In flagge is in stik tekstyl dat yn de measte gefallen earne symboal foar stiet. In flagge wurdt normaal sprutsen ophong oan in flaggestôk of flaggemêst. It wurd 'flagge' komt in protte foar yn sprekwurden.

De Fryske flagge yn de top fan in flaggemêst.

Flaggen ha yn in protte gefallen in militêre betsjutting. It is bekend dat de Romeinen sinjalen trochjûnen mei flaggen. Yn de midsiuwen waarden flaggen in protte brûkt om de lieder oan te jaan. Eltse lieder hie faak in eigen symboal. Hjoeddeis wurd dit hieltyd noch in protte brûkt. Yn de tiid foar de krústochten ûntstie yn Flaanderen de gewoante om dizze symboalen ek op it skyld te tekenjen. Hjir is de heraldyk letter ek út ûntstien. Tsjintwurdich hawwe sawat alle lannen, provinsjes, stêden, doarpen, bedriuwen en ferienings harren eigen flagge.

Flaggen ha in ferskaat oan funksjes. Sa stiet in flagge yn de measte gefallen symboal foar bygelyks in lân, provinsje of oare organisaasje. Se jouwe oan wêr’t sa'n organisaasje foar stiet en wat de skiednis fan de organisaasje is.

Flaggen ha in belangrike funksje yn de skipfeart. Eltse boat fart ûnder de flagge fan it lân wêr’t de boat registrearre stiet. Sadwaande jilde dan ek de rjochten út dat lân oan board. Ek op fleantugen wurdt dit tsjintwurdich brûkt.

Yn de sport wurde flaggen ek in protte brûkt. Sa kin by it fuotbal de grinsrjochter oanjaan mei syn flagge oft de bal oer de line is of dat der in oertrêding makke is. Yn de auto- en motorracerij kin mei flaggen in ferskaat oan sinjalen jûn wurde.

Soarten flaggen

bewurkje seksje

Der binne in protte soarten flaggen. In saneamde banier is in flagge wêrfan de hichte grutter is as de lingte fan de flagge. In findel wurdt yn it leger brûkt foar mobile ienheden. In wimpel is in lange smelle flagge. In wimpel is oan minder regels bûn. Sa mei in flagge neidat de sinne ûnder is net mear yn in flaggemêst hingje, wylst dit mei in wimpel wol mei.

 
Flaggen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje