In kultureel ikoan is eat dat troch leden fan 'e beskate kultuer beskôge wurdt as represintatyf foar (in diel fan) dy kultuer. Dêrby kin it gean om in foarwerp, in abstrakt begryp of sels in persoan. De kulturele ikoanen wurde beoardiele op 'e mjitte wêryn't se as in autentike fertsjintwurdiger fan 'e oangeande kultuer sjoen wurde kinne, en dat proses is sterk subjektyf bepaald. As yndividuën eat gewaarwurde dat in kultureel ikoan wêze kinne soe, ferlykje se dat mei harren eigen algemiene waarnimming fan 'e oangeande kultuer. Sa sil in beskaat ding troch de iene persoan wol en troch in oarenien net as ikoan fan in beskate kultuer beskôge wurde. Guon dingen binne lykwols sa sterk mei in beskate kultuer ferweve, dat se rûnom as represintatyf foar dy kultuer ornearre wurde.

Apeltaart, honkbal en de Amerikaanske flagge binne trije kulturele ikoanen fan 'e Feriene Steaten.

Foarbylden bewurkje seksje

Kulturele ikoanen kinne symboalen fan nasjonaliteit of etnisiteit wêze, lykas in flagge of in wapen. It kinne lykwols ek gebrûken, klaaiïngs of sporten wêze, soarten iten, bisterassen, ensfh. In stikmannich foarbylden:

Guon kulturele ikoanen wurde benammen binnen de eigen groep as sadanich beskôge. Sa fine de measte Amerikanen dat apeltaart wat typysk Amerikaansk is, wylst de measte lju fan bûten de Feriene Steaten der neat spesifyk Amerikaansk yn sjen sille.

Oarsoartige ikoanen bewurkje seksje

Kulturele ikoanen moatte net betize wurde mei popikoanen, d.w.s. ikoanen út 'e popkultuer. Yn dat ramt wurde in soad dingen en persoanen wol omskreaun as 'ikoanysk', wylst se net of mar amperoan beklibje. In soad maatskippijkritisy binne dêrom fan betinken dat de term 'ikoanysk' tefolle brûkt wurdt. Noch wer in hiel oar soarte ikoanen binne religieuze ikoanen. Dy kinne lykwols ek ta kulturele ikoanen wurde yn maatskippijen dêr't religy en kultuer sterk mei-inoar ferfrissele binne. Sa kinne ôfbyldings fan 'e Madonna in kultureel ikoan wurde yn lannen mei in sterke roomske tradysje, lykas Itaalje, Spanje of Meksiko. En ôfbyldings fan 'e mei in oaljefanteholle bejeftige hindoeïstyske god Ganesja kinne yn (parten fan) Yndia beskôge wurde as kulturele ikoanen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.