Horatio Nelson
Ficeadmiraal Horatio Nelson, boarchgreve Nelson, hartoch fan Bronte (29 septimber 1758 – 21 oktober 1805) wie in Britsk admiraal en wurdt sjoen as de wichtichste Britske tsjinstanner op see fan Napoleon Bonaparte.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Jonge jierren
bewurkje seksjeHoratio Nelson waard berne yn Burnham Thorpe, Norfolk, Ingelân as sechde fan de alve bern fan Edmund Nelson en syn frou Catherine. Syn mem stoar op 26 desimber 1767, doe't er njoggen jier wie. Nelson krige oant syn tolvde ûnderrjocht oan de Paston Grammar School yn North Walsham en dêrnei oan King Edward VI’s Grammar School yn Norwich.
Nelson syn karriêre begûn 1 jannewaris 1771 doe't er him as Ordinary Seaman oanmelde op de HMS Raisonnable. De kaptein fan dat skip wie syn omke, Maurice Suckling. Rillegau waard er adelborst en sette er mei syn ofsiersoplieding út ein.
Militêr wurkpaad
bewurkje seksje- Matroas: 1 jannewaris 1771
- Midshipman:
- Luitenant-op-see: april 1777
- Commander: 8 desimber 1778
- Rear Admiral of the Blue: 20 febrewaris 1797
- Rear Admiral of the Red: 14 febrewaris 1799
- Vice Admiral of the Blue: 1 jannewaris 1801
- Vice Admiral of the White: 23 april 1804 (op see befoardere)
- Colonel yn de Royal Marines