Kaaiboerd

(Trochferwiisd fan Toetseboerd)

In kaaiboerd, ek taastboerd of toetseboerd, is in apparaat mei rigen kaaien, dy't mei de fingers yndrukt wurde kinne. By de hjoeddeiske kompjûter wurde kaaiboerden benammen brûkt foar de ynfier fan tekst.

Alle trije begripen binne lienwurden. It begryp kaai wurdt brûkt nei analogy fan it Ingelske wurd ‘key’ dat benammen stiet foar dingen dêr’t it bewegen fan brûkt wurdt om eat te betsjinjen, lykas bygelyks in seinkaai.

It wurd taast komt fan it Ald-Frânske tiidwurd ‘taster’ en it wurd toets fan it tiidwurd ‘toucher’ út it nijere Frânsk. Beide jouwe oan dat se troch oanreitsjen betsjinne wurde kinne.

Om in kompjûter opdrachten te jaan is der in apparaat makke dêr't opdrachten as 'tekst' mei skreaun wurde koenen. Dêrby is as fansels in typmasine ta foarbyld naam. Lykas by de lettere typmasines is it kaaiboerd fan de kompjûter sterk útwreide yn fergelyk mei de meganyske typmasine. Sa binne der njonken it haadkaaiblok ferskate oare rigen en blokken mei kaaien bykaam.

Mei it útwreidzjen fan de programma's kaam der hieltiten mear ferlet fan mooglikheden om programmafunksjes út te fieren. Dêrtroch ûntstie de winsk om ta mear skiften te kommen. De âlde typmasine koe mar twa skiften: haadletters en lytse letters. Hjoed de dei kinne sokke skiften yn in kompjûterprogramma oan alle kaaien tawiisd wurde, mar it bliuwt praktys dy takenning te beheinen ta in pear kaaien oan de râne fan it letterblok. Sa waarden bygelyks kaaien as de Oarre [Alt] en Kontrôle [Ctrl] yn de moderne programma’s ornearre foar ‘kaaiekombinaasjes’. Troch in kombinaasje fan sa'n kaai mei in letterkaai kin dan in beskate programmafunksje útfierd wurde.

 
In kompjûterkaaiboerd fan binnen

Sokke kaaikombinaasjes binne, troch it betsjinjen fan mear as ien kaai tagelyk, net maklik te brûken foar minsken mei beskate beheinings. Yn de measte bestjoeringssystemen is soks op te lossen mei 'fertrage kaaien’. Dat is in programmaynstelling dy't der foar soarget dat de kombinaasje fan kaaien net tagelyk yndrukt hoecht te wurden, mar dat de kombinaasjekaai, bygelyks de Oarre, en de letterkaai efterinoar yndrukt wurde kinne. It bestjoeringssysteem regelet it sa dat yn it programma de kaaikombinaasje tagelyk oanbean wurdt.