Nordisk familjebok

Nordisk familjebok ("Noardsk famyljeboek") is in Sweedske ensyklopedy, dy't tusken 1876 en 1957 publisearre waard.

De rêch foar de ûle-edysje

De earste edysje waard yn 20 dielen útbrocht tusken 1876 en 1899 en is bekend wurden as de "Iðunn-edysje" fanwege in ôfbyld fan Iðunn op de omslach. De twadde edysje waard publisearre tusken 1904 en 1926 en hie 38 dielen. It is de meast grutte ensyklopedy dy't yn it Sweedsk ferskynd is. Dy twadde edysje stiet bekend as de Uggleupplagan ("Ule-edysje") fanwege de ûle op de bân. Twa eardere edysjes binne foar 1957 útbrocht. De twa earste edysjes heare no ta it publike domein.

Yn de jierren '90 sette de Universiteit fan Linköping útein mei Projekt Runeberg. Hy woe digitale kopyen fan âlde Skandinavyske boeken ta syn foldwaan hawwe, lykas Projekt Gutenberg dat docht foar Ingelsktalige literatuer. Yn 2001 koe troch OCR ("Optical Character Regognition") in begjin makke wurde mei it scannen fan de 45.000 siden. Wyls binne dy oer it ynternet beskikber.

Keppeling om utens

bewurkje seksje