in soaddhistoaryske modellen fan skriuwmasines, moast yn 2011 ticht.[4]
Yn april 2011 waard de begearigens fan massamedia om net-neigiene feiten fan elkoar oer te nimmen oantoand, doe’t in ferkeard ynterpretearre parseberjocht fan fabrikant Godrej Bouce de wrâld oer gie en de yndruk joech dat it lêste fabryk fan skriuwmasines de produksje yn 2011 stillizze moast.[5][6][7][8]
Trivia
bewurkje seksje- It earste tikke manuskript wie Mark Twains Life on the Mississippi yn 1883.
- De skriuwer Willem Frederik Hermans wie in grut samler fan skriuwmasines.
- De Amerikaanske komponist Leroy Anderson (1908-1975) komponearre it konsert The Typewriter, mei in skriuwmasine as solo-ynstrumint.
Erik Satie skreau it ballet Parade, dêr’t in skriuwmasine in rol yn spilet. Satie wie fan betinken dat alles wat lûd makket ek in muzykynstrumint is. Yn dy tradysje stiet ek it ‘'konsert foar skriuwmasine yn D fan de Estske rockgroep In Spe út 1984.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBibliografy
bewurkje seksje- Die Schreibmaschine und ihre Entwicklungsgeschichte / Ernst Martin. - St. Gallen : Gauch, 1920-1923. - 2 dl. (II, 784 s.) (faksimile werprinte, 1981)
- Century of the typewriter / Wilfred A. Beeching. - London : Heinemann, 1974. - XII, 276 s. ISBN 0-434-90120-2
- De historische ontwikkeling van de schrijfmachine / J. Boot, L.H.M. Knaven. - Grins : Wolters-Noordhoff, 1978. - 143 s. ISBN 90-01-11066-5
- Antique Typewriters / Michael H. Adler. - Atglen, PA : Schiffer, 1997.
- Mechanical typewriters : their history, value, and legacy / Thomas A. Russo. - Atglen, PA : Schiffer, 2002. - 253 p. - (A Schiffer book for collectors). ISBN 0-7643-1545-5 bûn. YNHALD: Oersjoch yn wurd en byld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|