In fise-admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is luitenant-generaal, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is luitenant-generaal of loftmaarskalk. De oansprektitel fan in fise-admiraal is "admiraal". De boppelizzende rang is admiraal (mar yn Nederlân luitenant-admiraal), en de ûnderlizzende rang is skout-by-nacht. De letterlike betsjutting fan 'fise-admiraal' is (krekt as by 'luitenant-admiraal') "plakferfanger fan 'e admiraal".

Yn 'e tiid fan 'e sylskippen wie de fise-admiraal dejinge dy't it befel fierde oer it foarste eskader fan 'e float, dat it earste mei de fijân yn gefjocht rekke. Yn 'e praktyk is by de Nederlânske marine de rang fan fise-admiraal tsjintwurdich de heechst helbere. De rang fan admiraal bestiet nammentlik formeel net mear en de rang fan luitenant-admiraal wurdt noch mar selden beklaaid (inkeld as de kommandant fan de striidkrêften ôfkomstich is út 'e marine.

Skematysk oersjoch

bewurkje seksje

Oersjoch fan 'e fise-admiraalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

bewurkje seksje

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-8
  luitenant-generaal
generaal
  fise-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal)
  luitenant-generaal
generaal
  luitenant-generaal
generaal

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.