Subtraktive kleurminging
Subtraktive kleurminging is in proses foar it mingen fan ferskillende kleuren. Dizze soarte fan kleurminging ûntstie troch selektive absorpsje fan it wite ljocht troch ien of mear ferskillende kleurstoffen. Dy kleurstoffen kinne as lytse dieltsjes trochinoar mongen wêze, lykas by ferve of inket, of se kinne yn opinoar folgjende transparante lagen sitte, lykas by filters foar bygelyks teäterbeljochting.
De term 'subtraktyf' komt út it Latyn: subtrahere betsjut "ôflûken". By subtraktive kleurminging wurdt begûn mei wyt, en dêr wurde primêre kleuren ôfhelle. Dat is krekt it tsjinstelde proses fan additive kleurminging, wêrby't ljocht fan ferskillende kleuren mongen wurdt troch mei neat (swart) te begjinnen en dêrby op te tellen.
Primêre kleuren by subtraktive kleurminging
bewurkje seksjeDe mingkleur is by subtraktive kleurminging altyd dûnkerder as de dûnkerste boarnekleur om't ljocht ferlern giet. De útsûndering op dy regel is partitive kleurminging, wêrby't as ûndergrûn rutense stof of mozayk brûkt wurdt. By gewoane subtraktive kleurminging begjint men mei in wite ûndergrûn dy't dus wyt ljocht wjerkeatst. Dat wite ljocht is in mingsel fan ljocht fan alle weachlingten fan it sichtber spektrum, mei dêrûnder ek de ljochtprimêren read, grien en blau, dy't de trije types kleurreseptive kegeltsjes yn it minsklik each prikelje.
As dan op 'e wite ûndergrûn ien fan 'e trije subtraktive primêre kleuren syaan, maginta of giel oanbrocht wurdt, resultearret dat deryn dat de komplemintêre kleur fan dy primêre kleur absorbearre wurdt. Foar syaan, maginta en giel binne de komplemintêre kleuren read, grien, resp. blau. Wurde syaan en giel oerinoar hinne oanbrocht, dan wurde dus read en blau aborbearre en bliuwt grien oer. By syaan en maginta wurde read en grien absorbearre en bliuwt blau oer. En by giel en maginta wurde grien en blau absorbearre en bliuwt read oer. De oerbliuwende kleur is de kleur dy't it minsklik each sjocht.
Fjouwerkleuredruk
bewurkje seksjeAs alle trije primêre kleuren oanbrocht wurde, dan wurdt alle ljocht absorbearre en is it resultaat yn prinsipe swart. Om't de inketen dêr't mei wurke wurdt net ideaal binne, is yn 'e praktyk fan 'e druktechnyk it resultaat lykwols net swart, mar in ûnoannimlike brunich grize kleur. Om dan swart te krijen, wurdt apart swarte inket ôfdrukt, wat it kleurkontrast ferheget en dêrmei ek de trochtekening. Dêrfandinne sprekt men wol fan 'fjouwerkleuredruk'. Foar dy foarm fan druktechnyk wurdt gebrûk makke fan it CMYK-kleursysteem, dat in ôfkoarting is fan Cyan ("syaan"), Magenta ("maginta"), Yellow ("giel") en Key Plate ("drukplaat"). Dy lêste oantsjutting ferwiist nei de wichtichste drukplaat yn in drukparse, dy't mei swarte inket detail en kontrast tafoeget oan in ôfdruk, en dêr't de oare drukplaten op útline wurde.
Primêre subtraktive kleuren
bewurkje seksjeSekundêre subtraktive kleuren
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |