Kleurkontrast

term út de byldzjende keunst

Kleurkontrast is in term út de byldzjende keunst, dy't oanjout dat kleuren elkoar fersterkje kinne of ferswakje troch de ynfloed dy't se troch de minsklike waarnimming op elkoar hawwe.

Der binne ferskate foarmen fan kleurkontrast. De mominteel meast brûkte kleurteory is de teory fan Johannes Itten. Hy ûnderskiede sân kleurkontrasten.

Kleur tsjin kleur kontrast

bewurkje seksje

It ienfâldichste kleurkontrast ûntstiet om de inkelfâldige kleuren mei de grutste suverheid tsjin elkoar oan te setten. Lykas it grutste ljocht - donkerkontrast ûntstiet tusken swart en wyt, ûntstiet it grutste kleurkontrast troch de primêre kleuren, tradisjoneel waarden dy sjoen as read, giel en blau; yn de wittenskiplike lear as maginta, giel en syaan.

         
 
         
 
         
 

read, giel, blau

 

         
 
         
 
         
 

maginta, giel, syaan

Ljocht - donker kontrast

bewurkje seksje

Dit wurdt ek wol oantsjutten as it "gewoane kontrast". It ljocht-donker kontrast kin ûntstean tusken twa kleuren, bygelyks giel en pears, mar ek tusken ferskillende nuânses (of toanen) fan ien kleur.

                             
     
     

 

                             
     
     

De ljochtpearse kleur yn 'e midden is yn beide blokken itselde. Yn it boppeste blok liket it pears troch it ljocht - donker kontrast folle ljochter as yn it ûnderste blok.

Waarm - kâld kontrast

bewurkje seksje

It waarm kâld kontrast wurdt feroarsake trochdat sommige kleuren, benammen yn de kleuresirkel om de kleur read lizzend, in waarme yndruk meitsje. Oare kleuren, om de kleur blau, meitsje in kâlde yndruk. De waarmte fan in kleur yn in skilderij kin troch it waarm-kâld kontrast fuortsterke wurde troch der in koelere kleur njonken te setten.

Yn it foarbyld hjirûnder jout de middelste kleur midden yn it waarme reade flak in koele yndruk. As deselde kleur omjûn wurdt troch in kâlde blauwe kleur, is de yndruk folle waarmer.

                             
     
     

 

                             
     
     

Meidat in waarme kleur troch it atmosfearysk perspektyf boppedat nei foaren liket te kommen, is der ek in ferskil yn djiptewurking by de twa hjirboppesteande foarbylden. Yn de boppeste figuer wykt de midden nei efteren, yn de ûnderste figuer liket de midden nei foaren ta te kommen.

Komplemintêr kontrast

bewurkje seksje

It sterkste kleurkontrast bestiet tusken de komplemintêre kleuren; neffens Itten wie dat tusken read en grien, giel en pears, blau en oranje.

                             
     
     

 

                             
     
     
                             
     
     

De giele kleur yn 'e midden fan it read stekt minder fel ôf as de griene kleur. Besocht is om de toanwearde (helderheid) fan it grien en it giel gelyk te hâlden, lykas blykt út it ûnderste blokje. Dat it grien sterker ôfstekt, komt trochdat it de komplemintêre kleur is fan read.

Nimme we de komplemintêre kleuren dy't wittenskiplik ûndersyjk fûn hat — dan stiet maginta foar grien en read oer tsjin syaan — binne neffens dat ûndersyk noch sterkere kontrasten waarnimber:

                             
     
     

 

                             
     
     
                             
     
     

Simultaankontrast

bewurkje seksje

Mei it simultaankontrast wurdt bedoeld, dat as in bepaalde kleur sterk oanwêzich is, de komplemintêre kleur derfan as in neibyld altiten nei foaren ta komt. Yn de foarbylden hjirûnder hat it griis binnen it reade blok in griene gloed, wylst it griis yn it pearse blok krekt in gieleftige gloede fertoant. It is fan belang by it besjen fan dizze blokken de oare kleuren op dizze side safolle mooglik ôf te dekken, en lang nei de midden fan de grize flakken yn de blokken te stoarjen.

                           
 
 
 
                                     
 
 
   
 
 
 
 
   
                           
 
 
 
                                     
 
 
   
 
 
 
 
   
 
 

Kwaliteitskontrast

bewurkje seksje

It kwaliteitskontrast is it kontrast tusken heldere, fersêde kleuren, en matte, troebele kleuren. Hjirûnder in foarbyld fan in blok suver magenta yn de midden en minder fel, griiseftich magenta der omhinne.

         
 
                   
 
 
   
 
 
   

Kwantiteitskontrast

bewurkje seksje

It kwantiteitskontrast betsjut dat der in sterk en as spannend ervaren kontrastferskil ûntstean kin troch de kleuren yn tige ferskillende hoeveelheden te brûken. Bygelyks troch twa lytse flakjes blau yn in grut oranje fjild ta te passen, lykas hjirûnder.