Komplemintêre kleur

In komplemintêre kleur is in kleur dy't rjocht foar in beskate oare kleur oer stiet yn 'e kleuresirkel. Dy beide kleuren wurde yn 'e natuerkunde dan omskreaun as 'komplemintêre kleuren', wat letterlik betsjut dat se inoar oanfolje. By additive kleurminging fan kleurd ljocht liedt de ferminging fan komplemintêre kleuren ta it ûntstean fan wyt. By subtraktive kleurminging, mei transparante kleurde lagen oerinoarhinne, liedt de ferminging fan komplemintêre kleuren ta it ûntstean fan swart. En by partitive kleurminging, ta einbeslút, mei dekkende ferve op rutense stof, liedt it mingen fan komplemintêre kleuren ta it ûntstean fan griis.

In kleuresirkel. De hoeken fan 'e trijehoek wize de 'suvere' kleuren read, grien en blau oan.

By additive kleurminging bewurkje seksje

By additive kleurminging hâlde komplemintêre kleuren ferbân mei-inoar yn 'e sin dat as in kleure foarwerp beskynd wurdt mei wyt ljocht, de kleur wjerkeatst en de komplemintêre kleur absorbearre wurdt. As in kleur en syn komplemintêre kleur byinoar opteld wurde, leveret dat wyt ljocht op.

By subtraktive kleurminging bewurkje seksje

By subtraktive kleurminging fan bgl. inket of ferve wurdt ek gebrûk makke fan komplemintêre kleuren. Yn it net-wittenskiplike tradisjonele kleursysteem dat bgl. troch keunstskilders hantearre wurdt, binne de meast foarkommende komplemintêre kleuren:

Guon lju hechtsje oan dy yndieling om't se de neamde tradisjonele komplemintêre kleurepearen as harmonysker beskôgje as dy dy't yn 'e wittenskip brûkt wurdt. Dêrom wurde de boppeneamde kleurepearen ek wol oantsjut as 'harmonyske kleurepearen'.

Yn it wittenskiplik en natuerkundich korrekte kleursysteem binne de komplemintêre kleurepearen lykwols:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.