Ljochtblau is in kleur dy't beskôge wurdt as in ljochte tint fan blau. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is it in tertiêre kleur dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch ferminging fan 'e primêre kleuren syaan en maginta (mei yn 'e praktyk ek wat swart).

ljochtblau
kleurkoördinaten
heksadesimaal #ADD8E6
RGBª (rgb) (173, 216, 230)
CMYKº (cmyk) (25, 6, 0, 10)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Ljochtblau yn oare talen bewurkje seksje

Yn it Russysk en guon oare talen bestiet gjin alomfetsjend wurd foar de kleur 'blau', mar binne der ynstee ferskillende wurden foar ljochtblau (Russysk: голубой, goluboj) en dûnkerblau (Russysk: синий, sinij). It Aldgrykske wurd foar 'ljochtblau', glaukos, koe ek ferwize nei ljochtgrien, griis of giel. Yn 'e moderne Grykske taal wurdt ljochtblau (γαλάζιο, galázio) ûnderskaat fan blau (μπλε, ble). Itselde is it gefal yn it Hebriuwsk, dat in wurd foar ljochtblau hat (תכלת, tšelet) en in oar wurd foar blau (כחול, kačol).

 
Aalskrúkblommen.

Assosjaasjes bewurkje seksje

Ljochtblau wurdt oer it algemien beskôge as in rêstjaande kleur. Om't it de kleur fan wetter is, wurde badkeamers faak yn ljochtblau ferve of betegele.

Ljochtblau wurdt yn 'e Westerske wrâld benammen assosjearre mei manlikheid. It gebrûk fan 'e kleur as in symboal foar jonges komt in protte foar, benammen as it om poppen of pjutten giet. Yn kontrast dêrmei wurdt rôze brûkt foar famkes. Opmerklikernôch wie dat fanôf likernôch 1910 oant yn 'e 1940-er jierren krektoarsom. Blau waard doedestiden beskôge as de kleur foar famkes, mei't it yn 'e skilderkeunst tradisjoneel brûkt wie as symboal foar de Faam Marije. Rôze, oan 'e oare kant, waard brûkt foar jonges, om't it in ôfswakke foarm wie fan read, dat doedestiden as de manlike kleur by útstek beskôge waard.

Yn Ruslân wurdt ljochtblau (голубой, goluboj) beskôge as de kleur dy't homoseksualiteit tusken manlju symbolisearret. Rôze (розовый, rozovyj) dat yn it Westen ornaris mei homoseksualiteit tusken manlju assosjearre wurdt, is yn Ruslân de symboalkleur foar lesbiënnes.

Yn 'e histoaryske Dútske atlassen is Dútslân altyd ljochtblau ynkleure. Oare fêste kleuren yn sokke atlassen binne rôze foar it Feriene Keninkryk, pears foar Frankryk en ljochtgrien foar Ruslân.

In spesifike, wat nei turkwaze niigjende tint fan ljochtblau is de nasjonale kleur fan Kazachstan. Dy tint hjit offisjeel turquoise surf, mar wurdt yn 'e regel oantsjut as Kazachsk blau. De Kazachske flagge is foar it meastepart yn dy kleur. Oare lannen mei ljochtblau as dominante kleur fan 'e nasjonale flagge binne Argentynje, de Bahama's, Botswana, Fidzjy, Mikroneezje, Palau, Somaalje en Tûvalû. Yn 'e measten fan dy flaggen stiet de kleur ljochtblau symboal foar wetter of de see.

De kleur ljochtblau of syaan wurdt yn it hindoeïsme assosjearre mei de fyfde chakra, dy fan 'e kiel. De god Shiva, de ferneatiger, wurdt dêrom werjûn mei in ljochtblauwe of syaankleurige hûdskleur. Hy soe fergif ynnommen hawwe by syn besykjen om 'e striid tusken de goaden en de demoanen yn it foardiel fan 'e goaden te besljochtsjen. It trochslokken fan it gif wurdt yn ferbân brocht mei de kiel, en sadwaande mei de fyfde chakra en de kleur syaan.

Tinten ljochtblau bewurkje seksje

 
De flagge fan Kazachstan.
 
Stikelsturtblau is in tint ljochtblau dy't neamd is nei de rôze stikelsturt. It is de kleur fan 'e snaffel fan dy fûgel.
ljochtblau #ADD8E6                         
aalskrúk #CCCCFF       
aero #7CB9E8       
air superiority blue #72A0C1       
akwa #00FFFF       
Aliceblau #F0F8FF       
Argentynsk blau #6CB4EE       
azuerwyt #F0FFFF       
babyblau #89CFF0       
blaugriis #6699CC       
Cambridgeblau #A3C1AD       
Columbiablau #B9D9EB       
donkerhimelsblau #8CBED6       
elektrysk blau #7DF9FF       
fealsyaan #87D3F8       
fluorisearjend blau #15F4EE       
Frânsk himelsblau #77B5FE       
griisblau #8C92AC       
hyasintblau #A2A2D0       
himelsblau #87CEEB       
iisberch #71A6D2       
iisblau #99FFFF       
kadetgriis #91A3B0       
Karolinablau #4B9CD3       
Kazachsk blau (turquoise surf) #00AFCA       
libben himelsblau #00CCFF       
ljochthimelsblau #87CEFA       
loftmachtblau #5D8AA8       
Mayablau #73C2FB       
moarnsblau #8da399       
poeierblau #B0E0E6       
printersyaan #00B7EB       
readboarstaaikeblau #00CCCC       
seleste #B2FFFF       
syaan #00FFFF       
stikelsturtblau (ruddy blue) #76ABDF       
Tiffanyblau #81D8D0       
Uranusblau #AFDBF5       
wyld blau jinsen (wild blue yonder) #A2ADD0       

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.