Willem Frederik Hermans

Willem Frederik Hermans (Amsterdam, 1 septimber 1921 - Utert, 27 april 1995) wie in Nederlânsk skriuwer en fysysk geograaf.

Willem Frederik Hermans
skriuwer
W.F. Hermans yn 1986
W.F. Hermans yn 1986
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Fjodor Klondyke, Age Bijkaart, Prof. Dr. B.J.O. Zomerplaag, R.P. Anastase Prudhomme, S.J.
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 septimber 1921
berteplak Amsterdam
stoarn 27 april 1995 (73 jier)
stjerplak Utert
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Poëzy
Roman
Novelle
Essay
Polemyk
Kollumn
bekendste
  wurk(en)
De tranen der acacia's
Het behouden huis
De donkere kamer van Damokles
Mandarijnen op zwavelzuur
Nooit meer slapen
Onder professoren
Au pair
jierren aktyf 1940-1995

Libben en wurk bewurkje seksje

Yn syn bernejierren hie Willem Frederik Hermans in muoisume relaasje mei syn âlden en benammen syn âldere suster Corry, yn waans skaad hy stie. Doe't hja yn 1940 selsmoard plege, feroare dat syn wrâldbyld, hy soe dêr't yn lettere boeken nei ferwize ('Ik heb altijd gelijk' en 'Herinneringen van een-Engelbewaarder').
Op oantrunen fan syn heit, begûn er yn 1940 oan in stúdzje Sosjale Geografy oan de Universiteit fan Amsterdam. In jier letter stapte hy oer op Fysyske Geografy. Doe't hy wegere de ferklearring fan loyaliteit oan de Dútske besetters te ûndertekenjen, moast er ophâlde mei de stúdzje. Yn de Twadde Wrâldoarloch begûn Hermans te skriuwen. Nei de oarloch wurke Hermans foar ferskate literêre tydskriften. Doe't dat ek as ûnderdiel fan syn earste romans publisearre waarden, joech dat in soad alteraasje. Op 4 july 1950, troude hy mei de Surinaamske Emmy Meurs, mei wa't hy in soan krige yn 1955. Yn 1953 waard hy beneamd as heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins, earst as assistint en letter as dosint yn de Fysyske geografy. Op 6 july 1955, krige hy syn doktoraat. Bysûndere oandacht luts hy yn de lette jierren 1960, doe't hy de joadske fersetsheld Friedrich Weinreb yn meardere krêftich formulearre artikels útmakke foar in oplichter. Neffens eigen sizzen fan Hermans, stoppe hy dêr sa'n soad enerzjy yn dat it skriuwen fan in oantal romans der by bleau. Yn 1973 ferliet hy de Universiteit fan Grins om in soad tsjinstridichheden en tocht yn it lettere wurk mei har en fan de stêd Grins. Yn itselde jier gie hy yn ballingskip yn Parys. Yn 1977 wûn hy de Priis fan de Nederlânske Letteren. Foar Hermans, wie dit de grutste ear foar syn wurk. Yn 1990 krige hy in earedoktoraat fan de Universiteit fan Luik en de Universiteit fan Pretoria.

Syn hobby's wiene fotografy en benammen de dêrop folgjende filmûntwikkeling. Hy sammele ek âlde skriuwmasines dy't nei syn dea nei it Scryption Museum fan Tilburg giene. Hy publisearre in grut tal romans, essays, gedichten, koarte ferhalen en drama's. Hoewol't hy bekroand waard mei in soad literêre prizen, wegere hy de measte dêrfan. Tegearre mei Harry Mulisch en Gerard Reve is hy ien fan de grutte trije fan de Nederlânske nei-oarlochske literatuer.

Bibliografy bewurkje seksje

Wurken bewurkje seksje

  • Kussen door een rag van woorden (poëzij, 1944)
  • Demon van ivoor (pseud. Fjodor Klondyke, 1945)
  • Leproos van Molokaï (pseud. Fjodor Klondyke, 1945-1946)
  • Misdaad stelt de wet (pseud. Fjodor Klondyke, 1945-1946)
  • Misdaad aan de Noordpool (pseud. Fjodor Klondyke, 1945-1948; datearing ûnwis)
  • Horror cœli (poëzij, 1946)
  • Conserve (roman, 1947)
  • Hypnodrome (poëzij, 1948)
  • Moedwil en misverstand (koarte ferhalen, 1948)
  • De tranen der acacia's (roman, 1949)
  • Fenomenologie van de pin-up girl (essay, 1950)
  • Ik heb altijd gelijk (roman, 1951)
  • Het behouden huis (novelle, 1951)
  • Paranoia (koarte ferhalen, 1953)
  • De mandarijnenpers (essays, 1955)
  • Het geweten van de Groene Amsterdammer (essays, 1955)
  • De God Denkbaar - Denkbaar de God (roman, 1956)
  • Drie melodrama's (roman/koarte ferhalen, 1957)
  • Een landingspoging op Newfoundland (koarte ferhalen, 1957)
  • De donkere kamer van Damokles (roman, 1958)
  • Drie drama's (toaniel, 1962)
  • De woeste wandeling (filmscenario, 1962)
  • Mandarijnen op zwavelzuur (essays, 1964)
  • Het sadistische universum (essays, 1964)
  • Zwarte Handel (kollaazjes, 1965)
  • Nooit meer slapen (roman, 1966)
  • Een wonderkind of een total loss (ferhalen, 1967)
  • Wittgenstein in de mode (essay, 1967, lettere oanfolde printinge ûnder de titel Wittgenstein in de mode en Kazemier niet)
  • Overgebleven gedichten (poëzij, 1968)
  • Preambule/Manuscript in een kliniek gevonden (ferhalen, 1968)
  • De heilige Maria Juana (gedichten, publisearre ûnder auteursnamme Luis Cimatarra mei as oersetter W.F. Hermans; Luis Cimatarra is in pseud. fan WFH, 1968)
  • Fotobiografie (autobiografy, 1969)
  • Het lek in de eeuwigheid (1969)
  • De laatste resten tropisch Nederland (reisbeskriuwing, 1969; sjoch Passanteliteratuer)
  • Hollywood (reisnotysjes, 1970)
  • Het sadistische universum 2. Van Wittgenstein tot Weinreb (essays, 1970)
  • Herinneringen van een engelbewaarder (roman, 1971)
  • King Kong (folge troch wat Nederlân net op telefyzje sjen mocht, telefyzjespul, 1972)
  • Hellebaarden (Sitaten út it werk fan Hermans, samle en ynlaat troch Frans A. Janssen, 1972)
  • Het evangelie van O. Dapper Dapper (roman, 1973)
  • Hundertwasser, honderdvijf en meer (ferhalen, 1973)
  • Meditaties (ûnder pseud. Schrijver Dezes, 1973)
  • Periander (toaniel, 1974)
  • Machines in bikini (essays, 1974)
  • Onder professoren (roman, 1975)
  • Dinky toys (aforismen, 1976)
  • Boze brieven van Bijkaart (kollumns, 1977)
  • Bijzondere tekens (koart ferhaal, 1977)
  • Houten leeuwen en leeuwen van goud (essays, 1979)
  • Ik draag geen helm met vederbos (essays, 1979)
  • Dood en weggeraakt (novelle, 1980)
  • Filip's sonatine (novelle, 1980)
  • Homme's hoest (novelle, 1980)
  • Vijf verhalen (verhalen, 1980)
  • Beertje Bombazijn (ûnder pseud. Sita van Wissel, 1981)
  • Uit talloos veel miljoenen (roman, 1981)
  • Carel Willink, De schilderkunst in een kritiek stadium (mei dêryn opnomd in essay fan Hermans: 'De lange broek als mijlpaal in de cultuur'; essay fan 1951), Amsterdam: Peter van der Velden 1981 (side 61-85)
  • Geijerstein's dynamiek (novelle, 1982)
  • Mandarijnen op Zwavelzuur. Supplement (polemyske stikken, 1983)
  • Klaas kwam niet (essays, 1983)
  • Suid-Afrika (oplage 4 eks., printe troch De Literaire Loodgieters, 1983)
  • Waarom schrijven (ferhaal, 1983) (Audiobestân Waarom schrijven)
  • De zegelring (novelle, 1984)
  • De liefde tussen mens en kat (essay, 1985)
  • Relikwieën en documenten (essay, 1985)
  • Roeping (onder pseud. Age Bijkaart, 1985)
  • Cascaden en riolen (1986)
  • Koning Eenoog (fotoboek, 1986)
  • Het boek der boeken, bij uitstek (essay, 1986)
  • Een heilige van de horlogerie (roman, 1987)
  • Max Havelaar, ingeleid en van verklarende noten voorzien door W. F. Hermans, (fotografyske werprintinge, 1987)
  • Mondelinge mededelingen (lêzingen, 1987)
  • Dinky toys (aforismen, 1988)
  • Door gevaarlijke gekken omringd (kollumns, 1988)
  • De schrijfmachine mijmert gekkepraat (skiednis fan de skriuwmasine, 1989)
  • Au pair (roman, 1989)
  • Wittgenstein (essays, 1990)
  • Naar Magnitogorsk (novelle, 1990)
  • Vincent literator (essays, 1990)
  • Het hoedenparadijs. 40 collages van Willem Frederik Hermans (1991)
  • De laatste roker (koarte ferhalen, 1991)
  • Gitaarvissen en banjoklokken (reisferslach, 1991)
  • In de mist van het schimmenrijk (boekewikegeskink, 1993, letter ferskynd as Madelon in de mist van het schimmenrijk)
  • De aardappel van de dood (oer de skilder J.H. Moesman; lêzing, 1993)
  • Slechte kritieken gaan nooit verloren, goede ook niet, sinds kort (taspraak en essay, 1993)
  • Vier novellen (1993)
  • De onversleten wandelaar (1994)
  • Een foto uit eigen doos (foto's, 1994)
  • Malle Hugo. Vermaningen en beschouwingen (essays, 1994)
  • Ruisend gruis (roman, 1995)
  • Ze zullen eikels zaaien op mijn graf. Teruggevonden gesprekken met Willem Frederik Hermans, Ynterviewer: Hans van Straten, (1995)
  • Tuin in Brussel (gedichten,1996, yllegale útjefte fan op 8 desimber 1945 yn De Baanbreker ferskynde poëzij)
  • Het grote medelijden (samle novellen, 2002)
  • De weerspannige slaper (essays, 2004)
  • Een ernstig onderzoeker (2004)
  • Je vriendschap is werkelijk onbetaalbaar. Brieven aan Geert van Oorschot (briefwikseling, 2004)
  • Richard Simmillion. Een onvoltooide autobiografie (autobiografyske novellen, 2005)
  • Volledige Werken 1. Romans. Conserve. De tranen der acacia's (2005)
  • Volledige Werken 7. Verhalen en novellen. Moedwil en misverstand. Paranoia. Een landingspoging op Newfoundland en andere verhalen (2006)
  • Volledige Werken 12. Beschouwend werk. Boze Brieven van Bijkaart. Houten leeuwen en leeuwen van goud (2006)
  • Verscheur deze brief! Ik vertel veel te veel (briefwikseling Willem Frederik Hermans en Gerard Reve, 2008)
  • Volledige Werken 2. Romans. Ik heb altijd gelijk. De God Denkbaar Denkbaar de God. Drie melodrama’s (2008)
  • Volledige Werken 11. Beschouwend werk. Het sadistische universum 1. Annum veritatis. De laatste resten tropisch Nederland. Het sadistische universum 2. Van Wittgenstein tot Weinreb. Machines in bikini. Dinky Toys (2008)
  • Machines en emoties (briefwikseling tusken Willem Frederik Hermans, Rudy Kousbroek en Ethel Portnoy, 2009)
  • Volledige werken 13. Beschouwend werk. Ik draag geen helm met vederbos. Klaas kwam niet (2010)
  • Volledige werken 3. De donkere kamer van Damokles. Nooit meer slapen (2010)
  • Volledige werken 14. Beschouwend werk. De liefde tussen mens en kat. Relikwieën en documenten. Het boek der boeken, bij uitstek. Mondelinge mededelingen. Door gevaarlijke gekken omringd (2011)

Oersettings en fakliteratuer bewurkje seksje

  • J.B. Priestley, Zonlicht op zaterdag (oersetting L.A. de Witt, pseud. fan WFH; 1947)
  • Description et genèse des dépôts meubles de surface et du relief de l'Oesling (proefskrift, 1955)
  • Haroun Tazieff, Kraters in lichterlaaie (oersetting WFH, 1954)
  • Ludwig Wittgenstein, Tractatus logico-philosophicus (oersetting WFH, 1975)
  • Henri Béraud, De martelgang van de dikzak (oersetting WFH, 1981)
  • Zeven gedichten van O.V. de L. Milosz (oersetting WFH, 1981)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: